Ferskil tusken ferzjes fan "Musical"

3 bytes grutter ,  6 jier lyn
L
L (+ plaatsje & korr)
 
==Skiednis==
De earste musicals waarden oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieu]] yn [[New York (stêd)|New York]] opfierd. It sjenre kaam fuort út 'e tradysje fan it ''[[vaudeville]]'', oftewol de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[revu]], mei as wichtichste ferskil dat it by in musical net om allegear aparte stikjes, mar om in trochrinnend ferhaal gie. As earste musical wurdt gauris ''The Black Crook'', út [[1866]], neamd, al beskôgje in protte saakkundigen it folle grutskaliger ''Show Boat'', út [[1927]], pas as de earste moderne musical. It sjenre berikte yn 'e fyftiger en sechtiger jierren in hichtepunt yn populariteit, mei musicals as ''[[Porgy and Bess]]'' (dat strikt nommen in [[opera]] is, mar faak as musical beskôge wurdt), ''[[Kiss Me, Kate]]'', ''[[Oklahoma (musical)|Oklahoma]]'', ''[[Fiddler on the Roof]]'' (yn it [[Nederlânsk]] ''[[Anatevka]]'') en ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]''. Yn dyselde snuorje waarden der ek musicals ferfilme, mei as fierwei de bekendste ''[[The Sound of Music (film)|The Sound of Music]]'', út [[1965]].
 
Neitiid rekke it sjenre in pear desennia wat yn it neigean, mar fan 'e iere jierren njoggentich ôf is it oan in nije opmars begûn. Ferneamde musicals út resinte jierren binne ''[[Cats (musical)|Cats]]'', ''[[Les Misérables (musical)|Les Misérables]]'', ''[[Evita (musical)|Evita]]'', ''[[The Phantom of the Opera (musical)|The Phantom of the Opera]]'', ''[[The Lion King (musical)|The Lion King]]'' en ''[[Chicago (musical)|Chicago]]''. Mei't de term "musical" daliks assosjaasjes opropt mei de ''The Sound of Music'' en soartgelikense, faak as âldfrinzich beskôge stikken út 'e midden fan 'e [[tweintichste ieu]], brûkt men tsjintwurdich gauris de namme ''rock opera'' foar in musical dy't ôfstân nimme wol fan datsoarte produksjes.