Hamlet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oanf
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Hamlet is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Henry Fuseli rendering of Hamlet and his father's Ghost.JPG|thumb|right|300px|Horatio, Marcellus, Hamlet en de Geast yn in skilderij fan [[Henry Fuseli]] út [[1798]]).]]
'''''Hamlet, Prins fan Denemark''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Hamlet, Prince of Denmark''''', is in [[trageedzje]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]], dy’t er earne yn 'e perioade [[1600]]-[[1602]] skreaun hawwe moat. It ferhellet fan 'e foarfallen oan it [[Denemark|Deenske]] hof as prins Hamlet thúskomt nei lang om utens west te hawwen en ûntdekt dat syn heit, de eardere kening, fermoarde is troch syn omke, dy't no op 'e troan sit. ''Hamlet'', sa't de titel fan it stik yn 'e regel ôfkoarte wurdt, is nei gedachten it bekendste toanielstik fan Shakespeare, dat noch altiten rûnom opfierd wurdt. It hat withoefolle steande útdrukkings yn 'e Ingelske taal yntrodusearre, lykas ''the undiscovered country'' ("it ûnûndutsen lân"; de dea), ''conscience doth make cowards of us all'' ("ús gewisse makket ús allegear ta lêferts"), en de gauris oanhelle wurden ''to be or not to be, that’s the question'' ("bestean of net bestean, dat is de fraach"; út akte III, sêne 2). De earste [[Frysk]]e oersetting waard yn [[1925]] makke troch [[Teatse Eeltsje Holtrop]].
 
== Eftergrûn ==
''Hamlet'' is mei 3929 rigels it langste toanielstik fan Shakespeare. It is ûndúdlik wannear't er it skreaun hat, nammenste mear om't der in eardere ferzje fan bestien liket te hawwen, it saneamde [[Oer-Hamlet|Oer-''Hamlet'']], dy't foar it earst yn [[1589]] neamd waard. Shakespeare syn ferzje kaam pas yn [[1604]] út. Der wurdt wol spekulearre dat Oer-''Hamlet'' in iere foarm fan it Shakespeariaanske ''Hamlet'' wêze kinne soe. Hoe dan ek, ''Hamlet'' wurdt rekkene ta de [[wraaktrageedzjes]], mar ien fan de meast opfallende saken yn it stik is krekt dat Hamlet mar min ta wraak en oare foarmen fan aksje komme kin. Yn syn sielestriid freget er him dan ek ôf oft er no better libje (''to be'') as stjerre (''not to be'') kin. Hoewol’t wraak (of it ûnfermogen dêrta) in wichtich tema is, binne der noch oare belangrike motiven, lykas famyljerelaasjes, relaasjes tusken minners en freonen, spoeksels, dwylsin (de sabeare sljochtsinnigens fan Hamlet en de wiere gekte fan Ophelia) en moard en selsmoard.
 
Rigel 13:
It Deenske hof wie yn Shakespeare syn tiid fêstige op 'e doe noch nije Kroanboarch yn [[Helsingor]]. De Kroanboarch bestiet noch altyd en elts jier wurdt der in rige opfierings fan ''Hamlet'' holden.
 
== Ynhâld ==
It toanielstik spilet yn Elsinore, Denemark. Prins Hamlet is de soan fan kening Hamlet, dy’t twa moanne ferlyn stoarn is. Claudius, de broer fan de kening, hat de troan fan Denemark bestige en hy is al rillegau nei de begraffenis troud mei syn skoansuster, de widdo Gertrude. De jonge Hamlet kin mar net begripe hoe't syn mem sa fluch wertrouwe kin en hy fermoedet dat syn omke syn heit deadien hat om sels kening wurde te kinnen.
 
Rigel 34:
Ferskate lettere skriuwers hawwe Shakespeare syn ''Hamlet'' wer fierder bewurke. In foarbyld is [[Tom Stoppard]] syn de [[komeedzje]] ''Rosencrantz and Guildenstern Are Dead'', dêr't dy twa figueren út ''Hamlet'' de haadrol yn hawwe wylst de prins fan Denemark mar in byrol ferfollet.
 
== Fryske oersetting ==
De earste Fryske oersetting fan ''Hamlet'' wie fan 'e hân fan [[Teatse Eeltsje Holtrop]], en ferskynde yn [[1925]] ûnder de titel ''Hamlet, Prins fen Denemarken'', sawol yn it [[literatuer|literêre]] tydskrift ''[[Sljucht en Rjucht]]'' as by [[útjouwerij]] D.J. Kamminga te [[Dokkum]]. Letter makke de Fryske oersetting fan ''Hamlet'' fan [[Douwe Kalma]] diel út fan ''Shakespeare's Wurk Dl. VI'', ien fan 'e [[omnibus]]útjeften fan 'e [[Fryske Shakespeare Stifting]] te [[Drachten]], dy't yn [[1966]] ferskynde. Yn [[1996]] makke [[Bouke Oldenhof]] foar [[Tryater]] in nije oersetting ûnder de titel ''De Trageedzje fan Hamlet, Prins fan Denemarken''. En de oant no ta lêste fertaling is fan 'e hân fan [[Tryntsje van der Zee]], en waard yn [[2004]] yn in bewurking troch [[Bernadette Lieffering]] útbrocht troch de [[Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel]] (St.U.F.T.).
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.hyperhamlet.unibas.ch/ HyperHamlet] - research project at the University of Basel (English)
{{Link FA|af}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Shakespeare, William}}, ''Hamlet, Prins fen Denemarken'' (oers. Teatse Eeltsje Holtrop), Dokkum, 1925 (D.J. Kamminga), sûnder ISBN.
Line 54 ⟶ 52:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link FA|af}}
{{Link FA|en}}