Ilias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia - Link equal to linktext (v1.29b)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: th:อีเลียด is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 4:
It epos fertelt it ferhaal fan in deilisskip yn it kamp fan 'e Griken tusken [[Agamemnon]], de kening fan [[Mysene]], en de held [[Achilles]], tsjin 'e eftergrûn fan it tsienjierrich belis troch in koälysje fan Grykske keningen fan 'e stêd [[Troaje]], oan 'e noardwestkust fan [[Lyts-Aazje]]. De titel is ûntliend oan Ilion (Ἴλιον), de âlde Grykske namme foar Troaje. Hoewol't de ''Ilias'' mar in pear wike fan 'e belegering beljochtet, wurdt deryn ferwiisd nei withoefolle leginden oer en eardere foarfallen yn 'e [[Trojaanske Oarloch]]. De ''Ilias'' wurdt ornaris yn ien sike wei neamd mei de ''[[Odyssee]]'', dat der min ofte mear in ferfolch op is. Beide hearre ta de âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske [[literatuer]]. De ''Ilias'' is op withoefolle manear adaptearre ta oare media. Yn [[2004]] kaam der fan klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] in [[Frysk]]e fertaling fan 'e ''Ilias'' út.
 
== Eftergrûn ==
It is in wiid fersprate misfetting om te tinken dat de ''Ilias'' de hiele tsienjierrige Trojaanske Oarloch behannelet. Eins is it mar in frij koarte momintopname fan in pear wiken yn it tsiende jier fan 'e oarloch, wêrby't it ferhaal giet oer de wrok fan 'e held en [[healgod]] [[Achilles]] foar [[Agamemnon]] oer, de kening fan [[Mysene]] en de lieder fan 'e [[Griken]] . Noch de oanlieding foar of it begjin fan 'e oarloch, noch de mûklist mei it ferneamde [[Hynder fan Troaje]] of de oerwinning fan 'e Griken wurdt yn 'e ''Ilias'' beskreaun. Der wurdt yn it ferhaal en yn oare boarnen lykwols ferwiisd nei safolle leginden oer de Trojaanske Oarloch, dat it ferrin dêrfan bekend is (sa wurdt fan it Hynder fan Troaje ferteld yn 'e ''Odyssee'' en troch de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] dichter [[Fergilius]]).
 
Om 'e foarskiednis hiel yn 't koart wer te jaan: der wie in brulloft dêr't alle [[godheid|goaden]] útnoege wiene, te witten dy fan Achilles syn âldelju, want Achilles syn mem wie de seegoadinne [[Tetis]]. Doe't [[Earis]], de goadinne fan 'e twaspjalt, dêr net talitten waard, smiet se út it doarsgat in goudene apel nei binnen ta dêr't de tekst "oan de tsjepste" op gravearre stie. De goadinnen [[Heara]], [[Atene (goadinne)|Atene]] en [[Afrodite]] mienden alletrije dat it ding dúdlik foar harsels bestimd wie. Se makken der rûzje oer en úteinlik besleaten se om in ûnpartijige jongfeint beslisse te litten wa't fan harren trijen it tsjepst wie (en dus de apel takaam). Dy jongfeint wie de Trojaanske prins [[Paris]], dy't fier fan hûs grutbrocht waard as skiephoeder om't der in profesije útsprutsen wie dat hy Troaje yn it ferdjer stoarte soe. De trije goadinnen ferskynden neaken oan him, mar Paris kaam mar net út 'e rie wa't fan harren oft no it tsjepst wie. Dêrop besochten se him om te keapjen; Atene bea him wysheid en heldhaftigens yn 'e striid oan, Heara bea him politike macht en hearskippij oer hiele [[Aazje]] oan, en Afrodite bea him de leafde oan fan [[Helena fan Troaje|Helena]], de frou fan kening [[Menelaos|Menelaos fan Sparta]], de kreaste (stjerlike) frou op 'e wrâld. Paris besliste dêrop dat Afrodite de tsjepste fan 'e trije goadinnen wie. Neitiid kearde Paris werom nei Troaje, dêr't er wer opnommen waard yn 'e keninklike famylje. Doe bejoech er him nei [[Sparta]] ta, dêr't er Helena skaakte en mei weromnaam nei Troaje. As reäksje rôp Agamemnon, de kening fan it ynfloedrike Mysene, dy't in broer fan Menelaos wie, alle Grykske keningen byinoar, en mei syn allen sylden se nei Troaje ta, dat se tsien jier lang belegeren om't it har mar net slagge en nim it yn. Dêrby fochten guon fan 'e goaden oan 'e kant fan 'e Griken, wylst oaren de Trojanen stipen. Uteinlik waard de stêd troch in mûklist dochs ynnommen: de Griken diene krekt as joegen se it belis op en giene se nei hûs, mar lieten dêrby in grut houten hynder efter by wize fan offerjefte oan 'e goadinne Atene. De Trojanen, foar wa't hynders hillich wiene, hellen it ding yn triomf harren stêd yn, mar hja wisten net dat it hol wie en fol siet mei Grykske soldaten. Nachts kamen dy foar 't ljocht en iepenen ien fan 'e poarten fan 'e stêd foar harren weromkommen leger. Sa kaam Troaje dochs noch te fallen.
 
