Romeo en Julia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Romeo and Juliet is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 2:
'''''Romeo en Julia''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Romeo and Juliet''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]] (de folute titel is: ''The Most Excellent and Lamentable Tragedy of Romeo and Juliet'' - "De Aldertreflikste en Alderbeklaachlikste Trageedzje fan Romeo en Julia"). It is in [[trageedzje]] wêryn't de ûnmooglike leafde fan Romeo Montague en Julia Capulet beskreaun wurdt, telgen út rivalisearjende famyljes dy't al sûnt minskewitten in fete útfjochtsje. Mei ''[[Hamlet]]'' is ''Romeo en Julia'' nei gedachten ien fan 'e bekendste en populêrste stikken fan Shakespeare. De nammen fan 'e haadpersoanen binne troch de ieuwen hinne sprekwurdlik wurden foar jonge minners. Men is fan tinken dat it stik skreaun wêze moat tusken [[1591]] en [[1595]]. De [[Frysk]]e oersetting is fan [[Douwe Kalma]].
 
== Eftergrûn ==
Shakespeare hat foar ''Romeo en Julia'', krekt as foar guon oare toanielstikken, tige gebrûk makke fan boarnen, yn dit gefal fan al besteande [[Itaalje|Italjaanske]] ferhalen. De stoarje fan ''Romeo en Julia'' is fierhinne basearre op in ferhaal fan [[Masuccio Salernitano]] út [[1476]], dêr't tema's út âldere Italjaanske teltsjes yn útwurke waarden ta de skiednis fan Mariotto en Gianozza, twa ûngelokkich fereale jongelju út [[Sienna]]. Dêryn wurdt Mariotto úteinlik finzen nommen en letter ûnthalze, om't er syn tsjinstanner delstutsen hat. Gianozza stjert dan fan fertriet.
 
Rigel 11:
''Romeo and Juliet'' is nei alle gedachten skreaun tusken 1591 en 1595, en is dêrmei ien fan Shakespeare syn ierdere stikken. It waard foar it earst opfierd yn Londen op [[29 jannewaris]] 1595, en publisearre yn [[1597]], mar de tekst fan dy earste útjefte wie fan sa'n skeamele kwaliteit dat der yn lettere edysjes withoefolle korreksjes oanbrocht wurde moasten. It gebrûk dat Shakespeare yn ''Romeo and Juliet'' makket fan effekten lykas it ôfwikseljen fan komyske mei tragyske ferhaaleleminten om 'e spanning oanboazje te litten, syn útwreidzjen fan 'e rollen fan mindere personaazjes en syn gebrûk fan subplots om it stik te ferfraaien wurde beskôge as hantwizings nei syn lettere masterskip op it mêd fan toanielskriuwerij.
 
== Ynhâld ==
It stik iepenet mei in strjitgefjocht tusken oanhingers fan 'e famyljes Montague en Capulet, dy't yn Verona swarde fijannen binne. De prins fan Verona grypt yn en stelt fierdere fredebrek strafber mei de dea. Letter fersiket greve Paris Capulet om 'e hân fan syn dochter, Julia, mar Capulet freget him om noch twa jier te wachtsjen en noeget him út om in oansteand bal yn it hearehûs fan syn famylje by te wenjen. Neitiid oarderet er Julia om mei Paris te trouwen; frouwe Capulet en Julia har minne besykje it tsjinabbelearjende fanke oer te heljen om har by dat houlik del te lizzen.
 
