Oto (keizer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: fi:Otho is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Oth001.jpg|thumb|right|250px|Buste fan keizer Oto]]
'''Markus Salvius Oto''' (Ferentinum, [[28 april]] [[32]] - Brixellum, [[17 april]] [[69]]) wie [[Romeinske keizers|Romeinsk keizer]] fan [[15 jannewaris]] oant 17 april 69.
 
== Skiednis ==
Oto wie earder, yn de jierren 50, befreone west mei keizer [[Nearo]]. Hy rekke lykwols út de graatsje doe't Nearo belangstelling krige foar syn frou [[Poppaea Sabina]] en Nearo him fuort promovearre nei [[Hispania Lusitania|Lusitania]] (Portugal) om dêr gûverneur te wurden. Poppaea bleau efter en Nearo makke har ta syn matresse, letter as twadde frou.
 
Doe't yn [[68]] de opstân útbruts tsjin Nearo, wie Oto noch hieltyd yn Lusitania. Tegearre mei de gûverneur fan de oanswettende provinsje [[Hispania Tarraconensis]] (Súd-Spanje), [[Galba]] sette er him ôf tsjin de keizer. Boppedat tocht Oto troch in alliaazje oan te gien mei Galba in grutte kâns te meitsjen om sels keizer te wurden. Sy hienen de ôfspraak makke dat as Galba, ienkear keizer wurden wie, him as opfolger adoptearre soe, wat de leeftyd fan de 70-jierrige Galba sjoen, nei alle gedachten net iens sa lang hoegde te doaren om it keizerskip te ferwurven.
 
Nearo plige selsmoard op [[9 juny]] 68 en Galba waard de nije keizer. Lykwols bruts op [[1 jannewaris]] [[69]] in opstân út, troch de legioenen ûnder it kommando fan [[Fitellius]] dy't harren op wei setten nei de haadstêd fan it Romeinske Ryk, Rome. Doe't it nijs Galba berikte, ropte de keizer hastich [[Lucius Calpurnius Piso Licinianus|Piso]] as syn opfolger út. Oto fielde him sa besoademitert dat er besleat om in kûp te pligen en Galba fermoarde te litten. Foar in protte jild kocht er de [[Praetoriaanske garde]] om en op [[15 jannewaris]] waard Galba troch syn eigen liifwacht fermoarde. Op de moarderij waard ek Piso en in grut tal oare minsken deade. De senaat hie net folle kar en moast Oto as de nije keizer erkennen.
 
Oto krige de stipe fan it leger yn [[Afrika]] en dat yn it easten, troch de kommandanten bonussen en herfoarmingen yn it foarútsjen te stellen. Nettsjinsteande dizze grutte oermacht waard Oto lykwols hiel bot bedrige troch it oankommende leger fan Fitellius. Syn eigen legers befûnen har benammen yn Afrika, [[Egypte]], oan de [[Eufraat]] en de [[Donau]] en soenen net op tiid komme kinne om de sân opstannige legioenen tsjin te holden. Yn alle gauwens socht Oto nei fersterkings. Trije legioenen út de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]] hasten har nei Rome mar koenen nea op tiid komme. Yn panyk waarden legers ymprovisearre en waarden sels 2000 gladiatoren ynsetten.
 
Nei in tal skermutselingen fûn op [[14 april]] [[69]] de grutte slach plak. Dizze slach stiet bekend as de [[earste slach by Bedriakum]]. It leger fan Oto waard yn de pan hakt en goed 40.000 soldaten sneuvelen yn de striid. Oanslein troch de nederlaach dy Oto himsels te koart.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/otho.htm {{Aut|J. Donahue}}, art. Otho (69 A.D.), yn ''DIR'' (1999).]
* [http://www.roman-emperors.org/othox.htm {{Aut|D.J. Coffta}}, art. Otho (69 A.D.), yn ''DIR'' (1996).]
 
[[Kategory:Romeinsk keizer]]
 
{{Link FA|fi}}
 
[[zh:奧索]]