Arthur Conan Doyle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: cs:Arthur Conan Doyle is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Conan doyle.jpg|thumb|right|200px|Arthur Conan Doyle.]]
'''Arthur Conan Doyle''' (folút: sir '''Arthur Ignatius Conan Doyle'''; [[Edinburch]], [[22 maaie]] [[1859]] – [[Crowborough]], [[7 july]] [[1930]]) wie in [[Grut-Brittanje|Britsk]] [[dokter|medikus]] en [[skriuwer]], dy't fral bekend wurden is troch syn [[roman]]s en [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] oer de [[detektive (berop)|detektive]] [[Sherlock Holmes]] en syn assistint dokter [[John Watson]], dy't as mylpeallen en masterwurken op it mêd fan it [[detektiveferhaal|detektivedetektivesjenre]]sjenre beskôge wurde. Doyle hie in breed oeuvre en is ek bekend as auteur fan boeken en ferhalen yn 'e sjenres fan 'e [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en de [[science fiction]] (bgl. syn roman ''The Lost World''). Teffens skreau er [[histoaryske roman]]s, [[toanielstik]]ken, [[poëzij]] en non-fiksje. Njonken syn medysk wurkpaad, syn karriêre as skriuwer en syn twa houliken lei Doyle him ek ta op [[polityk]] en [[spiritisme]], en besocht er mei súkses in pear rjochterlike dwalings te korrizjearjen.
 
== Namme ==
Hoewol't de man gauris "Conan Doyle" neamd wurdt, wie eins allinnich "Doyle" syn efternamme, wylst "Conan" ien fan syn foarnammen wie. Dit blykt út it berteregister dêr't er yn opnommen is, út 'e katalogus fan 'e [[British Library|Britske Bibleteek]] en út it feit dat er riddere is ûnder de namme Doyle. De tradysje om him fan "Conan Doyle" te neamen, giet werom op syn eigen namgebrûk, mei't er sûnt er dat as syn efternamme joech sûnt fan 'e middelbere skoalle ôf kommen wie. Offisjeel hiet er sa lykwols net.
 
== Libben ==
 
=== Jonkheid en iere folwoeksenens ===
Arthur Conan Doyle waard op [[12 maaie]] [[1859]] berne yn 'e [[Skotlân|Skotske]] haadstêd [[Edinburch]]. Syn heit, Charles Altamont Doyle, wie berne yn [[Ingelân]], mar stamme út in [[Ierlân|Ierske]] famylje; syn mem, Mary Foley, wie ek fan Iersk komôf. Foar in grut part troch syn heite [[alkoholisme]] groeide Doyle op yn djippe earmoede. Fan [[1864]] oant [[1867]] waarden hy en de oare bern sels út 'e hûs pleatst, wat yn dy tiid wol wat sizze woe.
 
Rigel 13:
 
Fan [[1876]] oant [[1880]] studearre Doyle [[medisinen]] oan 'e [[Universiteit fan Edenburch]]. Neitiid meunstere er yn [[1880]] oan as [[skipsdokter]] op 'e [[walfiskfarder]] ''Hope of Peterhead'', op in reis nei [[Grienlân]], en yn [[1881]] op 'e ''Mayumba'' op in reis nei de westkust fan [[Afrika]]. Yn [[1885]] behelle er syn doktoraat mei in proefskrift oer [[syfilityske myelopaty]], in sykte dy't de [[senuw]]en yn 'e [[rêchbonke]] oantaast dy't ynformaasje út it lichem oan 'e [[harsens]] trochjouwe.
[[FileOfbyld:Sherlock Holmes Statue, Edinburgh.JPG|thumb|left|250px|It stânbyld fan Sherlock Holmes yn Doyle syn bertestêd [[Edinburch]].]]
 
=== Wurkpaad en skriuwkarriêre ===
Wylst er noch yn Edinburch studearre, begûn Doyle koarte ferhalen te skriuwen. Syn ierst bewarre bleaune ferhaal, ''The Haunted Grange of Goresthorpe'', waard ôfwiisd doe't er it ynstjoerde by in tydskrift. ''The Mystery of Sasassa Valley'', dat yn [[Súd-Afrika]] spilet, wie syn earste ferhaal dat publisearre waard, yn [[1879]]. Yn [[1882]] sette er tegearre mei syn klasgenoat George Turnavine Budd in dokterspraktyk op yn it Súdingelske [[Plymouth]], mar hja krigen al binnen in pear moannen spul, dat Doyle ferfear nei [[Portsmouth]], dêr't er op eigen manneboet in praktyk begûn. Yn 't earstoan kamen dêr net in protte pasjinten op ôf, en wylst er wachte oant dat feroare, sette Doyle útein mei it skriuwen fan syn earste romans, lykas ''The Mystery of Cloomber'', dat pas yn [[1888]] útjûn waard, en it ûnfoltôge ''Narrative of John Smith'', dat yn [[2011]] foar it earst publisearre waard. Ek skreau er noch mear ferhalen, dêr't ferskate fan ynspirearre wiene troch syn eigen seereizen, lykas ''The Captain of the Pole-Star'' en ''J. Habakuk Jephson's Statement''.
 
