Carl Jung: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 71 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q41532
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ca:Carl Gustav Jung is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Jung wie de soan fan in [[dûmny]]. Hy folge yn [[Bazel (Switserlân)|Bazel]] it gymnasium en studearre dêr fan [[1895]] ôf medisinen. Yn [[1902]] promovearre hy op in stúdzje oer syn efternicht [[Hélène Preiswerk]], dy't har presintearre as [[medium (esotery)|medium]], mar letter troch syn mei-studinten fan bedroch betrape waard.
Yn [[1903]] boaske hy mei Emma Rauschenbach (1882-1955). Sy krigen tegearre fiif bern.
 
Rigel 15:
 
== Betsjutting en opfettings ==
Jung hat grutte ynfloed hân op it mêd fan de [[Djiptepsychology|djiptepsychology]], de [[Analytyske psychology|analytyske psychology]] en de [[Godstsjinstpsychology|godstsjinstpsychology]].
 
Neffens de opfettings fan Jung wurdt it gedrach fan de minske foar in wichtich part bepaald troch syn drang om te libjen. Troch Jung wurdt dy ynderlike libbensdrang, it [[libido]] neamd. Hy ferskilde mei Freud fan ynsjoch wat dêroan ten grûnslach leit, nammentlik dat dêr op it foarst plak net in seksuele oarsprong ten grûnslach leit (Freud), mar earder in religieuze (yn de romste sin fan it wurd). Hy wie fan betinken dat it wêzen fan de minske, útsein troch it persoanlike [[bewustwêzen]] ek, en gruttendiels, foarme wurdt troch wat hy it ''[[kollektyf ûnbewuste]]'' neamde, in as it wiere genetysk oererfd diel fan it ûnderbewust wêzen, in psychysk gebiet, dat neffens syn lear troch alle fertsjintwurdigers fan in ras of soart dield wurdt. Op grûn fan dizze útgongspunten ûntwikkele Jung de lear fan de ''[[argetype (model)|argetypen]]''. Dy argetypen, begripen lykas it skaad, de ivige jongere, de boaze geast, de held ensafuorthinne, binne om samar te sizzen oerlevere, funksjonele oer-driuwfearren of 'ûnderfinings' dy't de persoanlikheid fan de minske struktuer jouwe. Se drukke har út yn bylden dy't faak te finen binne yn ús [[dreamen]], mar likegoed yn [[mearkes]] en [[myte|myten]]n en foarmje it boarnemateriaal fan eltse [[religy]].
 
It sintrale doel fan Jungs psychology is it yndividuaasjeproses of de selsferwêzentliking. Neist it 'ik' of 'ego' ûnderkent Jung it 'sels': in totaliteit om it 'ik' hinne dat sawol it bewuste as it ûnbewuste diel fan de persoanlikheid omfettet. Dat ûnbewuste diel, it persoanlik ûnbewuste dus, stiet yn ferbining mei de djipper lizzende laach fan it [[kollektyf ûnbewuste]], dêr't it persoanlike ûnbewuste yn wezen mar in lyts stik fan útmakket, neat mear as in soart boppelaach. It kollektyf ûnbewuste is in prinsipe net beheind, en de 'alderdjipste lagen' derfan sels binne nea bewust te meitsjen. De realisaasje fan it 'sels' is in proses dat kenmerke wurdt troch de ferieniging fan tsjinstellings yn de minske: goed en kwea, ljocht en skaad, binnen en bûten.
 
Jung is nei alle gedachten noch it meast bekend wurden troch syn [[Typology|typology]]. Yn syn boek ''Psychologyse typen'' út [[1917]] hat er de fjouwer basistypen fan de minsklike persoanlikheid útwurke. Hy stelt dêrby kontrastearjende funksjes foar elkoar oer: tinken en fielen, persepsje (waarnimming) en [[yntuysje]], dêr't eltse funksje om saamar te sizzen de poal is fan in sirkel, dat it 'sels' neamd wurde kin. Ien fan dy poalen is by eltse basistype dominant. In bykommende, wichtige faktor is of de psyche nei binnen ta (''yntrovert'') of nei bûten (''ekstrovert'') rjochte is. Foar ûntwikkeling en hiel wurding yn de sin fan it yndividuaasjeproses, is it neffens Jung nedich, dat net allinnich it dominante basistype ûntwikkele wurdt, mar ek, fia de sydwertse poalen, it foar elkoar oer lizzende, dat him it meast yn it [[ûnbewuste]] befynt. Lykwols is it ús minsken net jûn om al dy gebieten folslein yn it 'ljocht fan it bewustwêzen' dwaan te krijen, jin kin dy ferljochte tastân inkeld benaderen. Op it paad dêrhinne kin neffens Jung de analyze fan dreamen in helpmiddel wêze, mar ek de analyze fan ús 'skaad'-figueren, lykas ús ûnbewuste manlike of froulike tsjinpoalen, de saneamde [[animus]] by froulju en de [[anima]] by manlju.
 
It systeem fan Jung is heechst yngewikkeld en syn wurk, lykas dat fan Freud kenmerke troch in grut tal nije konsepten en prinsipes.
 
== Literatuer ==
* Jung c.s. (1966) ''De mens en zijn symbolen.'' Rotterdam, Lemniscaat.
* Brome, Vincent (1978) ''Jung - Waarheid en Legende, een biografie.'' Rotterdam, Lemniscaat.
* Jung, C.G. (1976) ''Herinneringen, Dromen, Gedachten, een autobiografie.'' Rotterdam, Lemniscaat.
* Jacobi, Dr. Jolande (1992)''De psychologie van Carl. G. Jung, een inleiding tot zijn werk.'' Cothen, Servire.
* Alt, Franz (1998) ''Das C.G. Jung Lesebuch'' - Ausgewählt van Franz Alt; Zürich/Düsseldorf, Walter Verlag.
* Van der Post, Laurens (1976) ''Jung and the Story of our Time'', Londen, The Hogarth Press.
* Hannah, Barbara (2000) ''Jung, zijn leven en werk.'' Deventer, Ankh-Hermes.
Rigel 44:
[[Kategory:Psychiater]]
[[Kategory:Psycholooch]]
 
{{Link GA|ca}}