Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red hiele side + oanfolling
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Harry Potter and the Philosopher's Stone is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:J. K. Rowling 2010.jpg|thumb|right|300px|De skriuwster [[J.K. Rowling]] ([[2010]]).]]
'''''Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Harry Potter and the Philosopher's Stone''''', is in [[fantasy (literêr sjenre)|fantasy]]-[[roman]] skreaun troch de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[auteur]] [[J.K. Rowling]]. It is it earste part fan 'e sândielige rige oer de tsjoenderslearling [[Harry Potter]]. It boek beskriuwt hoe't de haadpersoan ûntdekt dat er in [[tsjoender]] is en hoe't er yn syn earste jier op Swiniastate, in kostskoalle foar tsjoenderslearlingen, freonen en fijannen makket en de weromkear fan 'e tsjustere tsjoender Voldemort dwerseidet.
 
''Harry Potter and the Philosopher's Stone'' waard foar it earst publisearre op [[26 juny]] [[1997]] troch [[útjouwerij]] [[Bloomsbury Publishing|Bloomsbury]] te [[Londen]]. Nei in stadige start waard it boek in grut súkses; it wûn hast alle berneliteratuerprizen yn [[Grut-Brittanje]] en ek guon yn 'e [[Feriene Steaten]], berikte yn augustus [[1999]] de top fan 'e list fan [[bestseller]]s fan 'e ''[[New York Times]]'', en bleau dêr stean oant ein [[2000]]. It makke de skriuwster, dy't foartiid útkearingsberjochtige west hie, op slach ta miljonêr. Yn [[2001]] kaam der in ferfilming út troch de [[Hollywood]]-studio [[Warner Bros.]], dy't ek tige by tige súksesfol wie. In [[Frysk]]e oersetting fan it boek, troch [[Jetske Bilker]], waard útjûn yn [[2007]].
 
== Ynhâld ==
Sûnt syn heit en mem tsien jier lyn ferûngelokke binne, is Harry Potter grutbrocht troch syn omke en muoike, Hindrik en Petunia Mûzema. Dat binne aaklike lju, dy't harren eigen soan Melle bedjerre en Harry negerje; sa wennet er by harren yn 'e biezemkast ûnder de trep. Koart foar Harry syn alfde jierdei begjinne der brieven foar him te arrivearjen, dy't syn omke lykwols allegear ferbaarnd ear't Harry se ynsjen kin. Om oan 'e brieven te ûntkommen, giet it gesin op fakânsje nei in eilantsje, mar dêr binne se noch mar kwealk oankommen, of de [[healreus (mytysk wêzen)|healreus]] Rubeus Hagrid ferskynt en fertelt Harry wat syn omke en muoike al dy jierren foar him geheim holden hawwe.
 
Harry syn heit en mem wiene tsjoenders, dy't fermoarde binne troch Voldemort, de machtichste tsjustere tsjoender dy't ea libbe hat. Dyselde is lykwols op riedselige wize ferdwûn doe't er de ienjierrige Harry besocht dea te dwaan. Neitiid joegen de perfesters Albus Perkamentus en Minerva Oarling, it haad en adjunkt-haad fan 'e Tsjoendershegeskoalle Swiniastate, yn gearwurking mei Hagrid, dy't dêre de jachtopsjenner is, Harry op 'e noed fan syn omke en muoike. Hagrid docht út 'e doeken dat Harry sels ek in tsjoender is. It wie de bedoeling dat syn omke en muoike Harry tariede soene op syn erfskip, mar de Mûzema's binne Migels (lju dy't net tsjoene kinne) en wegerje te leauwen dat der sokssawat as tsjoenderij bestean kin. De ferneatige brieven stie yn dat Harry talitten wie ta Swiniastate, sa fertelt Hagrid, en hy makket oan Harry syn omke en muoike dúdlik dat tsjinwurking net mear dulde wurde sil.
Rigel 21:
Hy wurdt wekker yn 'e sikeboech fan 'e skoalle, dêr't perfester Perkamentus him fertelt er de konfrontaasje oerlibbe hat trochdat syn mem alve jier lyn har libben opoffere hat om him te beskermjen en trochdat Voldemort sokke leafde net begripe kin. Dêrom moast Voldemort ek diskear úteinlik de striid opjaan; hy hat Kwirrel efterlitten om te stjerren, mar sil no grif besykje om op in oare manear syn weromkear te bewurkmasterjen. Perkamentus seit ek dat de Stien fan 'e Wizen no ferneatige is, sadat dy nea wer yn ferkearde hannen falle kin. It boek einiget as Harry foar de simmerfakânsje weromkeart nei syn omke en muoike.
 
== Omslachtekst ==
{| class="wikitable vatop"
! Omslachtekst fan 'e Fryske oersetting
! Yn it Frysk fertaalde omslachtekst fan 'e Nederlânske oersetting
|-
| As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe.<br />
Hy ferlit de freeslike Migels dy't him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy't de tredde ferdjipping fan 'e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy't tige kostber of tige gefaarlik is. Miskien beide wol ...
| Harry Potter is in deagewoane, mar ûngelokkige jonge dy't sûnt de dea fan syn âlden by syn droege en smoarge omke en muoike wennet, yn 'e biezemkast ûnder de trep. Op in dei kriget er in geheimsinnige slûf. En dêrnei noch ien en noch ien. De brieveslûven feroarje Harry's hiele libben: hy wurdt rêden troch in woastling op in motorfyts en komt derefter wa't syn ferûngelokke âlders wienen.<br />
Mei in bysûndere trein dy't ôfreizget fan perron 9¾, bedarret er op Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, dêr't er in witwat leart oer biezemfleanen, magyske dranken en meunsters. Uteinlik moat Harry it opnimme tsjin syn aartsfijân Voldemort, in libbensgefaarlike tsjoender.
|}
 
== Ferfilming ==
Yn [[1999]] ferkocht Rowling de filmrjochten op 'e earste fjouwer ''Harry Potter''-boeken oan 'e Amerikaanske filmmaatskippij Warner Bros., nei't der grute wurdt foar £1 miljoen. Dêrby betong hja dat der oan it [[Grut-Brittanje|Britske]] karakter fan it ferhaal net toarnd wurde mocht. De ferfilming fan ''Harry Potter and the Philosopher's Stone'' kaam ''Harry Potter and the Sorcerer's Stone'' te hjitten, om't it boek yn 'e [[Feriene Steaten]] ûnder dy titel útbrocht wie (de Amerikaanske [[útjouwer]] tocht dat in boek mei it wurd "''philosopher''", "filosoof", yn 'e titel net ferkocht wurde soe). Ynternasjonaal waard foar de film lykwols al wer de titel ''Harry Potter and the Philosopher's Stone'' oanholden. It filmjen sette útein yn oktober [[2000]] en waard ôfrûne yn july [[2001]]. Op [[14 novimber]] [[2001]] gied er yn [[Londen]] yn premiêre. De film wie in grut súkses en brocht wrâldwiid mear as $974 miljoen op.
 
== Fryske oersetting ==
De [[Frysk]]e oersetting fan ''Harry Potter and the Philosopher's Stone'' kaam út op [[23 july]] [[2007]] by [[Utjouwerij Bornmeer]], doe noch te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], ûnder de titel ''Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen''. Dizze oersetting wie fan 'e hân fan [[Jetske Bilker]], dy't ek fan doel wie om 'e oare seis boeken yn it Frysk te fertalen. Troch ôffallende ferkeapsifers is it dêr spitigernôch lykwols nea fan kommen.
 
Rigel 48:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|en}}