Julia Domna: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rotlink (oerlis | bydragen)
L fixing dead links
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Julia Domna is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 5:
 
== Libben ==
Julia Domna waard berne yn de de Romeinske provinsje [[Syrje]] as dochter fan Julius Bassianus, hegepryster fan de [[El Gebal]] sinnegod kultus fan [[Emesa]]. As jonge frou reizge sy nei it westen en troude yn [[187]] mei de Noard-Afrikaanske Lusius [[Septimius Severus]], dy't letter keizer fan Rome wurde soe. Yn [[188]] en [[189]] waard sy mem fan twa soannen, [[Karakalla]] en [[Geta]].
 
Doe't Septimius Severus yn [[193]] troch de [[senaat (Rome)|senaat]] ta keizer útroppen waard, krige sy de titel ''Augusta'' (keizerin). Omdat sy altyd mei har man meigong op fjildtochten krige sy yn [[195]] de titel ''Mater Castrorum'' (mem fan de forten of legerkampen).<ref>''[[Corpus Inscriptionum Latinarum|CIL]]'' <span class=plainlinks>[http://compute-in.ku-eichstaett.de:8888/pls/epigr/epieinzel_de?p_belegstelle=CIL+12%2C+04345&r_sortierung=Belegstelle XII 4345], [http://compute-in.ku-eichstaett.de:8888/pls/epigr/epieinzel_de?p_belegstelle=CIL+14%2C+00120&r_sortierung=Belegstelle XIV 120].</ref> Nei de dea fan Septimius Severus yn [[211]], soe sy troch de senaat noch mear titels takend wurde, te witten: ''Mater Senatus'' en ''Mater Patriae'' (Mem fan de Senaat en Mem des Heitelâns).
 
Doe't harren soannen keizer wurde wienen, woenen dizze net gearwurkje en beslute it ryk op te dielen yn in eastlik part, mei Geta as keizer, en westlik part, mei Karakalla as keizer. Julia Domna kaam lykwols tuskenbeide en ferhindere de opsplitsing mei de wurden: "Jim kinne miskien it ryk wol tusken inoar ferdiele, mar net jim mem".<ref>[[Herodianus]], ''Ab excessu divi Marci'' IV 3.8.</ref>
Rigel 24:
 
[[Kategory:Romeinsk keizer]]
 
{{Link FA|de}}