Earste Brief oan de Tessalonikers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: pl:1. List do Tesaloniczan is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 2:
It '''''Earste Brief oan de Tessalonikers''''', yn it oarspronklike [[Gryksk]]: '''Α' Επιστολή προς Θεσσαλονικείς''', '''''Alfa Epistoli pros Thessalonikeis''''', ek wol koartwei '''''1 Tessalonikers''''' neamd, is it trettjinde boek fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. It is de achtste fan 'e [[brieven yn it Nije Testamint|brieven]], en heart ta de ''[[Brieven fan Paulus]]''. Dat de [[apostel]] [[Paulus]] dit brief skreaun hat, wurdt troch hast alle hjoeddeiske bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] erkend, al bestie der yn 'e midden fan 'e [[19e ieu|njoggentjinde ieu]] frijwat twifel oer. ''1 Tess.'' 2:13-16 wurdt lykwols gauris beskôge as in lettere tafoeging, mei't de tekst fan dy fersen net liket te striken mei de lear sa't Paulus dy yn oare geskriften ferkundiget. ''1 Tessalonikers'' wie nei alle gedachten Paulus syn earste ([[kanon]]ike) brief, dat wierskynlik skreaun is oan 'e ein fan it jier [[52]]. Dêrmei soe it it âldste boek fan it Nije Testamint wêze. Hoewol't it brief neffens de kristlike tradysje yn [[Atene]] skreaun is nei't [[Timóteüs (apostel)|Timóteüs]] út [[Gryksk-Masedoanje|Masedoanje]] weromkommen wie mei nijs fan 'e troch Paulus sels stifte gemeente yn [[Tessaloniky]] (sjoch: ''[[Hannelingen]]'' 17:1-9), is men tsjintwurdich fan tinken dat it wierskynliker is dat Paulus ''1 Tessalonkers'' yn [[Korinte]] skreau. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Tessalonikers'' stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1933]] útkaam.
 
=== Ynhâld ===
Paulus, dy't ''1 Tessalonikers'' mei út namme fan syn meiwurkers Timóteüs en [[Silas]] skreau, begjint it brief, nei de ynlieding en groetnis (''1 Tess.'' 1:1), mei in [[gebed]] fan tank oan [[God]] foar it [[leauwe]] fan 'e Tessalonikers (''1 Tess.'' 1:2-10). Dêrnei giet er yn op 'e tiid dy't er sels yn Tessaloniky trochbrocht hat en it wurk dat er dêr út 'e wei set hat (''1 Tess.'' 2:1-20). Hy beklammet dêrby dat er sels de kost fertsjinne hat en nimmen ta lêst west hat, al hied er der troch syn apostel-wêzen wol rjocht op om troch de gemeente ûnderholden te wurden. Ek fernijt er dat er de gemeente mei gragens nochris besykje soe. Dêrnei komt er op 'e tekst oangeande it besyk dat Timóteüs koartby oan 'e Tessaloniker gemeente brocht hat (''1 Tess.'' 3:1-13). De lêste twa haadstikjes binne dan noch wijd oan guon dingen dy't it [[evangeelje]] oangeane, suver as wie dat in bykommende saak. Earst giet Paulus yn op spesifike kwestjes yn 'e tsjerke (''1 Tess.'' 4:1-5:25). Dêrby leit er út hoe't de relaasjes tusken de kristenen ûnderling hearre te wêzen, hoe't men de ferstoarnen berouje moat, en hoe't men jin tariede moat op 'e werkomst fan [[Jezus Kristus]]. Dêrnei fertelt er yn in pear lêste fermoannings nochris hoe't kristenen har hearre te hâlden en te dragen (''1 Tess.'' 5:12-25). Hy beslút it brief mei in groetnis en in seinging (''1 Tess.'' 5:26-28).
 
=== Fryske oersetting ===
Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'' û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan ''1 Tess.'' 5:14-24 út. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Tessalonikers'' stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dat yn [[1933]] útkaam en dat fan [[1943]] ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol [[teolooch|teologen]] as [[taalkundige]]n beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] (mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan ''1 Tessalonikers'' waard dêrby dien troch drs. [[H. Dijkstra]], dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. [[Jelle Hendriks Brouwer]].
 
Rigel 22:
[[Kategory:Kristlike literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|pl}}