Ferskil tusken ferzjes fan "Runen"

2 bytes lytser ,  6 jier lyn
In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting de rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme yn in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.
 
== Oarsprongkoekjes ==
It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it [[Latynske alfabet]]. Nei alle gedachten is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de [[Retiërs]], in folk dat yn de ieuwen foar ús jiertelling yn de [[Alpen]] wenne. De Retiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de [[Etrusken]] ûntliend hawwe, dêr't hja yn de [[Poflakte]] kontakt mei hienen.
 
Anonime meidogger