Albert Göring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
L red
Rigel 1:
'''Albert Göring''' ([[Berlyn-Friedenau|Friedenau]], [[9 maart]] [[1895]] - [[München]], [[20 desimber]] [[1966]]) wie in [[Dútslân|Dútske]] sakeman dy't ûnder it [[nazi-Dútslân|nazi]]-rezjym in protte [[Joaden]] en dissidinten rêden hat. Albert syn âldere broer [[Hermann Göring]] wie ryksmaarskalk fan [[nazi-Dútslân]] en haad fan de [[Luftwaffe]] en waard yn it de [[Prosessen fan Neurenberch]] fanwege ûnder oaren [[misdieden tsjin de minsklikheid]] ta de dea feroardield.
 
== Jeugd ==
Albert Göring wie in soan fan de Dútske jurist en amtner [[Ernst Heinrich Göring]] en syn frou Franziska. Hoewol't hy en Hermann it goed mei elkoar fine koenen, liken sy net op elkoar. Hermann wiwie in bravoerrige jonge mei blauwe eagen; Albert wie in mear erchtinkende jonge mei brune eagen. Hy like sa bot op syn [[peetomke]], [[ridder]] [[Hermann von Epenstein]], dat in protte minsken tochten dat dy syn wiere heit wie. AtAs dat sa west hie soe Albert Göring in Joadske pake hân hawwe.
 
Hy groeide op yn de kastielen fan Von Epenstein, dy't in surrogaatheit foar de fiif Göring-bern wie omdatmeidat heit optrad Heinrich fanwege syn wurk in protte fuort wie. Albert Göring naam de leafde foar 'it goede libben' fan syn peetomke oer en wurke, oars mei in bytsje súkses, as filmmakker yn [[Wenen]].
 
== Anti-naziaktiviteiten ==
De [[nazi]]'s kamen [[1933]] yn [[Dútslân]] oan de macht. Hermann Göring wie al yn [[1922]] lid fan de [[Nasjonaalsosjalistyske Dútse Arbeiderspartij|NSDAP]] wurden en soe it bringe ta ien fan de meast wichtige figueren^yn it rezjymen. Albert woe neat witte fan de partij fan [[Adolf Hitler]] en har ideology. Hy wie in leauwich [[roomsk-katolyk]] en [[antisemitisme]] wie frjemd foar him. Yn de jierren foar de [[Anschluss]] liet hyer dat geregeldwei yn it iepenbier witte.
 
Doe't de Dútsers yn 1938 [[Eastenryk]] anneksearreanneksearren, hie er grutte problemen krije kinnen, mar as hyer al arrestearre waard, wie syn efternamme of it streekrjocht yngripen fan syn broer genôch om him wer frij te krijen. Göring makke dêr tankber brûkme fan. Bygelyks seach er ris hoe't in Joadenjoaden troch de [[Schutzstaffel|SS]] twongen waardwaarden de strjitte teta skrobjenstrjitskrobjen. Sûnder berie die er syn jas út, gie op de knibbels en die mei harren mei. Fuortendaliks makke de ferantwurdlike SS-offisier doe in ein oan de iepenlike krinking.
 
Albert Göring hat in protte lju it lân út holpen. Syn âld wurkjouwer, de filmprodusint [[Oskar Pilzer]], wie Joadsk en doe't dy arrestearre waard brûkte Göring syn ynfloed om him en syn famylje it lân út te krijen. Doe't de ferneamde komponist [[Franz Lehár]] troch de autoriteiten bedrige waard omdat syn frou joadsk wie, regele Göring in [[Aryske ras|Ariër]]-status foar har. In tankbere Lehár droech letter in komposysje oan him op.