== Opbou ==
De ''Ilias'' is ûnderferdield yn 24 boeken of sangen, dy't nûmere binne neffens de letters fan it [[Gryksk alfabet]] fan Α (alfa) oant Ω (omega) (yn haadletters). Alle boeken besteane út trochstrings 650 fersregels. Yn totaal omfettet de ''Ilias'' 15.693 fersregels, allegearre yn daktylyske heksameters. De taal is it argayske Homearysk Gryksk, dat Ioanysk Gryksk en guon oare dialekten út dy tiid trochinoar mjukset, en him ûnderskiedt fan it lettere [[Attysk Gryksk]] yn sawol byldspraak as [[morfology]]. Homêros brûkte in protte wiidweidige, ta de ferbylding sprekkende ferlikings (letter de Homearyske ferliking neamd).
It epos set útein mei de wurden:
Rigel 21:
Der is in twadde epos dat op 'e ''Ilias'' folget en ek oan Homêros taskreaun wurdt: de ''[[Odyssee]]''. Dat ferhellet fan 'e tsienjierrige omdoarmings fan 'e Grykske held [[Odysseus]], yn syn besykjen om nei de oerwinning op 'e Trojanen wer thús te kommen. Om't [[Poseidon]], de god fan 'e see, wrok tsjin him koesteret, wol dat mar net slagje en fart er jierrenlang om, wêrby't er fan it iene yslike aventoer yn it oare belânet, ear't er op 't langelêst syn thúseilân [[Itaka]] berikt.
 
== Ynhâld ==
De ''Ilias'' set útein ''[[in medias res]]'' (d.w.s. middenyn 'e ferwikkelings). [[Chryseïs]], de dochter fan [[Chryses]], in [[Troaje|Trojaansk]] preester fan [[Apollo]], is finzen nommen troch de [[Griken.]] Hy biedt de Griken in kaptaal oan om har werom te krijen, mar [[Agamemnon]], de kening fan [[Mysene]] en de lieder fan it Grykske leger, dy't it fanke ta [[bysliep]] nommen hat, wegeret dêr op yn te gean, ek al liket it de oare Grykske lieders skoan ta en nim it losjild oan. Dêrop bidt Chryses oan 'e god Apollo om help, en Apollo lit in grutte pestilinsje oer it Grykske leger komme. Nei njoggen dagen ropt [[Achilles]], de suver ûnoerwinlike Grykske oarlochsheld en de lieder fan it [[Myrmidoanen|Myrmidoanske]] kontingint, in gearkomste fan 'e Grykske oanfierders byinoar. Under druk fan 'e oaren jout Agamemnon dan einlings ta en stimt deryn ta om Chryseïs werom te stjoeren nei har heit, mar as kompinsaasje easket er dan [[Briseïs]] op, in oar finzen nommen Trojaansk fanke, dat Achilles ta bysliep nommen hie. Achilles wurdt dan poermâl en ferklearret dat er leaver sûnder wat bedijd te hawwen nei hûs gean wol as ea noch ûnder Agamemnon te fjochtsjen. Nei ôfrin fan 'e gearkomste eskortearret [[Odysseus]], de kening fan [[Itaka]], Chryseïs nei har heit ta, wêrop't Apollo de pestilinsje fan 'e Griken weinimt.
 
