Neuengamme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:KZ Neuengamme is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
=== Konsintraasjekamp ===
It kamp waard [[13 desimber]] [[1938]] iepene. As dependânse fan [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]] wie it kamp yn it earstoan ornearre foar húsfesting fan arbeiders foar it pleatslike [[Schutzstaffel|SS]] stienfabryk. [[Juny]] [[1940]] waard Neuengamme in selstannich kamp. It haadkamp fan 213.000 kante meter, fong de measte minsken op, mar yn Noard-Dútslân leine noch 92 saneamde bûtenkampen dy't bestjoerlik ûnder Neuengamme hearden. Sels it kanaaleilân [[Alderney]] hie in bûtenkamp. Dy bûtenkampen bestiene faak mar in koart skoft. Yn 1944 wienen der tagelyk 60 yn it wurk. De minsken yn de kampen, út sa'n 28 lannen, wienen meast [[kriichsfinzene]]n, [[gizelder]]s, [[fersetsstrider]]s, [[Joaden]], [[sigeuner]]s, [[homoseksualiteit|homoseksuelen]] en [[Jehova's tsjûgen]]. De SS die alle war om de morele en psychyske wjerstân fan de finzenen te brekken. De barakken sieten grôtfol, sanitêre foarsjennings wiene der fierstentemin en persoanlike romte wie der net. Mei te min en min iten, moast swier arbeide wurde; in dei hie benei gjin lins. Neuengamme hie gjin [[gaskeamer]]s of oare metoaden om grutte kloften minsken te deadzjen. Dochs stoaren der 55.000 minsken yn it kamp troch te min iten, tramtearring en epidemyen. Yn de oarloch sieten sa'n 106.000 lju yn Neuengamme. It heechste finzenenûmer, dat yn de deadeboeken fernijd wurdt, is 87.067.000
 
Rigel 36:
[[Kategory:Plak yn Dútslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Dútslân]]
 
{{Link GA|de}}