Rigel 26:
Njonken syn Sherlock Holmes-ferhalen hat Doyle ek in stikmannich [[histoaryske roman]]s skreaun: de "bettere dingen", dêr't Holmes syn tinzen fan ôflate. Iroanysk genôch binne dy sûnder útsûndering by it grutte publyk yn 'e ferjitnis rekke, wylst Sherlock Holmes in namme is dy't elkenien ken. Ek skreau Doyle [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en [[science fiction]], dêr't benammen de ''Perfester Challenger''-ferhalen fan neamd wurde moatte. De bekendste dêrfan is ''The Lost World'', út [[1912]], wêryn't in ferlerne wrâld ûntdutsen wurdt dêr't de [[dinosauriërs]] noch fuortlibje. Fierders binne fan Doyle syn hân ek [[poëzij]] en non-fiksje ferskynd.
 
=== Priveelibben ===
Yn [[1885]] troude Doyle mei Louisa Hawkins, byneamd "Touie", de suster fan ien fan syn pasjinten. Hja litte oan [[tuberkuloaze]] en stoar op [[4 july]] [[1906]]. It jiers dêrop wertroude er mei Jean Elizabeth Leckie, mei wa't er yn [[1897]] yn 'e kunde kommen wie. Hy wie doe daliks smoarfereale op har wurden, mar hie út respekt foar syn frou Touie in platoanyske relaasje mei har ûnderholden salang't syn earste houlik duorre. Jean oerlibbe har man tsien jier en stoar op [[27 juny]] [[1940]].
 
Doyle hie fiif bern, wêrfan twa mei syn earste frou: Mary Louise ([[1889]]-[[1976]]) en Arthur Alleyne Kingsley, dy't Kingsley neamd waard ([[1892]]-[[1918]]). Ut syn twadde houlik hied er trije bern: Denis Percy Stewart ([[1909]]-[[1955]]), dy't de twadde man wie fan 'e [[Georgje|Georgyske]] prinsesse (yn ballingskip) [[Nina Mdivani]]; Adrian Malcolm ([[1910]]-[[1970]]); en Jean Lena Annette ([[1912]]-[[1997]]).
 
=== Politike bemuoiïngs ===
Yn 'e [[Twadde Boere-oarloch]] ([[1899]]-[[1902]]), wêrby't it [[kolonialisme|kolonialistyske]] Britske Ryk [[Súdafrikaanske Republyk|Transfaal]] en de [[Oranje Frijsteat (republyk)|Oranjefrijsteat]] (de beide ûnôfhinklike republykjes dy't yn [[Súd-Afrika]] stifte wiene troch de ôfstammelingen fan [[Nederlân]]ske kolonisten) ûnder de foet rûn, tsjinne Doyle fan maart oant juny [[1900]] as frijwillige dokter yn in Britsk militêr fjildhospitaal yn 'e ferovere Frijsteatske haadstêd [[Blomfontein]]. Doe't it Britske optreden yn Súd-Afrika troch de hiele wrâld feroardiele waard, skreau hy yn [[1902]] in koart polityk pamflet mei as titel ''The War in South Africa: Its Cause and Conduct'' ("De Oarloch yn Súd-Afrika: Oarsaak en Utfiering"), wêrmei't er besocht om 'e oarloch te rjochtfeardigjen en te behimmeljen. Hysels wie fan miening dat it om dy publikaasje wie, dat er datselde jiers noch troch kening [[Edwert VII fan Grut-Brittanje|Edwert VII]] riddere waard (en sadwaande it [[predikaat]] "''sir''" foar syn namme krige). Oer de Twadde Boere-oarloch skreau er yn 1900 fierders ek it skiedkundige wurk ''The Great Boer War''.
 
Yn dyselde snuorje stelde Doyle him oant twa kear ta kandidaat foar it Britske parlemint foar de [[Liberale Unionistyske Partij]], ienris yn Edinburch en ienris yn [[Hawick Burghs]], mar hoewol't der beide kearen in respektabel oandiel fan 'e stimmen op him útbrocht waard, slagge it him net om in parlemintssit te bemachtigjen.
 
