Ferskil tusken ferzjes fan "Sparta"

14 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
Robot: fr:Sparte is een goed artikel; tekstwiziging
L (-interwiki's (wikidata))
L (Robot: fr:Sparte is een goed artikel; tekstwiziging)
Yn de [[10e ieu f. Kr.]] waard Sparta troch de [[Doarjers]] stifte, dy't de oarspronklike befolking ûnderwurpen. De stêdssteat waard oprjochte troch in fiifresom buorstêden en de hiele skiednis lang behâlde Spart it útsjoch fan in samling doarpen. It grûngebiet wie feitlik nochal útstrekt, wol 7700 kante kilometer grut. De Spartanen wennen yn tige ienfâldige wenten en beskikten net oer grutte iepenbiere gebouwen.
 
Yn Sparta draaide alles om kriich en oerhearsking. Alle manlju moasten yn it leger tsjinne en harre hiele libben wie wijde oan de kriichkeunst. Jonges waarden op harren sânde libbensjier by de famylje weihelle om grutbrocht te wurden troch de steat. Hjirtroch bouden de Spartanen it meast effektive leger op fan hiel Grikelân. Spartaanske soldaten stienen bekend om harren moed en dissipline.
 
Yn de [[8e ieu f. Kr.]] feroveren de Spartanen [[Lakoanje]], it fruchtbere lân om Sparta hinne. Dêrnei besetten sy in njonkenlizzende steat [[Messeenje]]. Dizze oermasteringen makke fan Sparta ien fan de machtichste stêdsteaten fan har tiid. De Spartanen makken fan eltsenien dy't sy oerwûnen [[heloaten]] of horigen, dy't twongen waarden te wurjen op it lân fan de Spartaanske oerhearskers. De allegeduerigende driging fan in heloatenopstân makke fan Sparta in militêre steat. De libbenswize fan de Spartanen wie der op rjochte om de heloaten ûnder de knipe te hâlden.
{{Link FA|es}}
{{Link FA|he}}
{{Link GA|fr}}
45.876

bewurkings