Haadmenu iepenje

Changes

L
dit en dat
'''Wilhelmina fan de Nederlannen''' ([[31 augustus]] [[1880]] - [[28 novimber]] [[1962]]) wie Keninginne fan [[Nederlân]] fan [[1890]] oan't [[1948]].
 
Wilhelmina, yn de earste wiken fan har libben Paulientje neamd, wie iennichst bern fan [[Willem III fan dKeningde Nederlannen|Kening Willem III]] by syn twadde frou [[Emma fan Waldeck-Pyrmont]]. Sy waard berne op [[Paleis Noordeinde]] yn [[De Haach]]. Sy hie trije âldere bruorren út it houlik fan har heit mei [[Sophie van Württemberg]]: Willem (1840-1879), Maurits (1843-1850) en Aleksander (1851-1884), fan wa't by't har berte allinnich de jongste noch yn libben wie.
 
Har heit wie al 63 jier âld doe't sy berne waard. Doe't Willem III op [[23 novimber]] [[1890]] ferstoar, waard Wilhelmina keninginne. Oan't sy 18 jier âld waard, regearre har mem Emma as regentesse yn har namme.
Op [[31 augustus]] [[1898]] waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn [[Amsterdam]] ynhuldige. Yn [[1901]] troude sy mei prins [[Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin]], dat houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren iennichste bern [[Juliana fan Nederlân|Juliana]] ([[30 april]] [[1909]]) waard ek eins net mear ferwachte.
 
Hja die har wurk mei tawijing en toande har yn de [[Earste Wrâldoarloch]] in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild kaam te sjen. Troch har gedrach seach se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistelieder [[Pieter Jelles Troelstra]] ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] fêstige se har yn [[Londen]] en besocht fan dêrút troch útstjoerings fan [[Radio Oranje]] betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hie ek kontakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (fersetsminsken dy't nei Ingelân oerstutsen wiene).
 
Wilhelmina die yn 1948 nei fyftich jier ôfstân fan de troan, en luts har wêrom op it [[Paleis it Loo]] yn [[Apeldoorn]]. Op [[28 novimber]] [[1962]] ferstoar Wilhelmina en waard bysetten yn it famyljegrêf yn de Nije Tsjerke yn [[Delft]].
78.714

edits