Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Völkermord an den Armeniern is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
{{wrapper}}
[[Ofbyld:Armenian_population_map_1896.jpg|thumb|right|260px|De regio's mei Armeenske befolking yn it easten fan [[Anatoalje]] en de [[Transkaukaazje]] yn 1896.]]
|-
||[[Ofbyld:Van Defenders.jpg|thumb|260px|right|Armeenske partizane-ienheid yn gefjochtsliny foar it Turkske leger oer ûnder de stêd [[Van (stêd)|Van]], maaie 1915.]]
Rigel 17:
Armeenje hat fan de [[15e ieu]] ôf diel útmakke fan it [[Ottomaanske Ryk]]. Yn de [[19e ieu]] wie dat ryk yn ferfal rekke en troch ferskillende krigen mei de tsaar fan [[Ruslân]] grûn kwyt rekke. Nei de [[Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878)|Russysk-Turkske Oarloch]] yn [[1878]] easken de meast [[Arameensk-ortodokse Tsjerke|Armeensk-ortodokse]] herfoarmingen wêrûnder stimrjocht en in ein oan de diskriminaasje fan kristenen. Troch [[Sultan]] [[Abdul Hamid II]] waard mei hurde hân optrede en op syn befel waarden tûzenen Armeenjers yn it lân fermoarde.
 
Yn 1908 waard yn Turkije de macht grypt troch de [[Jonge Turken]]. Dy machtsoername waard ynearsten troch de Armeenjers stipe. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] keas it Ottomaanske ryk de side fan [[Dútslân]] en rekke it lân yn oarloch mei [[Ruslân]]. De Armeenjers woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdraggen mei de Britten en de Russen. Dy ferdraggen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armeenje yn de eastlike provinsjes fan [[Anatoalje]] mooglik meitsje.
 
Yn dat gebiet wennen doe in soad Armeenjers en in part fan Armeenje foel al in skoft ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske side fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Ek kamen ferskillende groepen Armeenjers yn opstân, ûnder oare yn de steden [[Fan (stêd)|Fan]] en [[Zeytun]] ([[Süleymanly]]).
Rigel 84:
[[Kategory:Skiednis fan Turkije]]
[[Kategory:Earste Wrâldkriich]]
 
{{Link FA|ru}}
{{Link GA|de}}