Keninkryk Mersia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 43 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q105092
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ja:マーシア is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 5:
'''Mercia''' ([[Aldingelsk]]: ''Mierce'', "grinsfolk") wie in [[Angelsaksen|Angelsaksysk]] keninkryk yn Ingelân, dat part wie fan de [[heptargy]]. It gebiet roan fan de [[Noardsee]] oant [[Wales]]. It ryk waard stifte yn it begjin fan de [[7e ieu]], kende in tiid fan bloei ûnder kening [[Offa]] (757/758 – 796), mar waard yn begjin [[9e ieu]] ûnderwurpen troch [[Egbert fan Wesseks]].
 
== Skiednis ==
=== Selstannich ===
De earste kening fan Mercia dêr't wy fan witte, wie [[Creoda]], dy't om [[585]] hinne oan de macht kaam. In earste tiid fan bloei, dêr't Mercia yn in grut part fan Ingelân behearske, wie ûnder kening [[Penda]] (stoarn 655). Dêrnei foel it werom oant de tiid fan kening [[Ethelbald fan Mercia|Ethelbald]] (716 - 757). Hy moast him yn't earstoan ferwarre tsjin sterk rivalen yn [[Keninkryk Kent|Kent]] en [[Wesseks]], mar nei harren dea en ôfgean wist er de hegemony oer de keninkriken te krijen. Hy wûn de titel [[Bretwalda]]. Ek [[Offa]], dy't koart nei de dea fan Ethelbald de macht krige, wist dy status te berikken.
 
Koart dêrnei wist Egbert fan Wesseks in wichtige en beskiedende slach te winnen (by [[Ellendun]], [[825]]) en dat betsjutte de ein fan de oerhearsking fan Mercia. Fan dy tiid ôf wie it [[Wesseks]] dat de lieding ûnder Ingelske keninkriken hie.
 
=== Under de Denen ===
Yn 852 kaam [[Burgred]] op de troan dy't yn'e mande mei [[Ethelwulf fan Wesseks]] Noard-[[Wales]] ûnderwurp. Yn 868 besetten de [[Wytsingen]] (út Denemark) [[Nottingham]]. De Denen ferdreaune Burgred út syn ryk yn 874 en beneamdenand [[Ceolwulf II fan Mercia|Ceolwulf II]] yn syn plak. Yn 877 ferôveren de Wytsingen it eastlik diel fan Mercia.<ref>[[Frank Stenton]], ''Anglo-Saxon England'', Oxford University Press, 1971, s. 254</ref> ''Ceolwulf, the last king of Mercia, was left with the western half, but he disappeared by 881''.<ref>Dizze datum jout it Wikipedia en: artikel oer Ceolwulf, mar in Merciaanske list fan keningen skriuwt him in regearperoade fan fiif jier ta (Stenton, p. 259n)</ref> Fan 883 oant 911 regearre [[Greve Aethelred fan Mercia|Earl Æthelred fan Mercia]] oer Mercia ûnder de kening fan Wesseks, sels wie er gijin kening. Æthelred boaske oan Æthelflæd, dochter fan [[Alfred de Grutte]] fan Wesseks. Nei't de Wytsingen lang om let ferslein wienen yn Ingelân, yn de Slach fan Ettelred, dêr't Æthelred slim ferwûne rekke en oan de gefolgen stoar, waard Æthelflæd ‘Lady of the Mercians’ oant har dea yn 918. Yn 917 ferdriuwt hja de Denen út Derby. Nei har dea wurdt har dochter it bewâld oer Mercia ôfnomd en komt it feitlik oan Wesseks.
 
== List fan keningen fan Mercia ==
De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Mercia (lykas by de oare hearsker yn de heptargy) wurde meast oannaam.<br />
De [[Angelen]] haadman [[Icel fan de Angelen|Icel]] komt mei syn folk fan oer de [[Noardsee]] nei (wat no) [[Grut-Brittanje]] is.
Rigel 89:
<references/>
}}
 
[[Kategory:Angelsaksen]]
[[Kategory:Histoarysk lân]]
[[Kategory:Skiednis fan Ingelân]]
 
{{Link GA|ja}}