Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lotje (oerlis | bydragen)
+wikilink
Rigel 22:
 
Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út [[De Haach]], de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dy jildsjitters wie sakeman [[Passchier Hendriks Bolleman]] út De Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne ornearre wie foar de Hollânske yndustry. Foar it ferfier mei skippen waard de [[Drachtster Kompanjonsfeart]], de Dwersfeart en guon [[Wyk (sydkanaal)|wiken]] oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan 't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallisemint). Doe't it [[ferfeantsje]]n dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich.<br />
It hat oant begjin [[19e ieu]] duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen. <ref>{{Aut|P. van Schaik, dr. J. J. Spahr van der Hoek (red)}}, ''Geschiedenis van Smallingerland. De Tille - Ljouwert, 1976.</ref> Om [[1830]] waard der in gemeentehûs set en ferhuzen in soad notabelen fan [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] nei Drachten.
 
Drachten hat nea [[stedsrjochten]] krige, dat it is noch hieltiid in flekke (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere foarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de [[20e ieu]] hie it plak tsientûzen ynwenners. Yn [[1950]] kaam der in fabryk fan [[Philips]] wêrnei't it tal ynwenners hurd omheech gie.
Rigel 85:
 
== Kultuer en rekreaasje ==
Drachten hat in grut en modern teater: ''[[De Lawei (teater)|De Lawei]]'' en in jongereinsintrum/poppoadium ''[[Iduna ''(Drachten)|Iduna]] . It ''Museum Smellingerlân'', sit yn in âld [[kleaster]]. It toant wurk fan Fryske keunstners as [[Pier Pander]] en [[Sjoerd de Roos]], en hat dêrneist oar wurk fan [[De Styl]]-keunstner [[Theo van Doesburg]], sys Drachtster geastbesibben de bruorren [[Evert Rinsema|Evert]] en [[Thijs Rinsema]], en de [[Dada]]-keunstner [[Kurt Schwitters]]. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út [[1921]]. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de ''Papegaaiebuert'' neamd.<br />
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. [[Breedtesport]] kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foar handikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it [[skûtsjesilen]], mei twa skûtsjes :''d'Halve Maen'' en ''Drachten''.