Rigel 30:
Agamemnon wol no wol omlyk, en stjoert Odysseus, Ajaks en guon oaren nei Achilles ta om dy oer te heljen en jou him wer yn 'e striid. Mar Achilles stegeret harren ôf. De oare moarns wurdt der wer fûleindich fochten, en Agamemnon, Diomedes en Odysseus reitsje allegear ferwûne. Achilles stjoert syn maat Patroklus om te sjen hoe't it der foar stiet, en wylst dy oan 'e frontliny is, kringe de Trojanen ûnder lieding fan Hektor, dy't in [[foartsjirmerij]] yn 'e wyn slein hat, it Grykske kamp yn. Patroklus wurdt troch [[Nestor (mytology)|Nestor]], de kening fan [[Pylos]], hast oerhelle om te helpen. Underwilens ferliedt Heara Seus en wylst de oergod neitiid wat leit te dodzjen, helpt de seegod [[Poseidon]] temûk de Griken om 'e Trojanen werom te slaan. As Seus wekker wurdt en dat ûntdekt, rekket er alhiel breinroer, en hy stjoert Apollo om 'e Trojanen te helpen, dy't dêrop fannijs it Grykske kamp ynkringe. Wylst der fochten wurdt tusken de op it strân lutsen skippen fan 'e Griken, kin Patroklus it net langer oansjen. Hy smeket Achilles om him fjochtsje te litten, en Achilles jout ta en lient him syn eigen [[wapenris]], mar warskôget him om 'e Trojanen net bûten it Grykske kamp te efterfolgjen. Patroklus tsjocht mei de noch farske Myrmidoanen op tsjin 'e Trojanen, en dy wurde weromsmiten út it Grykske kamp wei. Mar dan slacht er Achilles syn warskôging yn 'e wyn en hjitfolget harren op 'e flakte. Hy wit úteinlik sels de eigenste poarten fan Troaje te berikken, mar dêr wurdt er keard troch Apollo sels, en neitiid wurdt er deade troch Hektor, dy't Achilles syn wapenris as oarlochsbút meinimt.
 
[[FileOfbyld:Nikolay Ge 002.jpeg|thumb|left|300px|''Achilles Beklaget de Dea fan Patroklus'', in skilderij fan 'e [[Ruslân|Russyske]] [[reälisme (keunst)|reälist]] [[Nikolai Ge]], út [[1855]].]]
As er fan Patroklus syn dea heart, wurdt Achilles suver gek fan fertriet. (Der bestiet frijwat ûnienichheid oer it aard fan 'e relaasje tusken harren beiden, oft dy homo-eroatysk wie, ja of nee. It is yn alle gefallen dúdlik dat de Alde Griken it wol sa opfetten.) Achilles swart wraak op Hektor. Tetis, Achilles syn mem, is krektlyk ûntreastber, mar dan fanwegen de profesije dat Achilles jong stjerre sil as er Hektor deadet. Hja freget [[Hefaistos]], de smid fan 'e goaden (en de god fan 'e smidden), om in nije wapenris foar har soan te meitsjen. De oare moarns bringt Agamemnon Briseïs by Achilles werom, mar it fanke kin him no neat mear skele. Hy docht de wapenris oan dy't Hefaistos foar him makke hat, negearret de foarsizzing fan syn eigen dea en riidt syn [[striidwein]] it slachfjild op.
 
Rigel 37:
Dêrnei hâlde de Griken in dei lins om harren deaden, wêrûnder Patroklus, te begraven. Yn ûntsetting oer it oanhâldend misbrûk troch Achilles fan it lichem fan Hektor, beslist Seus dat it lyk weromjûn wurde moat oan Hektor syn heit [[Priamos]], de kening fan Troaje. Under begelieding fan [[Hermes]], de boadskipper fan 'e goaden, giet Priamos it Grykske kamp yn en smeket Achilles om it lichem fan syn soan. Dêrmei komt er Achilles sa op it moed dat de beiden inoar yn 'e earms falle en tegearre harren ferliezen yn 'e oarloch beskrieme. Neitiid wurdt Hektor troch Priamos Troaje binnendroegen en dêre begroeven, wylst de stêd him berouwet. Dêrmei einiget de ''Ilias''.
 
