Nancy Reagan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: es:Nancy Reagan is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Nancy Reagan.jpg|right|thumb|200px|Nancy Davis Reagan yn [[1983]].]]
'''Nancy Davis Reagan''', berne as: '''Anne Frances Robbins''' ([[New York (stêd)|New York]], [[6 july]] [[1921]]), is in rêstend [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[film]][[aktrise]], dy't fan [[1981]] oant [[1989]] as frou fan [[Ronald Reagan]] de ''[[first lady]]'' (presidintsfrou) fan 'e [[Feriene Steaten]] wie. Foartiid wie hja fan [[1967]] oant [[1975]] ûnder it gûverneurskip fan har man ''first lady'' fan 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. By syn libben hie se grutte ynfloed op Reagan. As presidintsfrou sette se har yn 't bysûnder yn foar de striid tsjin [[drugs]]. Nei it ferstjerren fan har man, yn [[2004]], nei in lange lijenswei om't er oanhelle rekke wie mei de [[sykte fan Alzheimer]], waard Davis in aktiviste foar [[stamselûndersyk]].
 
== Libben ==
=== Jonkheid en oplieding ===
Davis waard yn [[1921]] berne yn 'e [[New York (stêd)|Newyorkske]] wyk [[Manhattan]], as de dochter fan autoferkeaper Kenneth Seymour Robbins ([[1894]]-[[1972]]) en dy syn frou, de aktrise [[Edith Luckett]] ([[1888]]-[[1987]]). Har petemem wie de [[stomme film|stomme-filmfilmstjer]]stjer [[Alla Nazimova]]. Har âldelju giene al foar har berte útinoar, en skieden koart dernei. Davis wenne har earste pear jier yn 'e Newyorkske ymmigrantebuert [[Flushing (Queens)|Flushing]], yn 'e wyk [[Queens (New York)|Queens]]. Dêrnei waard se seis jier lang grutbrocht troch har omke en muoike Audley en Virginia Gailbraith, yn [[Bethesda (Marylân)|Bethesda]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Marylân]], wylst har mem it hiele lân troch reizge op 'e siik nei aktearwurk.
 
Yn [[1929]], doe't Davis acht jier wie, wertroude har mem mei de foaroansteande en polityk konservative [[neurosjiruch]] Loyal Davis ([[1896]]-[[1982]]), dy't har yn [[1935]] formeel adoptearre. Davis en har styfheit koene as wyn en bôle, en se tsjutte him altiten oan as "heit". Hja wie berne as Anne Frances Robbins, mar waard fan 'e berte ôf oan al Nancy neamd; troch de adoptaasje troch Loyal Davis krige se syn efternamme. Loyal Davis naam syn nije gesin mei nei [[Chicago]], dêr't Nancy Davis har formative jierren trochbrocht. Se gie der nei de Latynske Famkesskoalle fan Chicago, dêr't se yn [[1939]] slagge foar it middelbere-skoaleksamen. Neitiid folge hja [[Ingelsk|Ingelske taal en letterkunde]] en [[teäter]] oan it ''Smith College'', yn [[Massachusetts]], dêr't se yn [[1943]] ôfstudearre.
[[FileOfbyld:NRPOSE.jpg|left|thumb|200px|Nancy Davis op in publisiteitsfoto út [[1950]].]]
 
=== Aktearkarriêre ===
Davis har earste opnommen rol spile se yn [[1940]], as frijwillichster foar de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming, yn in reklamefilmke foar in ynsammelingsaksje foar de striid tsjin [[polio]]. Nei't se har stúdzje oan it ''Smith College'' ôfrûne hie, wurke se earst as winkelbetsjinde yn in warehûs yn Chicago, en teffens as helpferpleechster. Troch har memme konneksjes yn 'e aktearwrâld wist se letter mei súkses har eigen aktearkarriêre op poaten te setten, begjinnende yn [[1945]] mei in roltsje yn it [[toanielstik]] ''Ramshackle Inn''. Yn [[1946]] stie se op [[Broadway]], yn 'e [[musikal]] ''Lute Song'', mei û.m. in noch ûnbekende [[Yul Brynner]]. Nei't se audysje dien hie, krige se yn [[1949]] in sânjierrich kontrakt oanbean troch de grutte [[Hollywood]]-studio ''[[MGM Studios|Metro Goldwyn Mayer]]'', wêrfoar't se ferfear nei [[Kalifornje]].
 
