Tasitus (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L protte red + bytsje oanf
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: ia:Tacito is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Tasitus''' (yn it [[Latyn]]: '''Tacitus'''), folút: '''Publius Kornelius Tasitus''' of '''Gajus Kornelius Tasitus'''<ref>De brieven fan [[Sidoanius Apollinaris]] neame him "Gajus"; yn ien fan 'e twa oerbleaune manuskripten fan syn wurken wurdt er as "Publius" oantsjutten (<span style="font-variant: small-caps;">Syme, R.</span>, ''Tasitus'', s. 59).</ref> ([[56]]/[[57]]-±[[120]]) wie in [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] [[histoarikus]], [[skriuwer]] en reedner. Dat lêste wie iroanysk, yn acht nommen dat syn ''[[cognomen]]'' Tasitus yn it Latyn de betsjutting "swijend" of "swijsum" hat. Hy wurdt gauris beskôge as Romes grutste skiedskriuwer. Tasitus syn sympaty gie dúdlik út nei in [[republyk|republikeinske steatsfoarm]], ynstee fan nei de eigenwille fan guon fan 'e [[keizer]]s.<ref>Dit is teminsten de oerhearskjende fyzje sûnt de [[Frânske Revolúsje]]: histoarikus Giuseppe Toffanin ûnderkent troch de skiednis hinne twa kampen: de "reade tasitisten", dy't Tasitus oangripe om harren "republikeinske" gefoelens te uterjen; en de "swarte tasitisten", dy't yn Tasitus fral in hantlieding sjogge om in monargy ta in goed ein te bringen. Fan 'e [[Renêssânse]] ôf (wannear't Tasitus syn geskriften nei lang wei west te hawwen wer boppe wetter komme) oant de iere [[Ferljochting (tiidrek)|Ferljochting]] fynt men ferneamde foarbylden fan beide "kleuren" fan Tasitus-oanhingers: [[Francesco Guicciardini]] en [[Denis Diderot]] kinne as foarbylden fan 'e swarte tasitisten neamd wurde, wylst men de geskriften fan [[Machiavelli]] dan wer yn twa rjochtings útlizze kin: swart tasitisme yn ''[[De Hearsker]]'', en read tasitisme yn 'e ''[[Ferhannelings oer de Earste Tsien Boeken fan Titus Livius|Discorsi]]''. Foar bibliografyske ferwizings: sjoch [[:en:Tacitean studies|"Tacitean studies", it artikel op de Ingelsktalige Wikipedy]].</ref> Hy skreau oer sljochtwei lju mei likefolle fanselssprekkendheid as oer keizers en oare machthawwers, en joech dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid.
 
== Libben ==
Der is net in protte bekend oer Tasitus syn libben. Wierskynlik waard er yn it jier [[56]] of [[57]] berne yn in [[adel|aadlike]] famylje út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsje [[Gallia Narbonensis]] (yn [[Fréjus]] of [[Vaison-la-Romaine]]) of út 'e provinsje [[Gallia Cisalpina]] (yn [[Padua]]). As jongeman studearre er [[retoarika]] te [[Rome (stêd)|Rome]]. Yn [[77]] of [[78]] troude er mei [[Julia Agrikola]], de dochter fan 'e ferneamde legeroerste [[Julius Agrikola]]. Dyselde waard yn [[84]] troch keizer [[Domitianus]] weromroppen út [[Britanje]], ferdwûn doe nei de eftergrûn en stoar yn augustus [[93]] min ofte mear fergetten. Syn testamint pakte net goed út foar Tasitus syn frou, want njonken har mem naam ek de ''[[princeps]]'' (keizer) begearich syn diel – hoewol't dy earder noch ferkundige hie gjin beërf oannimme te sillen fan immen mei bern.
 
Rigel 12:
== Wurken ==
 
=== ''Agricola'' ===
''De Vita et Moribus Iulii Agricolae'', of koartwei de ''Agricola'', is in tritich siden tellende biografyske skets fan 'e Romeinske legeroerste en steatsman Gnajus Julius Agrikola, Tasitus syn skoanheit. Dit wurk waard troch Tasitus útjûn yn it jier [[98]], ûnder it regear fan keizer [[Trajanus]].
 
Dochs is it net in tradysjonele [[biografy]], want Agrikola syn libbensferhaal wurdt brûkt ta yllústraasje fan it tirannike hâlden en dragen fan [[Domitianus]], en om [[Nerva]] en [[Trajanus]] lof ta te sjongen. It is ûnlykwichtich fan opbou troch wiidweidige beskriuwings fan fjildtochten (dy't sa karakteristyk wurde soene foar Tasitus syn lettere wurk), taspraken oan 'e soldaten en it omtinken foar de [[etnografy]] fan 'e provinsje [[Brittanje]]. Histoarikus R. Syme mient it wurkje sels in dokumint fan Romeinske politike [[literatuer]] neame te kinnen.<ref><span style="font-variant: small-caps;">Syme, R.</span>, ''Tasitus'', s. 125.</ref> De tekst hat ek spoaren fan [[retoryk]], eat dat men ek yn lettere wurken fan Tasitus weromfynt, al is dat foar in part eigen oan it sjenre, dat de ''laudatio'' as fêst elemint hat.
 
