Iepenbiering fan Jehannes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: pl:Apokalipsa św. Jana is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 6:
Oer de datearring fan ''Iepenbiering'' is men it likemin iens. Tradysjoneel waard dêrby tocht oan it jier [[95]] of dêromtrint, mar resintere teoryen sjogge in ierdere datearring as wierskynliker, en neame dêrby jiertallen om it jier [[70]] hinne, mei as ierste it jier [[68]]. Hoewol't de skriuwer syn wurk gjin titel meijoech, waard neitiid ien fan 'e earste wurden út 'e tekst ta titel makke; it boek begjint ntl. sa: ''"Dit is de iepenbiering fan Jezus Kristus"''. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Iepenbiering'' stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1933]] útkaam.
 
=== Ynhâld ===
De ''Iepenbiering fan Jehannes'' wurdt gauris útlein as in sekuere foarsizzing fan 'e takomst, mar wie eins mear in treastboek foar de kristenen dy't yn 'e earste ieu slim te lijen hiene ûnder ferfolgings. Yn bylden dy't grutdiels ûntliend binne oan it [[Alde Testamint]] (fral oan ''[[Daniël]]'' en ''[[Ezechiël]]'', mar ek wol oan ''[[Jesaja]]'', de ''[[Psalmen]]'' en oare boeken) skilderet Jehannes de takomst fan wrâld en tsjerke. Koartsein is syn boadskip dat al hoe machtich oft de krêften fan it kwea ek binne, dochs sille se by einsluten alhiel ferdylge wurde troch "it Laam" ([[Jezus Kristus]]). Dêrnei, op 'e Einichste Dei, sil it definitive oardiel oer alle minsken útsprutsen wurde; dan sille de goeden op 'e nij libje, wylst de kweaden folslein fuortreage wurde sille ta ivige tramtaasje. Dêrop sil it nije keninkryk fan [[God]] begjinne.
 
''Iepenbiering'' is in tige dreech en ûntagonklik boek, dêr't profetyske útspraken yn dien wurde oangeande de takomst dy't foar mearderlei útlis fetber binne. Sa hawwe de earste-ieuske kristenen yn "it beest" (''Iep.'' 13:11-18) grif de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] keizer [[Nearo]] sjoen. Lettere leauwenden seagen der ûnderskate sultans fan it [[Osmaanske Ryk]] yn, of [[Napoleon]], of [[Hitler]], of, as men in fûleindige [[protestantisme|protestant]] wie, de paus fan [[Rome]]. Lykwols is it dúdlik dat Jehannes mei syn boek mear doeld hat op 'e politike tastannen en maatskiplike swierrichheden fan syn eigen tiid as dat er mei sin de takomst beskreau.
 
=== Fryske oersetting ===
[[Gerben Colmjon]] sette yn [[1863]] in fragmint fan ''Iepenbiering'' oer yn it Frysk (''Iep.'' 3:14), dat útjûn waard as taheakke by dy syn ''Beknopte Friesche Spraakkunst''. Yn [[1919]] joech dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] yn syn ''Ut 'e Heilige Dobbe'' û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan ''Iep.'' 7:9-17, 14:14-20 en 21:1-8 út. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Iepenbiering'' stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dat yn [[1933]] útkaam en dat fan [[1943]] ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting.
 
Rigel 29:
[[Kategory:Kristlike literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|pl}}