Sonnetten (Shakespeare): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: scn:Sunetti di Shakespeare is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 2:
De '''''Sonnetten''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Shakespeare's Sonnets''''', binne de samle fersen fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. De samling bestiet út 154 [[gedicht]]en, foar it grutste part yn [[sonnet]]foarm, dy't ornaris erkend wurde as hearrend ta de moaiste fan hiel de [[wrâldliteratuer]]. Se waarden skreaun tusken [[1592]] en [[1596]] en publisearre yn [[1609]]. De ''Sonnetten'' behannelje in breed skala oan tema's en motiven, lykas leafde, seks, dea, stjerlikens, oergeunstigens, skientme en ferfal. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] is út [[1944]].
 
== Eftergrûn ==
Oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde ieu wie it skriuwen fan in sonnettesyklus nei it foarbyld fan [[Francesco Petrarca|Petrarca]] syn ''Il Canzoniere'' in soarte fan raazje ûnder Ingelske dichters. Shakespeare syn sonnetten ûnderskiede har fan 'e measte oaren út dy tiid troch it rike ferskaat oan tematyk en de eigen foarm dy't er oanhold, fan it saneamde "Ingelske sonnet". Boppedat skeint Shakespeare wittens en mienens in grut tal regels foar sonnetten, dy't syn tiidgenoaten krekt strang neilibben. Sa boartet er mei de rollen dy't manlju en froulju tradysjoneel taparte waarden troch se om te draaien (nû. 20); neamt er minsklike sûnden dy't neat mei de leafde út te stean hawwe (nû. 66); leveret er kommentaar op politike foarfallen (nû. 124); driuwt er de spot mei de leafde (nû. 128) en mei skientme (nû. 130); sprekt er iepentlik oer seks (nû. 128); en brûkt er sels op humoristyske wize [[pornografy]]ske omskriuwings (nû. 151).
 
Rigel 9:
De sonnetten binne hast allegear opboud út trije fjouwerregelige kûpletten dy't [[kwatryn|kwatrinen]] hjitte en in twaregelich einkûplet dat gearstald is yn [[jambyske pentameter]]s. It rymskema kin sadwaande werjûn wurde as ''abab cdcd efef gg''. Sonnetten mei sa'n rymskema wurde tsjintwurdich Shakespeareaanske sonnetten neamd. Gauris jout de earste regel fan it trêde kûplet de kear oan, dêr't de dichter fan toan feroaret of in iepenbiering docht. De útsûnderings binne sonnetten nû. 99, 126 en 145. Nûmer 99 hat fyftjin regels; nûmer 126 bestiet út seis kûpletten; en nûmer 145 is gearstald út [[jambyske heksameter]]s ynstee fan pentameters.
 
== Ynhâld ==
Ut Shakespeare syn ''Sonnetten'' lykje trije figueren nei foarren te kommen, dy't ornaris oantsjut wurde as de Kreaze Jongfeint, de Rivalisearjende Dichter en de Dûnkere Frouwe. It is net dúdlik oft dat besteande of troch Shakespeare optochte persoanen wiene. Wittenskippers dy't de ''Sonnetten'' as [[autobiografy]]sk opfetsje, hawwe besocht om 'e personaazjes te identifisearjen, mar brekme oan gegevens en bewizen hat soks ta klearebare rieden makke.
 
Rigel 20:
De lêste beide sonnetten, nû. 153 en 154, binne allegoaryske behannelings [[Gryksk]]e [[epigram]]men, dy't ferwize nei de "lytse leafdesgod" [[Kupido]].
 
== Oersettings ==
Shakespeare syn ''Sonnetten'' binne nei gedachten de meast oersette samling fersen út 'e skiednis. Allinne al foar it [[Dútsk]]e taalgebiet hawwe der sûnt [[1784]] 70 folsleine fertalings west. De ''Sonnetten'' binne oerset yn frijwol eltse selsrespektearjende taal, [[Latyn]], [[Esperanto]] en [[Klingon (taal)|Klingon]] ynbegrepen.
 
=== Fryske oersetting ===
De Fryske oersetting fan ''Shakespeare's Sonnets'' ferskynde yn 1944 by [[útjouwerij]] D.J. Kamminga te [[Dokkum]] ûnder de titel ''Sonnetten fen Shakespeare'', en is fan 'e hân fan [[Douwe Kalma]]. Letter makke dizze fertaling diel út fan ''Shakespeare's Wurk Dl. VIII'', ien fan 'e [[omnibus]]útjeften fan 'e [[Fryske Shakespeare Stifting]] te [[Drachten]], út [[1976]]. Nei't er omstavere en by de tiid brocht wie troch [[Eric Hoekstra]], waard dyseldichste tekst yn [[2005]] werútjûn troch [[Utjouwerij Bornmeer]] yn gearwurking mei de [[Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân]], en mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]] en de [[Douwe Kalma Stifting]], ûnder de titel ''De Sonnetten''. Sonnet 66 is trouwens ek oerset yn it Frysk troch [[Haring Tjittes Piebenga]], dy't syn fertaling yn [[1964]] publisearre yn ''[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]''.
 
Rigel 39:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
 
{{Link FA|scn}}