Underwilens praat Benvolio mei syn neef Romeo, de soan fan Montague, oer Romeo syn resinte swiermoedigens. Hy ûntdekt dat dy feroarsake wurdt troch in ûnbeäntwurde leafde foar in famke dat Rosaline hjit, ien fan Capulet syn omkesizzers. Dêrta oerhelle troch Benvolio en Mercutio giet Romeo nei it bal by de Capulets, yn 'e hope dat er Rosaline dêr moetsje sil. Ynstee dêrfan wurdt er lykwols smoarfereale op Julia. Nei it bal, yn wat tsjintwurdich bekend stiet as "de balkonsêne", glûpt Romeo de wyngerd fan 'e Capulets yn en heart er troch har iepen finster hoe't Julia har leafde foar him ferklearret, nettsjinsteande it feit dat er in hate Montague is. Romeo oppenearret him dêrop en hja wurde it deroer iens om te trouwen. Mei de help fan frater Laurence, dy't hopet om 'e beide famyljes mei-inoar te fermoedsoenjen troch it houlik fan harren bern, trouwe se de oare deis temûk.
[[ImageOfbyld:Francesco Hayez 053.jpg|thumb|left|''L’ultimo Bacio Dato a Giulietta da Romeo'' troch [[Francesco Hayez]], út [[1823]].]]
 
Julia har neef Tybalt, dy't poermâl is om't Romeo it bal fan 'e Capulets binnenglûpt is, daget Romeo út ta in duël. Mar Romeo, dy't Tybalt no as famylje beskôget, wegeret om mei him te fjochtsjen. Mercutio, dy't him yn syn eare oantaast fielt troch sawol de ûnbeskamme Tybalt as troch de lêfe Romeo, akseptearret dan de útdaging foar Romeo yn 't plak. As Romeo it duël dêrop mei fysike middels besiket tsjin te hâlden, rekket Mercutio deadlike ferwûne. Breinroer fan fertriet en skuldgefoelens deadet Romeo dan Tybalt.
Rigel 27:
It stik einiget as de beide famyljes en de prins gearkomme yn 'e grêfkelder en dêr de trije jongelju dea fine. Frater Laurence fertelt dan it ferhaal fan 'e beide minners. De famyljes binne sa skokt troch de dea fan harren bern, dat se einlings en te'n lêsten mei-inoar fermoedsoene wurde kinne en ûnthjitte om 'e fete te beëinigjen.
 
== Neifolgers ==
Wat de struktuer oangiet, wykt ''Romeo en Julia'' ôf fan 'e oare trageedzjes fan Shakespeare; it is suver mear in [[komeedzje]], útsein dat de beide haadpersoanen inoar op 'e ein net krije, mar ynstee stjerre. Twa ferzjes dy't basearre binne op Shakespeare sines hawwe beide dy ein wat oanpast. De bewurking ''The History and Fall of Caius Marius'' ("De skiednis en fal fan Caius Marius") fan [[Thomas Otway]], dat spilet yn [[Rome]], lit Romeo noch libje oant er mei Julia praat hat. Datselde jildt ek foar de ferzje fan [[David Garrick]]. Yn 'e [[20e ieu]] hawwe der ferskate ferzjes west dy't net yn it ferline spilen, mar yn it hjoed en op it plak dêr't se útfierd waarden.
 
It toanielstik hat ek de ynspiraasje west foar produksjes yn oare foarmen fan [[keunst]]. Der binne ûnder mear [[opera]]'s en [[ballet]]ten makke mei as basis it ferhaal fan Romeo en Julia. Ek hat it de ynspiraasje west foar de [[musikal]] ''[[West Side Story]]''. Fierders hat it toanielstik ek ferskate filmmakkers ynspirearre. Yn 'e rin fan de tiid binne der fan ''Romeo en Julia'' mear as fjirtich filmferzjes makke.
 
== Fryske oersetting ==
De Fryske oersetting fan ''Romeo en Julia'' is fan 'e hân fan [[Douwe Kalma]] en makke yn [[1966]] ûnderdiel út fan ''Shakespeare's Wurk Dl. VI'', ien fan 'e [[omnibus]]edysjes fan 'e [[Fryske Shakespeare Stifting]] te Drachten. Yn [[2001]] foarme in nije oersetting fan [[Antine Zijlstra]] de basis foar in opfiering fan it ''Romeo en Julia'' yn it ramt fan it [[iepenloftspul]] te [[Burgum]], ûnder rezjy fan [[Anny Veenstra]].
 
Rigel 46:
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Itaalje]]
 
{{Link FA|en}}