Evenhoevigen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 77 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q25329
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: de:Paarhufer is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
De '''evenhoevigen''' ([[Latyn]]ske namme: ''Artiodactyla'') foarmje in [[skift]] fan 'e [[klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia'') dat karakterisearre wurdt troch it hawwen fan twa teannen (of oars sein: spjalten hoeven); de beide bûtenste teannen binne rudimintêr oanwêzich. De evenhoevigen binne benammentlik bekend as de meast súksesfolle [[herbivoar|plante-iters]] dy't der binne. Lang wiene de [[ûnevenhoevigen]] de meast súksesfolle groep hoefdieren, mar dy ferlearen dy posysje doe't yn it [[Mioseen]] de wâlden romte makken foar gerzige flakten.
 
In stikmannich soarten evenhoevigen binne domestisearre troch de [[minske]] en binne fan krúsjaal [[ekonomy|ekonomysk]]sk belang, lykas de [[ko]], it [[skiep]], de [[geit]], de [[baarch]], it [[kamiel]], de [[lama]] en it [[rindier]]. Hja binne wol tige fetber foar sykten as [[tongblier]], wat de ûnevenhoevigen (lykas it [[hynder]] en de [[ezel]]) wer net binne.
 
Foarhinne bestie it skift fan 'e evenhoevigen út trije ûnderskiften: de [[barge-eftigen]], de [[kamieleftigen]] en de [[wjerkôgers]]. Fan 'e [[nylhoarsen]] is lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'e [[bargen]] en de [[pekarys]], mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'e [[walfiskeftigen]]. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar de [[taksonomy|taksonomyske yndieling]], mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. It skift wurdt sadwaande no ek wol ''Cetartiodactyla'' of "walfiskeftigen en evenhoevigen" neamd.
Rigel 7:
Yn elts gefal kin no sein wurde dat de evenhoevigen oeral op 'e wrâld (mei útsûndering fan [[Antarktika]]) foarkomme. Kwa uterlik rinne se útinoar fan 'e [[lytse kantjyl]], dy't noch gjin 3 kg weaget, oant de [[blauwe finfisk]], dy't in gewicht fan 170 ton berikke kin.
 
== Skiftopbou ==
[[Ofbyld:Wapiti.jpg|right|thumb|300px|In [[wapity]].]]
Troch de ynpassing fan 'e walfiskeftigen yn dit skift is de yndieling op 't heden noch wat in rommeltsje; wêr't hjirûnder "takson" stiet, wol dat sizze dat dy [[taksonomy|taksonomyske]]ske groep noch net in nije rang tawiisd krigen hat.
* skift evenhoevigen (''Artiodactyla'')
** ûnderskift [[barge-eftigen]] (''Suina'')
Rigel 58:
[[Kategory:Sûchdiereskift]]
[[Kategory:Evenhoevige| ]]
 
{{Link FA|de}}