Shakespeariaansk auteurskipsdebat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis en oare kandidaten: [[]] in oare Bacon
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ja:シェイクスピア別人説 is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Shakespeare Budapest.jpg|right|thumb|300px|In stânbyld fan [[William Shakespeare]] yn 'e [[Hongarije|Hongaarske]] haadstêd [[Boedapest]].]]
It '''Shakespeariaansk auteurskipsdebat''' is de ûnienichheid ûnder saakkundigen oer de fraach oft immen oars as [[William Shakespeare]] fan [[Stratford-upon-Avon]] soms de auteur is fan it oeuvre oan [[toanielstik]]ken en [[gedicht]]en dat hjoed de dei oan him taskreaun wurdt. Anty-stratfordianen (in sammelterm foar de oanhingers fan ûnderskate alternative auteurskipsteoryen) wolle hawwe dat Shakespeare in strieman wie dy't de identiteit fan 'e wiere, anonime [[skriuwer]] beskermje moast, mei't dy om 'e iene of oare reden gjin publike belangstelling hawwe woe.
 
Hoewol't dizze diskusje in protte publike belangstelling lutsen hat, wurdt it leauwen yn alternatyf auteurskip troch frijwol alle Shakespeare-kenners beskôge as in nuveraardich râneferskynsel (ferlykber, miskien, mei it leauwen yn [[fleanende skûtel]]s), dêr't hja it bestean inkeld fan erkenne om 'e bewearings fan 'e anty-stratfordianen te wjerlizzen of yn diskredyt te bringen. Dizze diskusje stiet trouwens alhiel los fan 'e fraach hokker toanielstikken en gedichten fan Shakespeare oft ta syn [[kanon]] hearre, en hokker oft (noch) ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]] rekkene wurde.
 
=== Skiednis en oare kandidaten ===
It auteurskip fan Shakespeare fan syn kanon waard foar it earst yn 'e kiif steld yn 'e midden fan 'e [[njoggentjinde ieu]], doe't de ferearing fan Shakespeare as de grutste skriuwer dy't ea libbe hie, wiid ferspraat rekke wie. It liek doe guon lju ta dat Shakespeare syn biografyske gegevens, yn it bysûnder syn frij sljochtwei komôf en syn obskuere libbensrin, net te ferienjen wiene mei syn foaroansteande status as dichter en syn reputaasje as literêr sjeny, sadat hja erchtinkend waarden en har ôffregen oft Shakespeare wol echt de skriuwer fan syn oeuvre wêze koe. Ut dizze kontroverse is sûnt in ûnbidich stik literatuer fuortkommen, en der binne wol 80 kandidaten foar it wiere auteurskip fan 'e Shakespeariaanske kanon oppenearre. De meast neamde fjouwer binne: de [[abbekaat]], wittenskipper en [[filosoof]] [[Francis Bacon (wittenskipper)|sir Francis Bacon]]; Shakespeare syn kollega-toanielskriuwer en -dichter [[Christopher Marlowe]]; de [[adel|ealman]] en toanielfinansier [[William Stanley, 6de greve fan Derby|William Stanley, greve fan Derby]]; en de ealman, dichter en grutkeamerhear [[Edward de Vere, 17de greve fan Oxford|Edward de Vere, greve fan Oxford]].
 
=== Arguminten foar en tsjin ===
Oanhingers fan 'e alternative kandidaten wolle hawwe dat harres in wierskynliker auteur foar it Shakespeariaanske oeuvre is, en dat Shakespeare sels it ûnderwiis, de [[aristokrasy|aristokratyske]] gefoelichheden en/of de fertroudheid mei it Keninklik Hôf miste dy't sy yn syn wurk miene te bespeuren. De ''mainstream''-Shakespeare-saakkundigen dy't op sokke oantigings reägearre hawwe, lizze dêrtsjinyn dat biografyske ynterpretaasjes fan literatuer yn 'e regel folslein ûnbetrouber binne foar it taskriuwen fan auteurskip, en tsjutte boppedat oan dat it dokumintêr bewiis dat brûkt wurdt om it Shakespeariaansk auteurskip te ûnderstypjen (taskriuwings op titelsiden, tsjûgenissen troch kontemporêne toanielskriuwers en histoarisy, offisjele argyfstikken) itselde is as foar alle oare taskriuwings fan wurk oan auteurs út 'e [[Elizabetaanske Tiid]]. Foar gjin inkele oare kandidaat bestiet sok direkt bewiismateriaal, en Shakespeare syn auteurskip wie yn syn eigen tiid en ieuwen dêrnei ûnbefrege.
 
=== De diskusje hâldt oan ===
Nettsjinsteande de konsensus dy't der ûnder de grutte mearderheid fan 'e akademyske saakkundigen op dit mêd bestiet (ntl. dat Shakespeare de skriuwer is en dat it yn 'e kiif stellen fan syn auteurskip klearebare ûnsin is), hâldt in relatyf lyts mar tige sichtber en lûdroftich ferskaat oan oanhingers, guon foaroansteande bekende persoanen ynbegrepen, it Shakespeariaanske auteurskipsdebat geande. Hja sette harren yn foar de erkenning fan dizze diskusje as in legitym mêd fan wittenskiplik ûndersyk en foar de akseptaasje fan dizze of jinge fan 'e altenative kandidaten.
 
Rigel 20:
 
[[Kategory:Shakespeare]]
 
{{Link GA|ja}}