Wilhelmina fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Hindrik (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 2:
'''Wilhelmina fan de Nederlannen''' ([[31 augustus]] [[1880]] - [[28 novimber]] [[1962]]) wie Keninginne fan [[Nederlân]] fan [[1890]] oan't [[1948]].
 
Wilhelmina, yn de earste wiken fan har libben Paulientje neamd, wie iennichst bern fan [[KeningWillem III fan dKening Willem III]] by syn twadde frou [[Emma fan Waldeck-Pyrmont]]. Sy waard berne op Paleis Noordeinde yn [[De Haach]]. Sy hie trije âldere bruorren út it houlik fan har heit mei [[Sophie van Württemberg]]: Willem (1840-1879), Maurits (1843-1850) en Aleksander (1851-1884), fan wa't by't har berte allinnich de jongste noch yn libben wie.
 
Har heit wie al 63 jier âld doe't sy berne waard. Doe't Willem III op [[23 novimber]] [[1890]] ferstoar, waard Wilhelmina keninginne. Oan't sy 18 jier âld waard, regearre har mem Emma as regentesse yn har namme.
Yn it [[Lúksemboarch (lân)|Gruthartochdom Lúksemboarch]] waard fanwege de Salyske wet in oare opfolger keazen út it Hûs fan Nassau, en koe Wilhelmina har heit dêr net opfolgje.
 
Op [[31 augustus]] [[1898]] waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn [[Amsterdam]] ynhuldige. Yn [[1901]] troude sy mei prins [[Prins Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin]], dat houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren iennichste bern [[Juliana fan Nederlân|Juliana]] ([[30 april]] [[1909]]) waard ek eins net mear ferwachte.
 
Hja die har wurk mei tawijing en toande har yn de Earste Wrâldoarloch in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild kaam te sjen. Troch har gedrach seach se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistelieder Pieter Jelles Troelstra ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de Twadde Wrâldoarloch fêstige se har yn Londen en besocht fan dêrút troch útstjoerings fan Radio Oranje betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hie ek kontakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (fersetsminsken dy't nei Ingelân oerstutsen wiene).