== Adaptaasjes ==
De ''Ilias'' is ien fan 'e âldste ferhalen fan 'e Westerske kultuer, mar is nea opholden mei ta de ferbylding te sprekken. Troch de ieuwen hinne hat it in ûnbidige ynfloed útoefene op 'e Westerske literatuer, te begjinnen yn 'e [[Aldheid]], doe't in protte trageedzjes fan grutte [[toanielskriuwer]]s as [[Sofoklês]], [[Euripides]] en [[Aeschylus]] fuortbordueren op 'e ferhaalstof fan 'e ''Illias''. Mar ek yn 'e [[Midsieuwen]] en letter wie de ynfloed derfan op 'e literêre tradysjes fan it Westen net te ûnderskatten. Yn 'e moderne tiid is de ''Ilias'' boppedat adaptearre ta withoefolle oare media, lykas (moderne) [[poëzij]], [[essay]]s, [[byldferhaal|byldferhalen]], [[stripferhaal|strips]], [[toanielstik]]ken, [[musikal]]s en [[film]]s. Ut 'e lêste jierren datearret bgl. de [[Hollywood]]-spylfilm ''[[Troy (film út 2004)|Troy]]'' ([[2004]]), mei [[Brad Pitt]] yn 'e rol fan Achilles, al wie dat in tige frije bewurking fan it ferhaal fan 'e ''Ilias''. Op it mêd fan 'e literatuer moat fierders noch neamd wurde de masterlike werfertelling troch fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[fantasy]]-skriuwer [[David Gemmell]] yn syn trilogy ''[[Troy: Lord of the Silver Bow]]'', ''[[Troy: Shield of Thunder]]'' en it postúm ferskynde ''[[Troy: Fall of Kings]]''.
 
== Fryske oersetting ==
De earste [[Frysk]]e fertaling út 'e ''Ilias'' wie fan 'e hân fan [[Douwe Kalma]] ([[1896]]-[[1953]]), dy't de achttjinde sang oersette. [[Oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] pielde al fan 'e jierren fyftich ôf út en troch mei Homêros syn wurk om; sa binne der by Tresoar fertalingsfragminten út 'e ''Ilias'' yn te sjen ûnder de titels ''Lof fan de Sjonger'' en ''Pêgasos Bliuwt yn 'e Stringen''. Yn 'e njoggentiger jierren, doe't er mei pinsjoen gien wie, besleat er lykwols om dien wurk te meitsjen. Sa ferskynde yn [[2004]] fan syn hân de earste folsleine Fryske oersetting fan sawol de ''Ilias'' as de ''[[Odyssee]]'', by [[Steven Sterk]], Utjouwer, te [[Utert]]. Under mear foar dizze fertaling waard oan Bruinsma yn [[2005]] foar de twadde kear de [[dr. Obe Postmapriis]] takend.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Frysk'''<br />
* Homêros, ''Lof fan de Sjonger'' / ''Pêgasos Bliuwt yn 'e Stringen'' (oers. Klaas Bruinsma), sûnder jier (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. 090.431.
* Homêros, ''Ilias'' (oers. Klaas Bruinsma), Utert, 2004 (Steven Sterk, Utjouwer), ISBN 9 07 37 89 079.
'''Nederlânsk'''<br />
* ''Homeros: Ilias en Odyssea'' (in werjefte fan [[Frans van Oldenburg Ermke]] dy't trou oan de tekst bliuwt), 1959 (Kempische Boekhandel - Retie).
* ''Ilios: Het Verhaal van de Trojaanse Oorlog'' (in oersetting en bewurking troch [[Imme Dros]]), 1999; ISBN 9 02 14 60 467 (wûn yn 2000 de ''[[Zilveren Zoen]]'').
Rigel 59:
[[Kategory:Aldgrykske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link GA|th}}