Eastersk-otterdoksy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: af:Oosters-Ortodokse Kerk is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 6:
De eastersk-otterdokse tsjerken beskôgje harsels as de fuortsetting fan 'e "iene, wiere, hillige, katolike en apostoalyske tsjerke", dy't 2000 jier lyn fêstige waard troch de [[apostel]]s fan [[Jezus Kristus]]. Se neame harsels ek wol "apostoalysk otterdokse katolike tsjerken". It wurd "otterdoks" wol safolle sizze as 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn 'e lear'. De eastersk-otterdoksen oanfurdzje inkeld de [[dogma]]'s dy't fêstlein binne yn 'e earste sân oekumenyske [[konsily|konsyljes]]. De eastersk-otterdokse tsjerken moatte net betize wurde mei de [[oriïntaalsk-otterdokse tsjerken]], dy't har al op it [[Konsylje fan Galsedon]], yn [[451]], fan 'e memmetsjerke ôfspjalten.
 
=== Untstean ===
As tsjerke-organisaasje los fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] giet de eastersk-otterdoksy werom op it [[Grutte Skisma]] fan [[1054]], wêrby't de paus fan [[Rome]], [[Leo IX]], de patriarch fan [[Konstantinopel]], [[Michael Caerularius]], [[ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] en de patriarch de op syn beurt de paus yn 'e ban die. De oarsaak foar dy brek moat socht wurde yn 'e kulturele ferskillen en teologyske skelen dy't altyd al tusken it [[Gryksk]]talige easten en it [[Latynsk]]talige westen bestien hiene, mar dy't sûnt de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]], yn [[476]], almar grutter wurden wiene. Dêrnjonken spilen ek de fersteurde politike ferhâldings tusken east en west derby in rol. De [[paus]], as [[biskop]] fan [[Rome (stêd)|Rome]], easke it gesach oer de eastlike patriargaten op, wylst de patriarch fan [[Konstantinopel]] fan betinken wie dat hysels, as fertsjintwurdiger fan it "Nije Rome" (Konstantinopel), it measte rjocht hie om as spiritueel lieder fan 'e easterske tsjerke te fungearjen. In oar wichtich punt dat it [[skisma]] yn 'e hân wurke, wie de tafoeging troch de Westerske Tsjerken fan it ''[[Filioque]]'' oan 'e [[leauwensbelidenis]]; om't dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen wie, woe de easterske tsjerke him net akseptearje en beskôge dy it ''Filioque'' as [[teology]]sk ynkorrekt (oftewol kettersk).
 
=== De eastersk-otterdokse tsjerken ===
Dit is in list fan 'e erkende eastersk-otterdokse tsjerken yn folchoarder fan senioriteit, mei de autosefale tsjerken ûnder harren gesach ek op folchoarder fan senioriteit. (De [[Russysk-Otterdokse Tsjerke]] en de [[Tsjerke fan Syprus]] hâlde elk in oare folchoarder fan senioriteit oan, wêryn't sysels in promininter plak ynnimme.)
* it [[Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel]]
Rigel 81:
* de [[Pomoarsk Ald-Otterdokse Tsjerke]]
 
=== Keppeling om utens ===
* http://www.aartsbisdom.be/NLkerk/01wereld.html
* [http://users.skynet.be/orthodoxie.brugge/orthodoxie_ne.htm Orthodox aartsbisdom fan Belgje]
Rigel 87:
[[Kategory:Eastersk-otterdoksy| ]]
[[Kategory:Skiednis fan it kristendom]]
 
{{Link FA|af}}