Hindrik IV, Diel 1: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: nl:The First Part of King Henry the Fourth is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[FileOfbyld:Henry IV 1 title page.jpg|thumb|right|250px|De foarside fan 'e earste útjefte, út [[1598]].]]
'''''Hindrik IV, Diel 1''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Henry IV, Part 1''''' (folút eins: ''The First Part of the History of Henry the Fourth''), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It is yn prinsipe in [[trageedzje]], hoewol't it yn 'e tradysjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de [[Shakespeariaanske histoaryske stikken]] falt. ''Hindrik IV, Diel 1'' foarmet it twadde part fan Shakespeare syn [[tetralogy]] (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings [[Richard II fan Ingelân|Richard II]], [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] en [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]]. It stik set útein mei [[Hindrik Percy (Hjitspoar)|Hindrik Percy]], byneamd Hjitspoar, syn [[Slach by Humbleton Hill]] tsjin 'e [[Skotlân|Skotten]] ûnder lieding fan 'e [[Archibald Douglas, fjirde greve fan Douglas|Douglas]], ein [[1402]], en einiget mei de dea fan Hjitspoar en de nederlaach fan syn rebellen yn 'e [[Slach by Shrewsbury]], mids [[1403]]. Hoewol't ''Hindrik IV, Diel 1'' basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. It stik is nei alle gedachten op syn letst yn [[1597]] skreaun, en it waard foar it earst útjûn yn [[1598]]. Fan it begjin ôf oan wie it in tige populêr toanielstik, sawol by de resinsinten as ûnder it publyk. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1965]].
 
== Ynhâld ==
Kening [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] is op 'e troan kommen troch syn neef [[Richard II fan Ingelân|Richard II]] ôf te setten en yn finzenskip út 'e wei te romjen. Hy soe graach in [[krústocht]] nei it [[Hillige Lân]] ûndernimme, mar syn wiffe gryp op it regear oer Ingelân lit dat net ta. Hy rekket, fierhinne troch eigen tadwaan, almar mear yn ûnmin mei de Noardingelske Percy-famylje, dy't him op 'e troan holpen hat. Underwilens docht syn âldste soan en erfgenamt, kroanprins Hindrik (de lettere [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]]), byneamd "Hal", mar raak, mei syn maten en de fette, âlde korrupte [[ridder]] sir John Falstaff te drinken, hoerearjen en gekjeien yn 'e kroegen fan [[Londen]].
 
As it stik iepenet hat koartby de [[Slach by Humbleton Hill]] plakfûn, wêrby't [[Hindrik Percy (Hjitspoar)|Hindrik Percy]], byneamd Hjitspoar, in [[Skotlân|Skotse]] ynfal ûnder lieding fan 'e [[Archibald Douglas, fjirde greve fan Douglas|Douglas]] ôfslein hat. De kening en Hjitspoar hawwe rûzje oer de ferdieling fan 'e bút, en har moeting einiget mei drigeminten en misledigings fan 'e kening oan it adres fan 'e Percy's. Hjitspoar, syn heit [[Hindrik Percy, 1ste greve fan Northumberland|Hindrik Percy]], de greve fan [[Noardumberlân]], syn omke [[Tomas Percy, 1ste greve fan Worcester|Tomas Percy]], de greve fan [[Worcester]] en syn sweager, [[Edmund Mortimer (soan fan de tredde greve)|Edmund Mortimer]], greve fan 'e Mark, dy't koartsein fine dat se fan 'e kening stank foar tank krije, mûskopje ûntefreden ûnderinoar en begjinne om bûnsgenoaten te sykjen, dy't se fine yn 'e Douglas, de [[Wales|Welske]] ealman [[Owain Glyndŵr|Owen Glendower]] en [[Richard le Scrope]], de aartsbiskop fan [[York]].
 
[[FileOfbyld:FirstFolioHenryIV1.jpg|thumb|left|250px|In [[faksimilee]] fan 'e earste side fan ''Henry IV, Part 1'', út 'e ''[[First Folio]]'' ([[1623]]).]]
De serieuze bedriuwen fan 'e sombere kening en de broeiende opstân mank de eallju wurde ûnderbrutsen troch it komysk tuskenspul dat de nuveraardige eksploaten fan kroanprins Hal en syn liddichgongers fan selskipslju foarmje. Hal en syn maat Poins oerfalle bygelyks yn momkape Falstaff en trije fan har oare freonen, berôvje har en jeie harren de stupen op it liif, poer om te hearren hoe't Falstaff it barren letter yn eigen foardiel behimmelet, wêrnei't se de bút wer weromjouwe. Mar as de opstân fan 'e Percy's en harren bûnsgenoaten einlings fêste foarm oan begjint te nimmen, fermoedsoenet Hal him mei syn heit en kriget er in hege oanstelling. Hy swart dan dat er mei syn rebelske nammegenoat Hjitspoar ôfweve sil en oarderet Falstaff om him oan it haad fan in ôfdieling soldaten nei [[Shrewsbury]] te bejaan, dêr't de slach plakfine sil.
 
Rigel 14:
Troch de dea fan harren lieder is de opstannelingen de moed alhiel ûntsonken, en sa wint de kening de slach. Hindrik IV is der feringele mei, fral ek om't er no de kriichsfinzen nommen greve fan Worcester, ien fan syn slimste fijannen (al wied er earder ien fan syn trouste freonen), terjochtstelle litte kin. Underwilens toant Hal syn ridderlikheid troch de dappere Douglas frij te litten sûnder in losjild te easkjen. Sa einiget it stik, mar de oarloch is noch net foarby. De kening moat de oare opstannelingen noch mar sjen te ferslaan, want Noardumberlân, Mortimer, Glendower en de aartsbiskop fan York binne harren legers noch oan it meunsterjen. Dizze ein wiist foarút nei it ferfolch op dit stik: ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 2|Hindrik IV, Diel 2]]''.
 
== Fryske oersetting ==
''Henry IV, Part 1'' waard ûnder de titel ''Kening Hindrik IV (1)'' yn it [[Frysk]] oerset troch [[Douwe Kalma]]. Yn [[1965]] waard it publisearre troch de [[Fryske Shakespeare Stifting]] te [[Drachten]], as ûnderdiel fan harren [[omnibus]]útjefte ''Shakespeare's Wurk Dl. V'', yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare [[Shakespeariaanske histoaryske stikken|keningsstikken]], lykas ''[[Richard II (toanielstik)|Richard II]]'', ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 2|Hindrik IV, Diel 2]]'' en ''[[Hindrik V (toanielstik)|Hindrik V]]''.
 
Rigel 27:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link FA|nl}}