Fan [[1949]] oant ein fyftiger jierren spile Davis yn alve Hollywood-[[film]]s, ornaris yn stereotype rollen lykas de "trouwe húsfrou", de "ferantwurdlike jonge mem" of de "kalme frou". Se sette útein mei lytse roltsjes yn ''[[The Doctor and the Girl]]'' en ''[[East Side, West Side (film út 1949)|East Side, West Side]]'' (beide út [[1949]]), spile in [[psychiater|bernepsychiater]] yn 'e ''[[film noir]]'' ''[[Shadow on the Wall (film)|Shadow on the Wall]]'' ([[1950]]), en hie har favorite rol yn ''[[Night Into Morning]]'' ([[1951]]), wêryn't se in roujende ferloofde spile dy't har ferseine ferlern wie. Davis waard lykwols fral bekend troch har rol as marineferpleechster yn har foarlêste film ''[[Hellcats of the Navy]]'' ([[1957]]), wat ek de iennichste film wie wêryn't se tegearre mei har man te sjen wie. Neitiid aktearre se noch op 'e [[tillevyzje]], yn searjes as ''[[Wagon Train]]'' en ''[[The Tall Man (televyzjesearje)|The Tall Man]]'', oant se har aktearkarriêre yn [[1962]] beëinige. Letter sei se dat se dêr net rouwich om wie, om't se aktearjen foar har gjin ropping wie, mar mear wat dat se die om wat om hannen te hawwen.
[[FileOfbyld:Ronald_Reagan_and_Nancy_Reagan_aboard_a_boat_in_California_1964.jpg|right|thumb|250px|Nancy Davis mei har man [[Ronald Reagan]] yn [[1964]].]]
 
=== Trouwen en priveelibben ===
Yn [[1949]] kaam Davis yn 'e kunde mei [[akteur]] en [[fakbûn]]slieder [[Ronald Reagan]], doe't bliken die dat se by fersin op in swarte list bedarre wie fan lju mei [[kommunisme|kommunistyske]] sympatyen, sadat se yn Hollywood gjin wurk mear krije koe (se wie betize mei in oare aktrise, dy't krektlyk fan Nancy Davis hiet). Om dat misferstân op te klearjen, naam se kontakt op mei Reagan, dy't doedestiden de foarsitter wie fan it ''[[Screen Actors Guild]]'' ("Filmakteursgilde"; SAG), it tige ynfloedrike fakbûn fan Amerikaanske filmakteurs. Reagan hie fan [[1940]] oant [[1948]] earder troud west mei de aktrise [[Jane Wyman]], en hie út dat houlik in biologyske dochter en in oannommen soan, Maureen ([[1941]]-[[2001]]) en Michael ([[1945]]). Davis en Reagan trouden op [[4 maart]] [[1952]] te [[Los Angeles]], en krigen sels noch twa bern, Patti ([[1952]]) en Ron ([[1958]]). Nei't it skynt beholden Davis en Reagan altiten in yntime relaasje; sy neamde him "Ronnie", en hy har "Mommy". Mei har bern hie se lang sa'n goede relaasje net; se wie geregeldwei deilis mei sawol har styfbern as har biologyske bern, en fral mei har dochter Patti hie se in stoarmige relaasje, mei't dy it konservatisme fan har âldelju oan kant smiet en ferskate anty-Reagan-boeken skreau.
 
=== ''First lady'' fan Kalifornje ===
Begjin jierren sechstich begûn Reagan aktyf in politike karriêre as lid fan 'e [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]] nei te stribjen. Fan [[1967]] oant [[1975]] wied er gûverneur fan Kalifornje, en wie Davis sadwaande de ''first lady'' fan dy steat. Se wennen yn dy jierren yn 'e Kalifornyske haadstêd [[Sakraminto (Kalifornje)|Sakraminto]], wat Davis alhiel net noaske, mei't se de opwining, it sosjale libben en it mylde klimaat fan [[Los Angeles]] miste. Har man beneamde har yn 'e Keunstkommisje fan Kalifornje en fierders rekke se yn dy snuorje tige behelle yn it ''[[Foster Grandparents Program]]'' (it "Pleechpakes en -beppes Programma"), in organisaasje dy't frijwilligers oan iensume senioaren keppelet.
[[FileOfbyld:Nancy_Reagan_as_First_Lady_of_California.jpg|left|thumb|200px|Nancy Davis Reagan as ''first lady'' fan [[Kalifornje]].]]
 
Davis waard it mulpunt fan in kontroverse doe't se har gesin út 'e gûverneursresidinsje nei in rike foarstêd fan Sakraminto ferhuze om't brânwachten de âlde filla as brângefaarlik oanmurken hiene. Hoewol't se sels úthold dat se it foar de feilichheid fan har gesin die, waard it rûnom as snobisme beskôge: wat goed genôch wie foar foargeande gûverneurs en harren gesinnen, wie blykber net goed genôch foar har. De Reagans libben de rest fan Reagan syn gûverneurskip yn in lúkse hierwente dêr't se sels, sij it mei stipe fan freonen, de hier foar opbrochten, wylst Davis it tafersjoch hie oer de bou en ynrjochting fan in nije gûverneursresidinsje yn it deunby leine [[Carmichael (Kalifornje)|Carmichael]], dy't ree kaam krekt doe't Reagan begjin [[1975]] gûverneur-ôf wie. Syn [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske]] opfolger [[Jerry Brown]] wegere lykwols om him dêr nei wenjen te setten; de nije residinsje waard yn [[1982]] ferkocht en sûnt hawwe de gûverneurs fan Kalifornje altiten yn ymprovisearre omstannichheden wenje moatten.
 
