Fersin fan Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
corrected date photo was taken - according to Troelstra's biography "Politicus uit hartstocht" by Piet Hagen, 2010, isbn 9789029572163 - apologies for not speaking Friesian
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: nl:Vergissing van Troelstra is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 2:
Yn novimber 1918 besiket [[Piter Jelles Troelstra]] fergees om in sosjalistyske revolúsje yn Nederlân fan ‘e grûn te krijen. Nei de mislearre aksje fan Troelstra en oare revolúsjonêren, waard dit barren it '''Fersin fan Troelstra''' neamd (''Vergissing van Troelstra''). It barren sels duorre fan 9 oant 14 novimber, en waard yn 1918 ek wol 'De Reade Wike' neamd.
 
== Eftergrûn ==
De [[Earste Wrâldkriich]] en de begjinjierren fan it [[ynterbellum]] wienen rûzige tiden yn Europa. Troch de kriich is it min steld mei de ekonomy. Yn ferskillende lannen yn Europa komme sosjalistyske revolúsjes ta stân, lykas yn Dútslân en Ruslân.
 
Rigel 12:
 
== Revolúsjonêr inisjatyf ==
Mei de hurde wurden fan Troelstra yn de [[Twadde Keamer]] kaam it folk noch net yn beweging. Dat feroare pas doe’t op 9 novimber bekend waard dat de Keizer fan Dútslân ôftreden wie.
 
Yn Rotterdam gongen de wurkjouwers mei havenarbeiders yn petear. De boargemaster waard ek yn it petear behelle. De havenwurkers wienen fernuvere doe’t de boargemaster de kant fan de revolúsje keas.
Rigel 18:
In protte wurkjouwers tochten dat in revolúsje net te kearen wie. De [[sosjaaldemokrasy|sosjaaldemokraten]] út [[Rotterdam]] fûnen ek dat sy better de macht pakke koenen as de kommunisten út Amsterdam. De sosjalisten yn Rotterdam woenen nei it gemeentehûs om harren easken oan de boargemaster foar te lizzen.
 
Op 10 novimber wie der in gearkomste fan de sosjalisten yn Rotterdam. Neffens harren lieder Arie de Zeeuw wie it no saak om it inisjatyf te nimmen foardat oaren dat dwaan soenen. Troelstra wie solidêr, mar tagelyk ek hoeden mei de sosjalisten yn Rotterdam. By dy gearkomste waard besletten om net fuort de oare deis mei de arbeiders te protestearjen. Der waard wol besletten om it partijkongres in wike earder te hâlden. Dêrneist soe der kommisje komme dy’t in list mei easken meitsje soe. De oare deis, op 11 novimber,wie de list mei easken op skrift set. Troelstra wie bêst tefreden mei de easken fan de kommisje.
 
Dyselde deis waard de wapenstilstân tekene dy’t in ein makke oan de Earste Wrâldkriich. De minsken gongen de dyk op om it ein fan de kriich te fieren, net fanwege de sosjalistyske revolúsje.
Rigel 24:
De jûn fan 11 novimber wienen der fiif gearkomsten yn Rotterdam. Troelstra spriek dêr yn it Verkooplokaal oer de kommende revolúsje. Hy woe de sosjalistyske revolúsje net ferlykje mei de Russyske revolúsje, omdat de SDAP neffens him net-kommunistysk wie. De Russyske revolúsje koe wol as in foarbyld sjoen wurde.
 
== Maatregels fan it regear ==
It regear kaam ûnderwilens mei feilichheidmaatregels. Yn Utert krige de polysje karabinen en yn Amsterdam kaam in ekstra peleton kavalery. Om it keningshûs hinne kaam ekstra bewaking.
 
Rigel 37:
Yn ‘e nacht fan 12 op 13 novimber waarden op safolle mooglik plakken meidielings fan it regear ophongen. It regear makke bekend dat sy yn it belang fan it rjocht en de frijheid fan it folk, de oarder hâlde soe. Dêrmei joech it regear te witten dat se by in mooglike revolúsje fan har ôfslaan soe. Konkreet kaam der it fersyk oan de demobilisearre tsjinstplichtigen om har as frijwilliger te melden. De motivaasje fan de frijwillige troepen ('Landstorm') wie heech. Dêrtroch hie it regear in betroubere definsje.
 
Om de sosjalisten no yn ‘e mjitte te kommen makke it regear ferskillende kompromissen mei de easken fan de SDAP en NVV. Om foar te kommen dat matroazen út [[Den Helder]] net mei harren skippen nei Amsterdam en Rotterdam komme soenen om de revolúsjonêren te helpen, waard besletten om de skippen te ûntwapenen en ûngeskikt foar de feart te meitsjen. Yn Rotterdam waard de ferkeap fan alkohol ferbean. Wylst de lieding fan de SDAP him dwaande hold mei de fraach oft der in revolúsje komme soe, wienen oaren dwaande mei de tarieding fan in kontrarevolúsje. Spionnen fan de polysje en twa ynlichtingetsjinsten fan it leger (GS III en GS IV) wienen yn ‘t spier om ynformaasje by de sosjalisten te krijen.
 
It regear naam dy deis noch it beslút dat de polysje syn normale taak wer dwaan koe. It leger krige de lieding oer de 'Landstorm' en oer de katolike boargerwachten.
 
== Neitiid ==
De maatregels fan it regear dienen fertuten. Op 14 novimber spriek Troelstra yn it iepenbier dat it wurd 'steatsgreep' net troch him brûkt wie. Op 17 novimber holden de katoliken in manifestaasje, dêr’t 40.000 minsken by wienen. As stipe oan it regear en keningshûs waard yn De Haach, op 18 novimber, [[Keninginne Wilhelmina|keninginne Wilhelmina]] huldige. Op 20 novimber kaam Wilhelmina mei in keninklike proklamaasje, dêr’t yn te lêzen stie dat se it folk temjitte komme woe yn syn ferlet. By einsluten wie de parlemintêre demokrasy sterker as de sosjalistyske revolúsje.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://geschiedenis.vpro.nl/programmas/2899536/afleveringen/24077155/ VPRO - ''Geschiedenis Andere Tijden'': Troelstra's trageedzje]
 
[[Kategory:SDAP|Troelstra, Pieter Jelles]]
[[Kategory:Skiednis fan Nederlân|Troelstra, Pieter Jelles]]
 
{{Link FA|nl}}