Boergondyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Burgundové v 5. století.png|right|thumb|250px|It Boergondyske Ryk op har hichtepunt yn de 5e ieu.]]
It '''Boergondyske Ryk''' of '''Keninkryk Boergonje''' is de beneaming foar ferskillende keninkriken fan it [[Eastgermanen|Eastgermaanske]] folk fan de [[Boergonden]]. De lizzing, omfang en nammen hawwe troch de tiid hieltyd oars west, fan de earste stifting ôf yn [[408]] oant it lêste besykjen dêrta yn [[1473]].
 
== Earste ryk (407-436) ==
[[Ofbyld:Bourgondische volksverhuizing.png|thumb|eardere Boergongyske wengebieten]]
Yn de winter fan [[406]] op [[407]] doe't de Ryn ticht frezen wie, stutsen grutte kloften Germaanske folken as Boergonden, [[Fandalen]], [[Sueven]] en [[Alanen]] de rivier it Romeinske Ryk yn. Der wie sprake fan in folseine folkeferfarren, sawol manlju as froulju mei bern, al harren besit meinimmend. <ref name="Dull/Peterson">{{aut|Jack L. Dull & Charles A. Peterson}}, ''Empires Besieged: The Roman Decline'' (Amsterdam 1988) 38. Time-Life Books Inc. ISBN 0705409740</ref>. It Romeinsk gebiet dêr't sy trochlutsen wie it doetiidsk [[Germania Superior]]. It meastepart fan de Boergonden bleau lykwols efter op de linker ouwer fan de Ryn.
It Romeinsk bewâld oan de Limes (Ryn) stoarte yn en yn de omkrite fan [[Worms (stêd)|Worms]] (''Civitas Vangionum''), hjoeddeisk [[Rynlân-Palts]] waard it earste Boergondyske Ryk stiften. De Romeinen soenen letter besykje harren macht werom te festigjen mar slagge dêr lykwols mar heal yn. Keizer [[Flavius Honorius|Honorius]] hie de stipe fan de Boergonden nêdich en slute mei de kening [[Gundohar]] fan de Boergonden yn [[413]] in ferbûn. As ''[[foederati]]'', 'bûnsmaten, waarden sy oan it Romeinske Ryk ferbûn en yn ruil foar militêre stipe koenen sy frij harren gong yn it gebiet dêr sy wennen; nei alle gedachten hat de [[kerstenjing]] fan de Boergonden yn dy jieren úteinset<ref name="Encarta volk"/>. De Romeinske oerbefelhawwer fan it leger [[Flavius Aëtius]] hat letter yn [[435]] de Boergonden de wacht oan sein doe't sy harren gebiet útwreidzje woenen en it oanswettende Romeinsk gebiet ynfoelen. Aëtius stjoerde in leger [[Hunnen]] as strafekspedysje dêrhinne, en by Worms de Boergonden in ferpleterjende nederlaach tabrochten dêr't kening Gundohar by sneuvele, en in grut part fan it folk útroege waard. <ref name="Dull/Peterson"/> Letter soe it ryk fan Gundohar en wat der foarfoel as ynspiraasjeboarne tjsinne foar it [[Nibelungenliet]].
 
 
{{Stobbe-skiednis}}
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Literatuer:'''
 
'''Primêre boarne:'''
 
'''Fuotnoat:'''
<references/>
 
'''Keppeling om utens:'''
}}
[[Kategory:Boergonden]]
[[Kategory:Germaansk keninkryk]]