=== ''First lady'' fan 'e Feriene Steaten ===
Davis wie folop belutsen by de presidintskampanjes fan [[1976]], doe't Reagan it by de Republikeinske foarferkiezings ôflizze moast tsjin 'e sittende presidint [[Gerald Ford]] (dy't dêrnei de ferkiezings ferlear fan 'e Demokraat [[Jimmy Carter]]), en dy fan [[1980]], doe't Reagan de Republikeinske nominaasje yn 'e wacht sleepte en koarte metten makke mei Carter. Yn jannewaris [[1981]] waard Davis sadwaande ''[[first lady]]'' fan 'e Feriene Steaten, wat se acht jier, oant [[1989]], bliuwe soe.
[[FileOfbyld:NRJUSTSAYNO.jpg|right|thumb|150px|Nancy Davis Reagan op kampanje tsjin [[drugs]]gebrûk ([[1987]]).]]
 
As presidintsfrou kaam Davis op 'e nij yn opspraak doe't se besleat om al it porslein fan it [[Wite Hûs]] te ferfangen, nettsjinsteande it feit dat dat betelle wie mei privee-donaasjes. Se brocht yn 'e presidintsresidinsje in [[John F. Kennedy|kennedy]]-eske ''glamour'' werom dy't der fral ûnder it regear fan Carter, doe't ynformaliteit foar master opsloech, ûntbrutsen hie. Fierders loek ek har belangstelling foar ''[[haute couture]]'' (djoere eksklusive moade) in protte oandacht en krityk.
Rigel 35:
 
In oarenien dêr't Davis mei koe as hûnen en katten, wie [[Raïsa Gorbatsjov]], de frou fan [[Sovjet-Uny|Sovjet-lieder]] [[Michael Gorbatsjov]]. Hoewol't harren mannen miskien net inoars bêste freonen wiene, ûntstie der meitiid dochs in bân fan wjerssidich respekt. Dat wie net it gefal tusken Davis en Raïsa Gorbatsjov, al waard soks nei bûten ta fansels ûnder it flierkleed fage. De beide froulju dronken yn 'e regel [[tee]], en besprieken de ferskillen tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny. Doe't de Gorbatsjovs yn [[1987]] foar it earst Amearika besochten, ergere Raïsa Davis mei "preken" (of miskien gewoan útlis) oer in breed skala oan ûnderwerpen, útinoar rinnend fan [[arsjitektuer]] oant [[sosjalisme]].
[[FileOfbyld:Nancy_Reagan_with_Michelle_Obama_cropped.jpg|left|thumb|200px|Nancy Davis Reagan mei ''[[first lady]]'' [[Michelle Obama]], yn [[2009]].]]
 
Geandewei Reagan syn presidintskip hold de parse op mei Davis te omskriuwen as in assistinte fan 'e presidint, en begûn men har ynstee te karakterisearjen as in ferburgen macht efter de troan. Sels besocht se dat te ûntstriden, mar dêrby spriek har eigen hâlden en dragen har tsjin. Hoewol't se in omstriden ''first lady'' wie, hie oan 'e ein fan Reagan syn presidintskip dochs 56% fan 'e Amerikanen in posityf byld fan har (wylst 18% har yn in negatyf ljocht seach, en de rest gjin miening hie).
 
=== Lettere jierren ===
Nei't har man begjin [[1989]] presidint-ôf wurden wie, setten de Reagans harren nei wenjen yn in filla yn 'e rike [[Los Angeles|Losanzjelynske]] wyk [[Bel Air (Los Angeles)|Bel Air]]. Davis rjochte noch datselde jiers de ''Nancy Reagan Foundation'' op, wêrmei't se har striid tsjin drugs fuortsette. Teffens skreau se yn [[1989]] har [[autobiografy]], ''My Turn: The Memoirs of Nancy Reagan'' ("No Bin Ik oan Bar: De Memoires fan Nancy Reagan").
 
Rigel 46:
Nei't Reagan yn [[2004]] einlings en te'n lêsten ferstoarn wie, ûntpopte Davis har mei 83 jier ta aktiviste foar it troch presidint [[George W. Bush]] ferbeane [[stamselûndersyk]], yn 'e hope dat sok ûndersyk útkomst biede kin foar Alzheimer-pasjinten. Yn [[2009]] priizge se presidint [[Barack Obama]], doe't dy it ferbod op stamselûndersyk weromdraaide.
 
== Keppelings om utens ==
* {{en}} [http://www.imdb.com/name/nm4864/ Folsleine filmografy fan Nancy Davis Reagan yn 'e ''Internet Movie Database'' (IMDb)]
 
Rigel 63:
[[Kategory:Amerikaansk presidintsfrou]]
[[Kategory:Amerikaansk autobiograaf]]
 
{{Link GA|es}}