Ferskil tusken ferzjes fan "Jamaika"

13 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
Robot: de:Jamaika is een goed artikel; tekstwiziging
L (→‎Religy: kat)
L (Robot: de:Jamaika is een goed artikel; tekstwiziging)
It eilân Jamaika rint oer in lingte fan 235 km yn east-westlike rjochting. Yn it easten dominearje de [[fulkaan|fulkanyske]] "Blue Mountains" dêr't de westlike útrinners ticht beboske fan binne en trochsnien mei net tagonklike kleauwen. It gloaiende, troch [[karst]] oantaaste heechlân rint meastentiids steil ôf nei de kust.
 
De grutte stêden fan it lân, û.o. de haadstêd [[Kingston]], Portmore, Spanish Town, Mandeville, Ocho Ríos, Port Antonio, Negril, en Montego Bay lizze oan de kust. Kingston Harbour is ien fan de grutste natuerlike havens yn de wrâld. Oer it eilân ferspraat binne ferskate toeristyske attraksjes, te witten: [[Dunn's River Falls]] yn St. Ann, [[YS Falls]] yn St. Elizabeth, de Blue Lagoon yn Portland, en Port Royal. De moaie kusten lûke in protte badgasten.
 
It klimaat op Jamaika is [[Tropysk klimaat|tropysk]] mei meastentiids hjit en fochtich waar. Jamaika leit yn de [[orkaan]]sône fan de [[Atlantyske Oseaan]], mei as gefolch dat it eilân betiden te krijen hat mei swiere stoarmskea. De Orkanen "Charlie" en "Gilbert" rekke it eilân yn 1951 en 1988, en feroarsake grutte skea mei protte slachtoffers. Yn it begjin fan de [[21e ieu]] hawwe de orkanen "Ivan", "Dean", en "Gustav" allyksa Jaimaka in protte ûngemak brocht.
 
== Skiednis ==
== Demografy ==
=== Befolking ===
De befolking fan Jamaika bestiet foar it grutste part út ôfstammelingen fan negerslaven út [[Afrika]] en minsken fan mingde komôf.
 
=== Taal ===
 
=== Religy ===
Om-ende-by 65,% fan de Jamaikaanske befolking is [[kristendom|kristlik]]. De grutste part hjirfan heart ta de [[Anglikanisme|Anglikaanske]] tsjerk. Dêrneist hat it eilân in ûntelber oantal [[Protestantisme|protestantke]] tsjerkemienskippen en evangelyske bewegingen. It leauwen wurdt op Jamaika op in tige yntinse wize, mar yn it deistige libben meastentiids bysûnder [[frijsinnich|frijsinnige]], wize belibbe. De grutste net-kristlike religy is de [[rastafarybeweging]].
 
{{commons|Jamaica}}
 
[[Kategory:Jamaika]]
[[Kategory:Lân yn it Karibysk Gebiet]]
 
{{Link GA|de}}
45.954

bewurkings