Ferskil tusken ferzjes fan "Houston"

40 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
Robot: ja:ヒューストン is een goed artikel; tekstwiziging
L (red)
L (Robot: ja:ヒューストン is een goed artikel; tekstwiziging)
{{Stêd mei flagge|
Ofbyld= [[FileOfbyld:Houston montage.jpg|300px]] |
Flagge= [[FileOfbyld:Flag of Houston, Texas.svg|125px]] |
Wapen= [[FileOfbyld:Seal of Houston, Texas.png|60px]] |
Ynwennertal= 2.160.821 <small>(2012)</small>|
Oerflak= 1.625,2 km² <small>(ynkl. wetter)</small><br /> 1.552,9 km² <small>(allinnich lân)</small>|
Befolkingstichtens= 1.505 / km² |
Stêdekloft= 6.177.035 <small>(2012)</small> |
Lân= [[Ofbyld:flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten]] |
Bestj. ienh. 1= Steat |
Namme bestj. ienh. 1= [[FileOfbyld:Flag of Texas.svg|20px]] [[Teksas]] |
Bestj. ienh. 2= County |
Namme bestj. ienh. 2= [[Harris County (Teksas)|Harris County]], <br />[[Fort Bend County (Teksas)|Fort Bend County]], <br />[[Montgomery County (Teksas)|Montgomery County]] |
Stifting= 1836 |
Tiidsône= [[UTC]]-6 |
Webside= [http://www.houstontx.gov/ www.houstontx.gov]|
}}
[[FileOfbyld:Harris County Houston.svg|left|thumb|250px|De lizzing fan Houston yn 'e steat [[Teksas]].]]
[[FileOfbyld:Houston Ship Channel.jpg|left|thumb|250px|De haven fan Houston, oan it ''[[Houston Ship Channel]]''.]]
[[FileOfbyld:JPMorgan Chase Tower, Houston, Texas.jpg|left|thumb|200px|De ''[[J.P. Morgan Chase Tower]]'' is it heechste gebou fan [[Teksas]].]]
'''Houston''' (útspr.: /ˈhju:stən/) is de grutste stêd yn 'e [[Amerikaanske steaten|Amerikaanske steat]] [[Teksas]] en de op trije nei grutste stêd fan 'e hiele [[Feriene Steaten]], nei [[New York (stêd)|New York]], [[Los Angeles]] en [[Chicago]]. Neffens in offisjele skatting út [[2012]] hie Houston doe rom 2,1 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft mei Houston as sintrum mei-inoar op in befolking fan krapoan 6,2 miljoen minsken útkaam. De stêd, dy't it haadplak fan [[Harris County (Teksas)|Harris County]] is, en ek dielen fan [[Fort Bend County (Teksas)|Fort Bend County]] en [[Montgomery County (Teksas)|Montgomery County]] beslacht, leit in eintsje fan 'e kust ôf, mar wurdt mei de [[Golf fan Meksiko]] ferbûn troch it 80 km lange ''[[Houston Ship Channel]]''. Houston is it sintrum fan 'e Teksaanske [[ierdoalje|oaljeoaljeyndustry]]yndustry, mar is ek bekend om't it ''Mission Control Center'' fan 'e Amerikaanske [[romtefeart]]organisaasje [[NASA]] der fêstige is.
 
== Skiednis ==
Yn it neijier fan [[1836]] waard Houston stifte troch twa makelders út [[New York (steat)|New York]], de bruorren [[Augustus Chapman Allen]] en [[John Kirby Allen]], dy't it nije plak ferneamden nei de doetiidske Teksaanske presidint [[Sam Houston]], deselde dy't yn augustus fan dat jier de [[Meksiko|Meksikanen]] ferslein hie yn 'e [[Slach oan de San Jacinto]], wêrmei't er de [[Teksaanske Unôfhinklikensoarloch]] wûn hie. In jier letter, yn [[1837]], krige Houston de status fan [[stêd]].
 
Yn juny [[2001]] waarden de slimste oerstreamings yn 'e skiednis fan Houston feroarsake troch de [[tropyske stoarm Allison]], dy't wol 1.000 mm rein oer de stêd útstoarte. De skea rûn yn 'e miljarden en der wiene 20 deaden te betreurjen. Yn augustus [[2005]] waarden mear as 150.000 minsken út [[New Orleans]], dy't evakuëarre wiene út it paad fan 'e [[orkaan Katrina]], opfongen yn Houston, benammen yn it oerdutsen sportstadium de ''[[Astrodome]]''. Ien moanne letter, doe't de [[orkaan Rita]] neieroan kaam, moasten út Houston sels (en omlizzende kriten) 2½ miljoen minsken evakuëarre wurde (wat de grutste evakuaasje wie út 'e Amerikaanske skiednis), mar aldergeloks rjochte Rita net in protte skea oan.
 
== Klimaat ==
Houston hat in fochtich subtropysk [[klimaat]], mei [[simmer]]deis in [[temperatuer]] dy't yn trochsneed 99 dagen boppe de 32° C útkomt, en dy't teminsten 3 dagen boppe de 38° C leit. Troch de hege luchtfochtichheidsgraad fielt it lykwols noch in stik waarmer oan as dat it eins is. De [[winter]]s binne yn Houston myld. De kâldste temperatuer dy't ea yn 'e stêd fêstlein is, wie -15° C, mar yn 'e regel komt it kwik net ûnder 6° C (boppe it friespunt).
 
 
[[Kategory:Plak yn Teksas]]
 
{{Link GA|ja}}
45.902

bewurkings