Madrid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: arz:مدريد is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
[[FileOfbyld:A Black and White Photo of the the Gran Vía in Madrid Spain.jpeg|thumb|right|Gran Vía yn Madrid]]
Madrid waard foar it earst yn de skiednis neamd yn [[939]] doe't [[Ramiro II]], kening fan Leon, de [[Moaren]] harren wenplak (Marjit) ôfhandich makken. Yn [[1038]] folge it foarfêst ferdriuwen fan de Moaren troch kening [[Alfonso VI]] út de krite. [[Filips II fan Spanje|Filips II]] makke Madrid yn [[1561]] haadstêd fan it Spanje en brocht syn hofhâlding oer út Toledo. Yn de [[Spaanske suksesjeoarloch]] keas de stêd de side fan de [[Bourbons]]. Op [[2 maaie]] [[1808]] kaam de befolking yn opstân tsjin de [[Frankryk|Frânske]] troepen ûnder [[Murat]] en joech dêrmei it sein ta it ferset tsjin de [[Napoleon|Napolitaanske]] oerhearsking. De opstân waard op 3 maaie bluodderich delslein.
 
Yn de tweintiger jierren fan de [[20e ieu]] waakse it ynwennertal fan Madrid boppe de 1 miljoen minsken. Mânske stêdsútwreiding wie noadich sadat eardere doarpen as Carabanchel, Chamartín de la Rosa, Fuencarral en Vicálvaro oan de stêd 'fêstboud' kamen te sitten. Ek waard der in grut tal nij wiken konstruearre. Tagelyk waard de ferkearslachieder Gran Vía iepene, dy't it ferkear yn de binnenstêd ûntlêste moast en ek waard de [[metro fan Madrid]] oanlein. Under de [[Spaanske Boargeroarloch]] waard de stêd swier bombardearre en besketten troch de troepen fan [[Francisco Franco|Franco]].
Rigel 23:
[[Ofbyld:Clima Madrid-Barajas (España).PNG|right|212px|thumb|Klimaatgrafyk fan Madrid]]
 
De regio Madrid hat in [[mediterraansk klimaat]] mei kontinintale ynfloeden, mei waarme simmers en betreklik kâlde winters. Dêr moat by sein wurde dat Madrid klimatologysk bot ôfwykt fan it Spaanske [[Middellânske See|Middellânske Seegebiet]]gebiet, bygelyks mei Barselona of Falensia. It klimaat hat mear wei fan dat fan de stêden Sevilla of Kordoba, de winters binne foar Spaanske begripen kâld, mei minimum temperatueren ûnder it friespunt en út en troch snie, en de simmers binne ekstreem hiet. De hiele moannen july en augustus daalt de temperatuer sawat net ûnder de 30 graden en stiget geregeld ta 40 graden Celsius. Troch de hege lizzing fan de stêd, sawat 700 meter boppe seenivo, en it skrokke klimaat, daalt de temperatuer nachts meastentiids wol, yn tsjinstelling mei it Middellânske Seegebiet. It delslachsifer is leech, dochs falt der wolle alle seizoenen rein.
 
== Demografyske ûntjouwing ==
Rigel 73:
[[Kategory:Plak yn Spanje]]
[[Kategory:Haadstêd yn Jeropa]]
 
{{Link FA|arz}}