Runen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Savh (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "213.125.123.2" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Xqbot".
Rigel 16:
[[Ofbyld:Vaksalastenen.jpg|thumb|De runestien fan Tyke Viking yn [[Växjö]]]]
 
== etenHjoeddeisk ==
Utsein dat elk teken in klank hat en brûkt wurde kin om mei te skriuwen, hat eltse rune ek in eigen namme en wurdt de runen ek in magyske betsjutting takind. Runen wurde tsjintwurdich soms bestudearre en brûkt troch [[Paganisme|paganisten]] om harren heidensk kultureel-histoaryske wearden en ek foar harren tawiisde magyske eigenskippen.
 
In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting de rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme yn in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.
 
== koekjesOarsprong ==
It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it [[Latynske alfabet]]. Nei alle gedachten is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de [[Retiërs]], in folk dat yn de ieuwen foar ús jiertelling yn de [[Alpen]] wenne. De Retiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de [[Etrusken]] ûntliend hawwe, dêr't hja yn de [[Poflakte]] kontakt mei hienen.