Hazze: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 50 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q26838 (translate me)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:European hare is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
{{Soarte útwreide|
Ofbyld= [[FileOfbyld:Feldhase Schiermonnikoog.JPG|250px]]|
Ryk= [[Dieren]] (''Animalia'')|
Stamme= [[Rêchstringdieren]] (''Chordata'')|
Rigel 11:
}}
 
[[FileOfbyld:European Hare area.png|right|thumb|300px|Fersprieding fan 'e hazze, sawol lânseigen (dûnker-read), as útlânsk (ljochtread).]]
De '''hazze''' ([[Latyn]]ske namme: ''Lepus europaeus''), om ûnderskie te meitsjen mei oare hazzesoarten ek wol de '''Jeropeeske hazze''' neamd, is in [[hazze-eftigen|hazze-eftige]] dy't yn [[Fryslân]] rûnom foarkomt.
 
== Fersprieding ==
De hazze is lânseigen yn hast hiele [[Jeropa]] (mei útsûndering fan [[Skandinaavje]], de [[Britske Eilannen]], it grutste part fan it [[Ibearysk Skiereilân]] en de eilannen yn 'e [[Middellânske See]]) en fierders yn [[Lyts-Aazje]] en yn parten fan [[Sintraal-Aazje]] en súdwestlik [[Sibearje]]. As [[eksoat]] komt er ek foar yn [[Ingelân]], [[Wales]] en [[Skotlân]], yn súdlik [[Sweden]], op [[Korsika]], yn in beheind part fan it easten fan 'e [[Feriene Steaten]], yn it súdlikste trêdepart fan [[Súd-Amearika]], yn eastlik en súdeastlik [[Austraalje (lân)|Austraalje]], op [[Tasmaanje]] en yn hiele [[Nij-Seelân]].
 
== Uterlik ==
De kop-romplingte fan 'e hazze bedraacht likernôch 50-65 sm; de sturt (hier ynbegrepen) 8½-12 sm. Syn gewicht fariëarret fan 2½-6 kg. De efterpoaten, dy't er brûkt om mei ôf te setten, binne folle grutter as de foarpoaten, en hawwe in lingte fan 12-16 sm. De lange en tige draaibere earen binne 9-12 sm lang. De hazze is de [[wylde knyn]] net wanlyk, mar hat in foarser foarkommen en hat gruttere poaten en langere earen mei swarte úteinen dy't wylde kninen net hawwe. Op 'e rêch is de hazze griisbrún of gielbrún, en ûnder de bealch witich. Op [[heide]] binne hazzen gauris wat donkerder fan kleur. De sturt wurdt ûnder it draven sa holden dat de donkerbrune of swartige boppekant te sjen is (wylst de knyn sines omheech hâldt en de wite ûnderkant toant). Hazzen en kninen wurde tsjintwurdich net mear ta de [[kjifdieren]] rekkene, al binne se lang wol as sadanich beskôge.
 
== Biotoop ==
[[FileOfbyld:Running hare.jpg|thumb|250px|left|Hazze dravend yn it iepen fjild.]]
Fan oarsprong libbet de hazze op [[steppe|steppen]]n en yn wat iepener wâlden, mar yn Jeropa hat er him oanpast oan [[kultuerlânskip|kultuerlânskippen]]pen fan sawol [[lânbou]] as [[feehâlderij]]. De hazze is in skruten bistke en komt net in protte foar yn tichtbefolke gebieten. Rêst hâldt de hazze by foarkar op plakken dêr't wat beskutting is, lykas by hagen, beamwâlen en sleatskanten lâns of yn heger gers of tusken de fuorgen fan ploege boulân. Ek syn leger, in ûndjip kûltsje yn 'e begroeiïng, makket er it leafst op sokke plakken. Mei't de hazze oer in goede skutkleur beskikt en dêrop fertrout, kin men him faak hiel ticht benei komme sûnder him opmurken te hawwen, oant de moed him ûntsinkt en er ynienen fuortspringt. Yn folle faasje kin de hazze 65 km yn 'e oere gean.
 
== Hâlden en dragen ==
De hazze is eins fierhinne in [[nachtdier]], al is er fral simmerdeis ek yn 'e skimer en oerdeis wol aktyf. It grutste part fan it jier libbet er solitêr, mar as yn 'e djoeitiid (desimber oant augustus) de moerhazzen [[tyldrift|jachtich]] binne, wurde se neisitten troch gauris ferskate rammen, dy't inoar dêrby befjochtsje. De moerhazze huft sels trouwens ek fan har ôf, ntl. troch te "boksen" mei de efterpoaten. De draachtiid duorret in 40 dagen, en fan febrewaris oant oktober kin ien hazze wol trijeris smite, wylst eltse smeet bestean kin út 1-5 of inkeldris 6 jongen. Dy jongen wurde behierre en mei iepen eagen berne en harren sûchtiid duorret likernôch 30 dagen. 50% fan 'e jongen stjert yn 'e earste moanne, wylst fan 'e rest de measten net âlder wurde as in jier, ek al kin de hazze yn it wyld yn teory op syn minsten 7 jier wurde.
 
== Fretten en lûd ==
Hazzen binne [[herbivoar|plante-iters]] dy't winterdeis benammentlik tarje op gers en simmerdeis op krûden lykas [[klaver]]. As hja der de kâns ta krije, ite se ek graach guon lânbouprodukten ([[nôt]], [[maïs]], [[jirpel|jirpels]]s, [[earte]]). By hege snie stelle se har tefreden mei it fretten fan strewelletwigen en beamskoars. Se meitsje net in protte leven, al kinne se somtiden in gnoarjend of fluitsjend lûd fuortbringe.
 
== Status ==
De hazze hat de [[Reade List fan de IUCN|IUCN-status]] fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Likegoed giet de hazzepopulaasje der yn 'e measte lannen op efterút, mei't er sjoen wurdt as in skealik bist en sadwaande faak bejage wurdt.
 
== Opsomming fan ûndersoarten ==
Der binne 15 erkende ûndersoarten fan 'e hazze:<ref>Hoffman, R.S., en Smith, A.T., ''Order Lagomorpha''</ref>
* ''Lepus europaeus caspicus''
* ''Lepus europaeus connori''
* ''Lepus europaeus creticus''
* ''Lepus europaeus cyprius''
* ''Lepus europaeus cyrensis''
* ''Lepus europaeus europaeus''
* ''Lepus europaeus hybridus''
* ''Lepus europaeus judeae''
* ''Lepus europaeus karpathorum''
* ''Lepus europaeus medius''
* ''Lepus europaeus occidentalis''
* ''Lepus europaeus parnassius''
* ''Lepus europaeus ponticus''
* ''Lepus europaeus rhodius''
* ''Lepus europaeus syriacus''
* ''Lepus europaeus transsylvanicus''
 
== Hazze yn it Frysk ==
[[FileOfbyld:Cottontail Hungary analog photo 1983 slide scan.jpg|thumb|200px|right|In hazzekop.]]
Yn it [[Frysk]] binne der in protte sprekwurden en siswizen mei de hazze, dy't almeast ferwize nei syn ûnderstelde eangstme of leffens of nei syn fluggens.
* ''In hazze'' (bangeskiter).
Rigel 81:
[[Kategory:Sûchdier]]
[[Kategory:Hazze-eftige]]
 
{{Link GA|en}}