Kosta Rika: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Religy: + kat
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: sv:Costa Rica is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 42:
Kosta Rika waard yn [[1502]] troch [[Kolumbus]] ûntdekt en healwei de [[16e ieu]] yn beset nommen troch de [[Spanje]]rts. Sy neamden it gebiet ''Nij Kartago'' en ûnderdiel fan de Spaanske koloanje yn de Nije wrâld.
 
Yn [[1821]] waard it in diel fan it ûnôfhinklike [[Meksikaanske Keizerryk]], dêr't it him 2 jier letter mei oare Sintraal-Amerikaanske lannen fan ôfskiede om de [[Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika]] te foarmen. Yn [[1840]] foel dizze federaasje útinoar en waard Kosta Rika in selsstannich lân.
 
Yn [[1899]] wienen de earste [[demokrasy|demokratyske]] ferkiezings. Sûnt dy tiid hat it lân mar twa kear te krijen hân mei polityk geweld. Fan [[1917]] oant [[1919]] regearre de [[diktatuer|diktator]] [[Federico Tinoco Granados]] en yn [[1948]] wie der in lytse boargerkriich nei omstreden ferkiezingsútslach. Dizze kriich waard wûn troch de linkse [[José Figueres Ferrer]], dy't nei ôfrin it leger ôfskaffe en in nije grûnwet opstelde. Sûnt dy tiid hat it lân frijwarre west fan geweld dêr't in protte oanswettende lannen wol mei te krijen hienen. Sadwaande is Kosta Rika yn fan de wolfearendste lannen fan [[Latynsk-Amearika]] wurden en stiet it dêrom ek bekend as "it Switserlân fan Sintraal-Amearika".
Rigel 51:
 
=== Taal ===
De offisjele taal fan Kosta Rika is it [[Spaansk]] dat ek troch de mearderheid fan de befolking sprutsen wurdt. Oare talen dy't brûkt wurde binne de [[Yndianetalen]] fan de Ynhiemske bewenners en it [[Ingelsk]] troch de [[Kreolen|Kreoolske]] minderheid yn de eastlike kustgebieten. Dizze lêsten stamje fan [[19e ieu]]wske Jamaikaanske ymmigranten ôf.
 
=== Religy ===
Rigel 57:
Mei 92 persint is it oergrutte part fan de Kosta Rikaanske befolking oanhinger fan it [[Kristendom|Kristlik]] leauwen. Fan de Kristenen is 88 persint [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk-Katolyk]].
 
Ien fan de wichtichste religeuske feestdagen yn Kosta Rika is [[2 augustus]]. Op dizze dei wurdt ''Virgen de Los Angeles'' ("Faam fan Los Angeles"), de beskermhillige fan it lân fiere.
 
[[Kategory:Kosta Rika| ]]
Rigel 63:
 
{{Link FA|af}}
{{Link GA|sv}}