Mearkes fan Grimm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Mearkes: [[]] oars
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ja:グリム童話 is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Hanau Bruder Grimm.jpg|right|thumb|300px|Monumint foar de [[bruorren Grimm]] op it merkplein fan [[Hanau]], yn [[Hessen]].]]
'''''Mearkes fan Grimm''''' is de namme fan 'e [[Frysk]]e oersetting fan 'e saneamde ''Kleine Ausgabe'' ("Lytse Utjefte") fan 'e '''''Kinder- und Hausmärchen''''' fan 'e [[bruorren Grimm]]. It is in blomlêzing fan [[Dútslân|Dútske]] [[mearke]]s dy't foar it earst publisearre waard yn [[1825]], mei't de gruttere samling fan [[1812]] as foarlêsboek net foldie, yn it foarste plak om't it mei 211 ferhalen in te wiidweidich (en dus te djoer) wurk wie en oard om't in grut tal fan 'e "bernemearkes" út noch yn net gaadlik wiene foar bern, mei't se fiersten te bluodderich of te grizelich wiene. De Lytse Utjefte, lykwols, waarden tusken 1825 en [[1858]] tsien printingen fan útferkocht. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Anne Tjerk Popkema]] kaam út yn [[2012]] en omfettet 50 mearkes, mei dêrûnder klassikers lykas ''[[Hâns en Grytsje]]'', ''[[Jiskepûster]]'', ''[[Readkapke]]'', ''[[Toarnroaske]]'' en ''[[Sniewytsje]]''.
 
== Mearkes ==
* ''De Kikkertskening of Izeren Hindrik''
* ''It Bern fan Maria''
Rigel 55:
* ''[[Sniewytsje en Roazerea]]''
 
== Fryske oersetting ==
De Fryske oersetting fan 'e Lytse Utjefte ferskynde yn 2012 ûnder de titel ''Mearkes fan Grimm'' by [[Utjouwerij Bornmeer]] op [[De Gordyk|'e Gordyk]], mei stipe fan 'e [[Boersma-Adema Stichting]], it [[Pot-Cuperus Fûns]] (yn behear by de [[Stichting Frysk Akademyfûns]]), it [[Feitsma Fûûns fwar it Frysk]], de [[Stifting FLMD]], de [[Douwe Kalma Stifting]], de [[Ottema-Kingma Stichting]] en de provinsje [[Fryslân]]. De Fryske fertaling en it ynformative foaropwurd binne fan 'e hân fan [[Anne Tjerk Popkema]], en der binne yllústraasjes tafoege fan Peter Boersma en Hilda Groenesteyn. It mearke ''De Fisker en Syn Frou'' is sawol yn it Standertfrysk tafoege, as yn in [[Hylpersk]]e oersetting fan [[Gosse Blom]]. Yn it foaropwurd leit Popkema út dat keazen is foar de titel ''Mearkes fan Grimm'', om't ''De Mearkes fan Grimm'' ymplisearje soe dat it in oersetting fan 'e folslein ''Kinder- und Hausmärchen'' wie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 66:
[[Kategory:Dútske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|ja}}