=== ''Germania'' ===
{{Apart|Germania (boek)}}
''[[Germania (boek)|De Origine et Situ Germanorum]]'', of koartwei de ''[[Germania (boek)|Germania]]'', dat ek yn [[98]] ferskynde, en dat nei alle gedachten Tasitus syn bekendste wurk is, is in echte etnografy, wêryn't earst [[Germania]] en de libbenswize fan 'e bewenners fan dat gebiet yn it algemien besprutsen wurde, en wêryn't dêrnei útwreide wurdt oer ferskate spesifike [[Germanen|Germaanske folken]]. It is it iennichste oerlevere traktaat oer de iere Germanen, en foarmet sadwaande in unike boarne fan kennis foar ûndersikers en histoarisy.
Rigel 23:
It âlde tema fan it oanjaan fan it kontrast tusken it beskreaune folk – yn dit gefal de Germanen – en de [[Romeinen (folk)|Romeinen]] fan syn tiid hat by Tasitus in moralisearjend sawol as in ynformatyf doel, want ûnder keizer Trajanus waard men yn Rome noch altiten konfrontearre mei de reële driging dy't fan 'e Germanen útgie. Oerwinnings dy't troch opienfolgjende keizers ferkundige wiene, docht Tasitus yn it boek ôf as propagande sûnder histoaryske basis.
 
=== ''Dialogus de Oratoribus'' ===
De ''Dialogus de Oratoribus'' hat lange tiid in striidpunt west, mar der is no dochs in algemiene konsensus dat dit in wurk fan Tasitus is, dat opdroegen is oan [[Lusius Fabius Justus]], de ''consul suffectus'' fan it jier [[102]].
 
Rigel 30:
Dit petear wurdt gauris beskôge as Tasitus syn ferantwurding foar it stopsetten fan syn dochs wol goed rinnende karriêre as retoarikus, en foar syn beslút om him ta te lizzen op it iennichste dat him noch oerbleau: de [[skiedskriuwing]].
 
=== ''Historiae'' ===
De ''Historiae'' (de "Histoarjes") is it earste fan Tasitus' grutte histoaryske wurken, dy't tanksij de briefkerij tusken himsels en [[Plinius de Jongere]] foar in part datearre wurde kinne. Sa docht út 'e brieven bliken dat Tasitus om [[106]] hinne oer it jier [[79]] oan it skriuwen is, en dat er yn [[109]] dwaande is mei it bewâld fan [[Domitianus]]. Tasitus behannelet yn dit wurk de [[skiednis fan it Romeinske Ryk|skiednis fan Rome]] yn it [[fjouwerkeizersjier]] [[69]] en ûnder it regear fan it [[Hûs fan Flavius]]. Fan 'e wierskynlik tolve of fjirtjin oarspronklike boeken binne inkeld de earste fjouwer en it begjin fan it fyfde oerlevere.
 
Men is fan tinken dat it wurk ferdield wurde kin yn twa [[heksade]]s, nammentlik in earstenien oer de boargeroarloch ûnder [[Galba]], [[Oto (keizer)|Oto]] en [[Fitellius]] (I-III) en oer [[Fespasianus]] syn regear (IV-VI); en in twadden oer de jierren fan stabiliteit ûnder [[Titus (keizer)|Titus]] en de earste jierren ûnder [[Domitianus]] (VII-IX), folge troch it skrikbewâld fan dyselde, fan [[89]] oant [[96]] (X-XII). Soks kin lykwols it nivo fan 'e spekulaasje net ûntstiigje. Yn syn ''praefatio'' (foaropwurd) kundiget Tasitus de dramatyske ûntknoping al min ofte mear oan, en foarseit er teffens dat er – as him dêrta de jierren gund binne – ek noch it regear fan [[Nerva]] en [[Trajanus]] beskriuwe wol.
 
=== ''Annales'' ===
It wurk ''Ab Excessu Divi Augusti'', better bekend as de ''Annales'' (de "Annalen"), is Tasitus syn twadde gruttere histoaryske wurk. Dêryn behannelet er de [[Julysk-Klaudyske Dynasty]] fan 'e dea ôf fan 'e fergodlike [[Gaius Julius Caesar Octavianus|Augustus]]. Dizze tekst, dy't nei alle gedachten grutdiels ûnder it regear fan [[Hadrianus]] ([[117]]-[[138]]) skreaun waard, kin dus net de oankundige skiedskriuwing oer Nerva en Trajanus wêze. Fan 'e fermoedlike achttjin boeken dêr't dit wurk oarspronklik út bestie, binne allinnich de boeken I oant en mei IV yn harren gehiel bewarre bleaun, wylst V en VI foar in diel oerlevere binne, en XI oant en mei XVI sûnder begjin of ein.
 
