De Nacht (boek fan Elie Wiesel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q592503
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Night (book) is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Elie Wiesel 2012 Shankbone.JPG|thumb|right|180px|[[Elie Wiesel]].]]
'''''De Nacht''''', yn it oarspronklike [[Frânsk]]: '''''La Nuit''''', is in boek fan 'e hân fan 'e [[joadendom|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|AmerikaanskAmerikaanske]]e [[skriuwer]], [[heechlearaar]], polityk aktivist en [[Nobelpriis]]winner [[Elie Wiesel]] ([[1928]]). It is syn [[autobiografy]]sk tsjûgenis oer syn ûnderfinings út 'e jierren [[1944]] en [[1945]], doe't er, oan 'e ein fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], deportearre waard en op it hichtepunt fan 'e [[holokaust]] yn 'e [[Dútslân|Dútske]] [[konsintraasjekamp]]en [[Auschwitz]] en [[Buchenwald]] bedarre. ''La Nuit'' waard foar it earst útjûn yn [[1958]]; de [[Frysk]]e oersetting fan [[Jacobus Knol]] kaam út yn [[1995]].
 
== Eftergrûn ==
Nei de oarloch duorre it mear as tsien jier ear't Wiesel oer syn ûnderfinings yn 'e konsintraasjekampen prate koe. Uteinlik wie it syn freon, de [[Frankryk|Frânske]] winner fan 'e [[Nobelpriis foar de Literatuer]] [[François Mauriac]], dy't him dy't him oerhelle om syn ferhaal op te skriuwen. Dat resultearre yn in 865 siden tellend manuskript, dat nei in ûnmeilydsume redigearring yn [[1956]] yn it [[Jiddysk]] publisearre waard as it 245 siden tellende boek ''Un di Velt Hot Geshvign'' ("En de Wrâld Swei"). Neitiid redigearre Wiesel nochris hast 150 siden fuort en werskreau er syn tsjûgenis ta goed hûndert siden yn it Frânsk. Dat waard ''La Nuit'', dat yn 1958 útkaam.
 
Rigel 9:
Oars as dat mei de boeken fan [[Anne Frank]] en Primo Levi it gefal is, is it net alhiel dúdlik hoefolle fan Wiesel syn ferhaal oft memoire is en hoefolle oft er der letter by betocht hat. Hysels hat lulk reägearre op 'e bewearing dat er syn autobiografyske ûnderfinings fermongen hat mei fiksje, mar dochs hawwe [[skiedkundige]]n syn ferhaal net alhiel rime kind mei de wurklikheid.
 
[[FileOfbyld:Auschwitz-birkenau-main track.jpg|thumb|left|250px|[[Auschwitz-Birkenau]].]]
''De Nacht'' is it earste diel fan in trilogy (mei ''[[De Dage]]'' en ''[[De Dei (Wiesel)|De Dei]]'' as oare beide dielen) dy't Wiesel syn geastessteat werjout ûnder en nei de holokaust. De titels fan 'e trije boeken litte in oergong fan tsjuster nei ljocht sjen, neffens de joadske tradysje om 'e dei te begjinnen by sinne-ûndergong. Wiesel: ''"Yn ''De Nacht'' woe ik de ein toane, de definitive einigens fan it barren. Alles kaam ta in ein — de minske, skiednis, literatuer, godstsjinst, God. Der wie neat mear oer. En dochs begjinne wy fannijs mei de nacht."''*<ref>Reichek, Morton A., ''Elie Wiesel: Out of the Night''.</ref>
 
== Ynhâld ==
Yn ''De Nacht'' ferhellet Wiesel oer hoe't de joaden fan syn berteplak Sighet (it hjoeddeiske [[Sighetu Marmației]], yn noardlik [[Roemeenje]], mar doedestiden ûnderdiel fan [[Hongarije]]) hieltyd slimmer te lijen krije ûnder de [[antysemitisme|antysemityske]] maatregels fan it Hongaarske regear, dy't ynfierd wurde ûnder druk fan 'e [[nasjonaal-sosjalisme|nazys]]. Earst wurde de joaden dy't net bewize kinne dat se Hongaarske steatsboargers binne, deportearre. Dan wurde de oaren geartroppe yn in [[getto]]. Uteinlik, yn 1944, wurde ek sy deportearre, en ûnder harren is Wiesel syn famylje.
 
Op 'e âldens fan sechstjin jier komt Wiesel yn Auschwitz telâne, dêr't syn mem en jongste suske frijwol daliks fermoarde wurde. Hysels en syn heit bedarje yn in wurkkamp, dêr't de omstannichheden abominabel binne en de hiele wrâld op 'e kop komt te stean. Wiesel docht der in almar oanboazjende ôfwearze fan 'e minskheid op. Nei ferrin fan tiid, as it [[Reade Leger]] te nei-oan komt, wurde de oerlibjende finzenen nei it westen ta dreaun, dêr't se yn Buchenwald fêstset wurde. Dêr binne de omstannichheden, op 'e ein fan 'e oarloch, as foar gewoane Dútsers de libbensbehoeften al krap wurde, sa mooglik noch minder. Wiesel syn oan dysentery, ûnderfieding en útputting lijende heit rekket suver hielendal fan him ôfhinklik, wat him wrokkich makket. Nei't syn heit yninoar slein wurdt troch in bewekker kriget er ek noch in wan bruien fan twa oare finzenen, om't er net mear bûten komme kin om syn behoef te dwaan. Wiesel is net by steat en beskermje him. Syn heit stjert oan 'e gefolgen fan 'e mishanneling in pear wike foar't Buchenwald troch de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] befrijd wurdt.
 
== Fryske oersetting ==
De Fryske oersetting fan ''La Nuit'' ferskynde yn [[1995]] ûnder de titel ''De Nacht'' by de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] (nû. 385), mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]]. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan [[Jacobus Knol]] te [[Dokkum]]. Yn [[2002]] waard deselde oersetting nochris útjûn, op 'e nij troch de KFFB (nû. 423), yn in [[omnibus]] mei twa oare, nau besibbe boeken fan Wiesel, ''[[De Dage]]'' en ''[[De Dei (Wiesel)|De Dei]]''.
 
Rigel 33:
[[Kategory:Frânske literatuer|Nacht (Wiesel), De]]
[[Kategory:Fryske oersetting|Nacht (Wiesel), De]]
 
{{Link FA|en}}