Samoerai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Samûray to Samûrai: gjin inkelde reden om dit wurd op in "y" einigje te litten
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Samurai is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 9:
Yn it iere Heiantiidrek hawwe inkele aadlike famyljes, wêrûnder de [[Fujiwara (famylje)|Fujiwara]] spesjale troepen oprjochte om harren machtsposysjes feilich te stellen. Ek waarden dy troepen troch keizer [[Kammu]] ynsetten om it lân helpen by it ferienigjen en opstannen del te slaan. Dy samûraikrigers omskreaune harsels as folgers fan it paad fan de kriich, oftewol de [[Bushido]]. Wat ynhâlde dat it swurd de siel fan in samûrai wie. In samûrai moast dat altyd by him drage as syn foarnaamste wapen. It moast mei respekt behandele wurde. In swurd kwytreitsje waard as in skande beskôge en der hawwe guons west dy't dêrfoar [[seppuku]] (ek wol bekend as harakiry, 切腹) plige. It goed mei it swurd omgean kinne, hiet [[ken-jutsu]]. Mei jiu-jiutsu en oare feardichheden is ken-jitsu ûnderdiel fan [[budo]], de Japanske kriichskeunsten.
 
De samûrai yn eardere tiden wienen net allinnich bedreaun yn it fjochtsjen mei wapens lykas it swurd, mar hja bekwamen har ek yn selsferdigening sûnder gebrûk fan wapens, lykas it [[jiujitsu]]. In samûrai moast himsels ek sûnder wapens rêde kinne. Ek kalligrafy en ikebana, it blomskikken wiene feardichheden dy't sy behearskje moasten.
 
Yn de rin fan de tiid waarden de samûrai troch bannen mei aadlike famyljes en it keizerlik hof machtich genôch om sels in oerheid te foarmjen. De macht fan regionale klens naam ûnder harren tafersjoch ta. Nei de [[Gempei-oarloch]] waard [[Minamoto no Yoritomo]] de earste [[Shogun]] fan Japan en fan dat stuit ôf wienen de befelhawwers yn it lân samûrai. Yn [[1192]] rjochte [[Seii Taishogun]] it [[Kamakura-shogunaat]] op.
Rigel 119:
{{Link FA|es}}
{{Link FA|ms}}
{{Link GA|de}}