De earste seis boeken binne analitysk fan opbou (dêrfandinne de namme ''Annales''), wylst de oaren har mear konsintrearje om beskate tema's of persoanen hinne. Histoarikus R. Syme mient dat dizze stilistyske feroaring ferwiist nei in djipper lizzende brek, nammentlik de evolúsje fan it [[prinsipaat]] nei it [[dominaat]].<ref><span style="font-variant: small-caps;">Syme, R.,</span>, ''Tasitus'', s. 269-270.</ref>
 
== Styl en taalgebrûk ==
Tasitus falt [[taalkunde|taalkundich]] sjoen ûnder de skriuwers fan it saneamd [[Sulverne Latyn]]. It falt lykwols op dat er noch relatyf faak de ''[[indicativus]]'' brûkt yn bysinnen binnen de [[yndirekte rede]], wat yn syn tiid hieltyd minder wizânsje wie. Dit falt mooglik te ferklearjen fanút Tasitus syn klassike oplieding as reedner.
 
== Stúdzje fan Tasitus ==
Troch de ieuwen hinne hat der hiel wat stúdzje fan Tasitus plak fûn, almeast hearrende ta de [[heuristyk]], de metoadyske bestudearring fan 'e man sels en syn wurken. Tasitus syn boarnen foar de ''Agricola'' binne foar it grutste part út 'e earste hân en faak mûnling oerlevere. Foar syn ''Germania'' hawwe wierskynlik it ferlern giene ''Bella Germaniae'' fan [[Plinius de Aldere]] – dy't út persoanlike ûnderfining fertroud wie mei Germania – en fierders de ''[[Commentarii de Bello Gallico|Bello Gallico]]'' fan [[Julius Caesar]] en [[Titus Livius|Livius]] syn boek CIV tsjinne as boarnen.
 
Rigel 52:
Tasitus brûkte wierskynlik ek mûnlinge boarnen, en it is wis dat er brieven skreau nei minsken lykas [[Plinius de Jongere]], mei wa't er befreone wie, om ynformaasje op te freegjen, bgl. oer de útbarsting fan 'e [[Fesuvius (fulkaan)|Fesuvius]] en de dea fan dy syn omke, [[Plinius de Aldere]]. It is lykwols wichtich om yn berie te nimmen dat Tasitus net allinnich histoarikus wie, mar ek in foaroansteand politikus en bestjoerder, in bern fan syn tiid, en boppe-al in literator. Syn ferneamde sitaat ''sine ira et studio'' ("sûnder lulkens of berekkening") is in nommel stribjen, mar al by de behanneling fan it regear fan keizer [[Tibearius]] blykt er dy útspraak njonken him del te lizzen.
 
== Parallelboarnen ==
Njonken Tasitus binne der noch in hiele rige oare auteurs dy't wurken neilitten hawwe oer de [[Julysk-Klaudyske Dynasty]]. De wichtichsten dêrfan sille hjir yn 't koart besprutsen wurde.
* [[Fellejus Paterkulus]] (±[[19 f. Kr.]]-[[31]]) wie in soldaat ûnder it regear fan keizer Tibearius. Hy skreau in algemiene (mar beheinde) Romeinske skiednis oant 30 nei Kr., ien jier foar de fal fan Sejanus. Syn taal is net sa literêr as dy fan Tasitus, mar hy jout in positiver byld fan 'e ''[[princeps]]'' Tibearius, en is, oars as Tasitus, in kontemporêne tsjûge.
Rigel 59:
Tasitus springt der lykwols út troch syn literêre wearde en syntetisearjende opbou. Hy wurdt noch faak beskôge as dé boarne foar it iere [[prinsipaat]], mar stiloan wurde de parallelboarnen ek mear wurdearre en beskôge as in wichtige oanfolling op Tasitus syn [[monografy]].
 
== Keizers yn de wurken fan Tasitus ==
;''Annales''
:[[Augustus Oktavianus|Augustus]] ([[27 f. Kr.]]-[[14]])
Rigel 78:
:[[Trajanus]] ([[98]]-[[117]])
 
== Keppelings om utens ==
* {{nl}}[http://benbijnsdorp.info/tacitus.html Tasitus syn ''Annalen'' oerset yn it Nederlânsk]
* {{nl}}[http://users.skynet.be/oudheid/index.htm In side oer de Klassike Aldheid]
Rigel 87:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Noaten'''<br />
<references/>
'''Boarnen'''<br />
*{{Aut|Bernario, H.W.}}, ''An Introduction to Tacitus'', Atene, 1975.
*{{Aut|Flaig, E.}}, ''Tacitus'', yn: ''NP'', novimber 2001, s. 1209-1214.
Rigel 104:
[[Kategory:Romeinsk skriuwer]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
 
{{Link FA|ia}}