Frouljushannel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Lotje (oerlis | bydragen)
{{commonscat|Human trafficking}}, +ofbyld
Rigel 1:
[[Ofbyld:3.2519 Nepalese-mother1.jpg|thumb| ]]
 
'''Frouljushannel''' is de oantsjutting foar it oerheljen fan froulju ta it ferrjochtsjen fan [[prostitúsje]] of it bemiddeljen dêrby. Dit kin al of net mank gean mei twang, yntimidaasje en/of mislieding. Frouljushannel falt ûnder it bredere begryp [[minskehannel]].
 
Line 7 ⟶ 9:
Yn [[Nederlân]] melde har jiers likernôch 400 slachtoffers fan frouljushannel by it ''Coördinatiecentrum Mensenhandel'' (CoMensha; foarhinne de ''Stichting tegen Vrouwenhandel'', STV). Men is lykwols fan tinken dat dat mar it topke fan 'e iisberch is; in ûndersyk út [[1997]] rûsde it tal Eastjeropeeske froulju dat jiers twongen waard om harren yn Nederlân te prostituëarjen op 2.000. Mar ek in protte [[Afrika]]anske en [[Karibysk Gebiet|Karibyske]] froulju (bgl. út [[Nigearia]] en de [[Dominikaanske Republyk]] wei) wurde yn Nederlân it slachtoffer fan frouljushannel. De dieders komme faak út itselde lân as de slachtoffers. Sy kinne in protte jild fertsjinje oan frouljushannel; per frou rint soks yn 'e tsientûzenen euro's it jier. Foar de slachtoffers bestiet der in hege drompel om oanjefte te dwaan. Behalven de eangst foar fysike represaillemaatregels fan 'e dieders (om yninoar slein of foltere te wurden), spilet dêrby in rol dat se út lannen komme dêr't de plysje faak net de bêste freon fan 'e boargers is, en teffens dat se bang binne om Nederlân útset te wurden.
 
{{commonscat|Human trafficking}}
[[Kategory:Prostitúsje]]
[[Kategory:Frouljusmishanneling]]