Tabak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: sl:Tobak is een etalage-artikel; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:DunhillEarlyMorningPipeMurrays.jpg|thumb|Piiptabak]]
[[Ofbyld:Tobacco.jpg|thumb|Tabaksfjild]]
'''Tabak''' is in produkt makke fan de blêden fan de [[tabaksplant]] ''Nicotiana tabacum'', dat as genietmiddel [[Smoke (tabak)|smookt]], kôge ([[prûmtabak]]) en [[snúftabak|snúfd]] wurdt.
 
Tabak is lang brûkt as in [[enteogeen]] yn Noard- en Súd-Amerika. Nei de komst fan de Jeropeanen yn Noard Amerika waard it lykwols hannelsguod en in rekreaasjedrug. De populêre tabak late ek ta ekonomyske ûntjouwing fan it suden fan de [[Feriene Steaten]] oant it plak meitsje moast foar katoen. Nei de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ûnstie de [[sigaret]]. De grutte fraach nei dit produkt late rillegau ta it ûntstean en oanwaaksen fan grutte tabaksûndernimmingen oant de wittenskip fraachtekens sette by it tabaksgebrûk, sa mids 20e ieu.
 
Der binne in protte soarten tabak, dy't allegearre levere wurde troch it planteskaai ''Nicotiana''. It wurd ''nicotiana'' (en ek ''[[nikotine]]'') is neamd nei [[Jean Nicot]], de Frânske ambassadeur foar Portegal, dy't yn 1559 tabak as medisyn nei it hof fan [[Catherine de Medici]] stjoerde.<ref>colonia 13 509 [http://www.tc.columbia.edu/centers/cifas/drugsandsociety/background/chronologydruguse.html Heading: 1550–1575 Tobacco, Europe.]</ref>
 
It gebrûk fan tabak is in sosjaal (mar hieltyd minder) akseptearre foarm van [[ferslaving]]; foaral it [[alkaloïde]] [[nikotine]] dat yn tabak sit, laat ta wennen en [[ferslaving|ôfhinklikens]].
 
Fral it brûken fan smookbere foarmen fan tabak, benammen sigaretten, foarmet in wichtige oarsaak van swierrichheden mei de sûnens oer de hiele wrâld; smokers libje trochsneed 5 oant 10 jier koarter as net-smokers, en in protte syktes hâlde in mear of minder sterk ferbân mei it gebrûk fan tabak, fan [[longkanker]], [[hertinfarct]], [[beroerte]], mûle- tonge- slokdarm- maach- en blaaskanker oant [[emfyseem]] en [[COPD]].
Rigel 13:
Dokters riede it gebrûk fan tabaksprodukten dan ek sterk ôf en yn in soad lannen binne warskôgings op de ferpakking ferplicht. Yn Nederlân bestiet sûnt 1990 de [[Tabakswet]] dy't dêrnei hieltiid fierder oanskerpe wurdt om it [[smoke (tabak)|smoken]] te ûntmoedigen. De nasjonale oerheid bart jierlik grutte bedragen oan [[aksyns]] op de ferkeap fan tabaksprodukten.
 
== Keppelings om utens ==
* [http://statbel.fgov.be/figures/d361_nl.asp Evolúsje fan it tabaksbrûken yn Belgje]
* [http://statbel.fgov.be/studies/thesis_nl.asp?q=33 Online stúdzjes oer ferslaving]
* [http://www.vvia.be/vviasites/8940_001.htm Tabaksmuseum Wervik]
{{CommonsLyts|Nicotiana|Tabak}}
 
Rigel 25:
 
[[Kategory:Tabak| ]]
 
{{Link FA|sl}}
 
[[uk:Тютюн]]