Jaring Walta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Blauhûs - Verwijzing(en) gewijzigd naar Blauhûs (Súdwest-Fryslân)
Ronn (oerlis | bydragen)
correctie
Rigel 1:
'''Jaring Douwes Walta''', ( [[Blauhûs (Súdwest-Fryslân)|BlauhûsWesthim]], [[12 maart]] [[1887]] - [[Wytgaard]], [[19 novimber]] [[1971]]), wie in keunstskilder út Wytgaard. Hy is de heit fan [[Meinte Walta]].
 
Waard berne as soan fan in frachtrider yn Blauhûs. Waard al jong hûsskilder en makke dyn it earstoan fervekwasten en bussen skjin foar syn baas. Nei syn trouwen kaam er mei syn frou Berber Rypma yn [[1910]] nei Wytgaard. Hy hie oan de Buorren in skilderssaak en lak- en spuitynrjochting. Boppedat wie er skearbaas en ferkocht er sigaren. Walta hie in grutte leafde foar de natoer en foar muzyk en lies in soad. Letter krige er aardichheid yn it keunstskilderjen en naam er tekenlessen oan de jûnsskoalle yn Ljouwert.
 
Tegearre mei syn ferneamde omke [[Germ Rypma]] kopiearde er doeken fan ferneamde masters yn museums en makke kontakt mei oare skilders as [[Andries van der Sloot]], [[Gerrit Benner]] en [[Hans van der Schaaf]]. Ek hie er kontakten mei skriuwers as [[Douwe Kiestra]], [[Reinder Brolsma]] en S. Sipma. Hy skildere meast yn oaljeferve.