Evangeelje fan Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 89 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q392302
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: pl:Ewangelia Mateusza is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:The Evangelist Matthew Inspired by an Angel.jpg|right|thumb|300px|De [[apostel]] [[Mattéus]] wurdt troch in [[ingel]] ynspirearre ta it skriuwen fan syn [[evangeelje]]. (In skilderij fan [[Rembrandt]].)]]
It '''''Evangeelje fan Mattéus''''', yn it oarspronklike [[Gryksk]]: '''τὸ Εὐαγγέλιον κατὰ Ματθαῖον''', '''''to Euangelion kata Matthaion''''' (mar meastentiids koartwei ''Mattéus'' neamd), is in [[evangeelje]] dat erkend wurdt as ien fan 'e fjouwer [[kanonike evangeeljes]]. It is it earste boek fan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]] en foarmet yn 'e mande mei de evangeeljes fan [[Evangeelje fan Markus|Markus]] en [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] ien fan 'e trije [[synoptyske evangeeljes]]. It fertelt fan it libben en ûnderrjocht, de dea en de weropstanning út 'e dea fan 'e [[joadendom|joadske]] learmaster [[Jezus|Jezus fan Nazaret]], dy't troch de kristenen beskôge wurdt as de [[messias]] en de Soan fan [[God]]. De earste [[Frysk]]e oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' ferskynde yn [[1858]] fan 'e hân fan [[Joast Hiddes Halbertsma]].
 
== Oarsprong ==
Men is fan tinken dat it ''Evangeelje fan Mattéus'' syn oarsprong hie yn 'e joadsk-kristlike mienskip yn it [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[Syrje]], oan 'e ein fan 'e earste ieu. It meastepart fan 'e moderne [[bibelwittenskip]] en de [[historiografy]] datearret it sa tusken [[70]]-[[80]] n.Kr., al wolle guon hawwe dat it noch earder skreaun wie, tusken [[50]] en [[60]] n.Kr.
 
Rigel 9:
Hjoed de dei wurdt lykwols frij algemien oannommen dat net de apostel Mattéus, mar in anonym skriuwer de wiere auteur fan it evangeelje wie. In wichtich argumint is dêrby dat ''Mattéus'' oantoanber fierhinne basearre is op it ''Evangeelje fan Markus'', en it liket net botte wierskynlik dat immen dy't sels tsjûge fan 'e oangeande foarfallen wie, him sasear op in oar ferlitte soe. Men beskôget de anonime skriuwer as in heechoplate joad, dy't in yngeande kennis hie fan 'e details fan 'e joadske wet en oerskrank op 'e grins stie tusken tradysjonele joadske noarmen en wearden en harren nije, kristlike wjergaders. Yn syn fermidden stie de apostel Mattéus nei alle gedachten yn heech oansjen, mei't men leaut dat dyselde ek tige talein wie op 'e [[Torah]] en sels wol sjoen wurdt as in [[fariseeër]] of skriftlearde dy't ien fan Jezus syn folgelingen waard.
 
== Oerienkomsten mei de oare evangeeljes ==
Teologen beskôgje it ''Evangeelje fan Mattéus'' net as in eachtsjûgeferslach fan it dwaan en litten fan Jezus, mar as in lettere optekening dêrfan op grûn fan trije ûnderskate boarnen (de saneamde trijeboarneteory, dy't hjoed de dei troch de measte saakkundigen oanhongen wurdt). Yn it foarste plak spile dêrby it ''[[Evangeelje fan Markus]]'' in wichtige rol, dat foar 94% suver wurd foar wurd yn ''Mattéus'' oernommen is en dêrmei 55% fan ''Mattéus'' foarmet. Oard is der de hypotetyske samling (of samlings) fan siswizen en útspraken fan Jezus dy't ''[[boarne Q|Q]]'' neamd wurdt (nei it [[Dútsk]]e wurd foar "boarne", ''Quelle''). De ynhâld fan boarne ''Q'' foarmet 25% fan ''Matteús''. Materiaal út ''Markus'' en ''Q'' waard ek foar in grut part brûkt om it ''[[Evangeelje fan Lukas]]'' gear te stallen; sadwaande lykje ''Markus'', ''Mattéus'' en ''Lukas'' tige opinoar en wurde se de [[synoptyske evangeeljes]] neamd (yn tsjinstelling ta it ''[[Evangeelje fan Jehannes]]'', dat gâns ôfwykt). Ta ein beslút is der dan noch materiaal dat inkeld yn ''Mattéus'' foarkomt; dat foarmet sa'n 20% fan it evangeelje. Omset yn fersen is de sitewaasje sa: ''Mattéus'' bestiet út 1071 fersen; dêrfan komme der 387 ek foar yn sawol ''Markus'' as ''Lukas''; 184 komme inkeld ek foar yn ''Lukas''; 130 komme inkeld ek foar yn ''Markus''; en 387 fersen binne unyk.
 
Rigel 17:
Der binne kritisy dy't guon passaazjes yn it boek [[antysemitisme|antysemitysk]] fine en miene dat dy de wize foarme hat wêrop't in protte kristenen yn it ferline, benammen yn de [[Midsieuwen]], de joaden seagen (en noch wol sjogge). It meastepart fan dy passaazjes besteane út sitaten fan Jezus as dy de leden of lieders fan 'e beide grutte joadske religieuze rjochtings út dy tiid (de [[farizeeër]]s en de [[sadduseeër]]s), mar fral de farizeeërs, it leksum lêst en harren beskuldiget fan skynhilligens en in misbegryp fan 'e joadske leare.
 
== Fryske oersetting ==
De earste Fryske oersettings út ''Mattéus'' betroffen fragmintaryske passaazjes yn [[Aldfrysk]]e rjochtsteksten út 'e [[Midsieuwen]] (benammentlik ''Mattéus'' 6:9-13, it ''[[Us Heit (gebed)|Us Heit]]''). De earste fertaling fan in hiel haadstik (''Mattéus'' 6) ferskynde yn [[1802]], yn [[Everwinus Wassenbergh]] syn ''Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I'' (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it [[Hylpersk]] besibbe en letter útstoarne [[Molkwardersk|Molkwarder]] [[dialekt]]). De earste Fryske oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' as gehiel ferskynde yn [[1858]] fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-ieuske [[Fryslân|Fryske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Joast Hiddes Halbertsma]], ûnder de titel ''It Ewangeelje fen Matthewes''. Dêrby gie it om in oplaach 250 eksimplaren; pas yn [[1884]] folge der in (postume) folksútjefte. Yn [[1911]] en [[1912]] waard der as in soarte fan [[fúljeton]] in nije oersetting fan ''Mattéus'' fan 'e hân fan [[Gerben Postma]] en [[Pieter de Clercq]] útjûn yn it blêd ''[[Yn ús eigen tael]]''.
 
Rigel 38:
[[Kategory:Kristlike literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|pl}}