Grykske mytology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ja:ギリシア神話 is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 3:
 
== Polyteïsme ==
De Griken leauden dat der in protte ferskillende goaden en oare mytyske wezens bestienen. It meastepart dêrfan wiene healgoaden. Hja wienen dêrom [[Polyteïsme|polyteïstysk]] (''poly'' = soad en ''teos'' = god) en ferearen in mannichte ''[[panteon (religy)|panteon]]'' oan goden en [[goadin]]nen. Dat polyteïsme hat ûnder mear de oarsaak west dat lokale kulten feriene waarden ta ien pan-Helleenske godstsjinst, lykas dat ek in gefal wie mei de [[Egyptyske mytology]]. De goadenferhalen waarden mûnling oerlevere, wat nei alle gedachten de reden is dat út en troch pleatslike farianten en tsjinstridige feiten opdûke.
 
Yn de Grykske wrâld waarden offers brocht om de goaden geunstich te stimmen of harren te tankjen. Soks barde meastentiids op in [[alter]]. Sa'n alter stie yn in ''[[temenos]]'', in hillich domein, dêr't soms oek in timpel yn stie. It offer wie faak in lânbouprodukt; in bloedgave wie meatal in (sûn) bist. Yn myten wurdt wol sein fan [[minske-offer]]s, bygelyks it ferhaal dêr't [[Agamemnon]] syn dochter [[Ifiginea]] offert om fan [[Artemis (mytology)|Artemis]] in geunstige wyn te krijen om nei [[Troaje]] ôffearen te kinnen.
 
De Grykske goaden beskikten oer in ferskaat oan bûtengewoane kreften, koenen minske stalten oannimmen en gedroegen har ek as minsken, mei ynbegrip fan alle gebrekken. Under-inoar waarden faak machtspultsjes spile, en emoasjes as wellust, woede, frolijkheid en jaloezy wienen harren net frjemd.
 
 
[[Kategory:Grykske mytology]]
 
{{Link GA|ja}}