Fierders wie Doyle in fûleindich oanhinger fan 'e kampanje foar herfoarming fan it bestjoer fan 'e [[Kongofrijsteat]], it [[Afrika|Afrikaanske]]anske priveerykje fan 'e [[Belgje|Belgyske]] kening [[Leopold II fan Belgje|Leopold II]], dêr't de lânseigen befolking op in grouwélige manear ûnderdrukt en mishannele waard. Doyle rekke befreone mei de lieders fan dy kampanje, de Ingelske [[sjoernalist]] [[E.D. Morel]] ([[1873]]-[[1924]]) en de Ierske diplomaat [[Roger Casement|sir Roger Casement]] ([[1864]]-[[1916]]), en skreau û.o. it pamflet ''The Crime of the Congo'', wêryn't er de flier oanfage mei Leopold II syn regear. (Uteinlik waard Leopold yn [[1908]], ûnder druk fan 'e publike opiny troch it Belgyske parlemint twongen om syn ryk oan 'e Belgyske steat oer te dragen, en waard it omfoarme ta de [[Belgyske Kongo]].) Doyle syn freonskip mei Morel en Casement bekuolle lykwols, doe't Morel him ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] ûntpopte ta ien fan 'e lieders fan 'e Britske [[pasifisme|pasifistyske]] beweging. Mar likegoed gie Doyle (om 'e nocht) foar Casement yn 't pleit doe't dy fanwegen syn belutsenens by de Ierske [[Peaske-opstân]] fan [[1916]] ta de dea feroardiele waard foar [[heechferrie]].
 
=== Rjochterlike dwalings ===
Doyle wie ek in fûleindich ferdigener en pleitbesoarger fan gerjochtichheid en ûndersocht op eigen manneboet twa sletten saken, wat late ta de ynfrijheidstelling en de suvering fan 'e namme fan twa manlju dy't ûnskuldich yn it [[tichthûs]] sieten.
 
Rigel 46:
De twadde saak wie dy fan in Oscar Slater, in [[Joaden|Joad]] fan [[Dútslân|Dútsk]] komôf dy't in gokhal runde en dy't skuldich befûn wie oan it deahuffen fan in 82-jierrige frou yn it Skotske [[Glasgow]] yn [[1908]]. Doyle syn nijsgjirrigens waard yn dit gefal opwekke troch de tsjinstridichheden yn 'e saak fan 'e iepenbier oanklager en troch in yntuïtyf gefoel dat Slater ûnskuldich wie. Uteinlik betelle hy fierhinne de kosten fan Slater syn súksesfol berop, yn [[1928]].
 
=== Spiritualisme ===
Yn [[1918]] kaam Doyle syn soan Kingsley te ferstjerren oan in [[longûntstekking]] wylst er noch oan it opbetterjen wie fan slimme ferwûnings dy't er yn [[1916]] yn 'e [[Slach oan de Somme]] oprûn hie. Yn febrewaris [[1919]] stoar Doyle syn broer, brigadegeneraal Innes Doyle, ek oan longûntstekking, wylst koarte tiid nei de [[Earste Wrâldoarloch]] teffens fluch efterinoar twa sweagers en twa omkesizzers fan him it libben lieten. Fan gefolgen rekke Doyle swier depressyf. Hy fûn soelaas yn it [[spiritisme]], it leauwe dat de [[minske]] nei syn dea as geastlik wêzen fuortbestiet en dan de oanstriid en it fermogen hat om mei de libbenen te kommunisearjen. Ut syn boek ''The Coming of the Fairies'' ([[1922]]) docht bliken dat Doyle oertsjûge wie fan 'e echtheid fan 'e fiif saneamde ''Cottingley Fairies''-foto's (wêrop't sabeare geasten te sjen wiene), dêr't desennia letter fan bewiisd waard dat it ferfalskings wiene. Doyle syn roman ''The Land of Mist'' ([[1926]]), út 'e ''Perfester Challenger''-rige, giet ek grutdiels oer spiritisme.
 
Doyle wie ek in hoart befreone mei de Amerikaanske boeiekening [[Harry Houdini]]. Hoewol't dyselde him yn 'e tweintiger jierren, nei de dea fan syn mem, ta in foaroansteand tsjinstanner fan 'e spiritistyske beweging ûntpopte en oates en toates spiritistyske [[medium (spiritisme)|media]] as oplichters oan 'e kaak stelde, liket dat yn 't earstoan gjin ynfloed op syn relaasje mei Doyle hân te hawwen. Krekt oarsom, Doyle rekke derfan oertsjûge dat Houdini sels boppenatuerlike krêften besiet. Houdini wie blykber net by steat en ûntpraat him dat, en úteinlik late it ta in bittere en publyklike deilisskip tusken harren.
 
=== Ferstjerrren ===
Doyle stoar op [[7 july]] [[1930]] oan in [[hertoanfal]] yn syn lânhûs ''Windlesham Manor'', te [[Crowborough]], yn [[East-Susseks]]. Syn lêste wurden wiene rjochte oan syn frou: ''"Do bist geweldich."'' Hy waard begroeven yn 'e roazetún fan ''Windlesham Manor'', mar nei de dea fan syn frou Jean, yn [[1940]], waard er werbegroeven njonken har op it tsjerkhôf fan [[Minstead]] yn it [[New Forest]], yn it greefskip [[Hampshire]].
 
== Wurk ==
 
=== ''Sherlock Holmes''-ferhalen ===
 
==== Romans ====
* ''A Study in Scarlet'' (1887)
* ''The Sign of the Four'' (1890)
Rigel 65:
* ''The Valley of Fear'' (1914-1915, as fúljeton)
 
==== Ferhalen en ferhalebondels ====
[[Ofbyld:Sherlock Holmes - The Man with the Twisted Lip.jpg|thumb|right|250px|Sherlock Holmes.]]
* ''The Adventures of Sherlock Holmes'' (1892)
Rigel 131:
** ''The Adventure of Shoscombe Old Place''
 
==== Losse ferhalen ====
Dit binne losse ferhalen, dy't net opnommen binne yn 'e fiif ferhalebondels en/of dy't Doyle skreau yn gearwurking mei oare auteurs.
* ''The Field Bazaar'' (1896)
Rigel 138:
* ''How Watson Learned the Trick'' (1924)
 
==== Toanielstikken ====
* ''Sherlock Holmes: A Drama in Four Acts'' (1899; alternative titel: ''Sherlock Holmes'')
* ''The Speckled Band'' (1902; oarspronklike titel: ''The Stonor Case''; basearre op ''The Adventure of the Speckled Band'')
* ''The Crown Diamond: An Evening with Mr Sherlock Holmes'' (1921; in oanpaste ferzje fan ''The Adventure of the Mazarin Stone'')
 
==== Oar ====
* ''Plot for Sherlock Holmes Story'' (±1900; in plot foar in ferhaal dat Doyle nea skreaun hat; neitiid troch ferskate auteurs skreaun, lykas troch [[Peter Haining]] ûnder de titel ''The Adventure of the Tall Man'')
 
=== ''Perfester Challenger''-ferhalen ===
 
==== Romans ====
* ''The Lost World'' (1912)
* ''The Poison Belt'' (1913)
* ''The Land of Mist'' (1926)
 
==== Koarte ferhalen ====
* ''When the World Screamed'' (1928)
* ''The Disintegration Machine'' (1929)
 
=== Histoaryske romans ===
* ''Micah Clarke'' (1888)
* ''The White Company'' (1891)
Rigel 166:
* ''Sir Nigel'' (1906)
 
=== Oare romans ===
* ''The Mystery of Cloomber'' (1889)
* ''The Firm of Girdlestone'' (1890)
Rigel 177:
* ''The Maracot Deep'' (1929)
 
=== ''Kaptein Sharkey''-ferhalen ===
* ''How the Governor of Saint Kitt's Came Home'' (1897)
* ''The Dealings of Captain Sharkey with Stephen Craddock'' (1897)
Rigel 183:
* ''The Blighting of Sharkey'' (1911)
 
=== Oare koarte ferhalen ===
* ''The Mystery of Sasassa Valley'' (1879)
* ''The American's Tale'' (1880)
Rigel 306:
* ''The Parish Magazine'' (1930)
 
=== Ferhalebondels ===
* ''The Captain of the Polestar, and Other Tales'' (1890)
* ''My Friend the Murderer and Other Mysteries and Adventures'' (1893)
Rigel 323:
* ''The Man from Archangel and Other Tales of Adventure'' (1925)
 
=== Poëzij ===
* ''Songs of Action'' (1898)
* ''Songs of the Road'' (1911)
* ''The Guards Came Through, and Other Poems'' (1919)
 
=== Operette ===
* ''Jane Annie, or The Good Conduct Prize'' (1893; mei [[J. M. Barrie]] en [[Ernest Ford]])
 
=== Non-fiksje ===
* ''The Great Boer War'' (1900)
* ''The War in South Africa: Its Cause and Conduct'' (1902)
Rigel 346:
* ''Dangerous Work: Diary of an Arctic Adventure'' (2012; in earder nea publisearre deiboek oer Doyle syn ûnderfinings as skipsdokter oan board fan 'e walfiskfarder ''Hope of Peterhead'')
 
=== Autobiografysk ===
* ''The Wanderings of a Spiritualist'' (1921)
* ''Our American Adventure'' (1923)
Rigel 352:
* ''Memories and Adventures'' (1924)
 
== Keppelings om utens ==
* {{en}}[http://www.sherlockholmesonline.org/ Sherlock Holmes online]
* {{en}}[http://www.mobilebooks.org/?author=ACD Sir Arthur Conan Doyle mobile e-books]
Rigel 369:
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Britsk dokter]]
 
{{Link FA|cs}}