Trotwaer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2586975
169 is toch 1969?
Rigel 1:
'''Trotwaer''' is in [[Frysk]] literêr tydskrrift. It bestiet sûnt jannewaris [[1969]] en befettet ferhalen, gedichten, romanfeuilletons, boekbesprekkings, skôgingen ensafuorthinne. It is de opfolger fan [[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]. It earste nûmer ferskynde ûnder redaksje fan [[Bauke de Jong]], [[Steven H.P. de Jong]], [[Leo Popma]], [[Trinus Riemersma]] en [[Geart van der Zwaag (dichter)|Geart van der Zwaag]].
 
Yn 1974 bestie de redaksje út [[Willem Abma]], Adri van Hijum, [[Bartle Laverman]], Alex Riemersma en Trinus Riemersma. It stribjen nei fernijing utere him ûnder mear yn in iepener redaksjebelied: sa waarden yn it earstoan de lêzers yn de gelegenheid steld om op de saneamde "Rebûljegearkomsten" kandidaten foar it redakteurskip foar te dragen. Yn 1691969 besleatde redaksje, nei oanlieding fan it net takennen troch [[Deputearre Steaten]] fan Fryslân oan [[Operaesje Fers]], sels de priis oan de inisjatyfnimmers út te rikken. Yn [[1970]], doe't de útjefte fan Trotwaer stûke, joegen de redaksjeleden sels de saneamde Trotwaersuppleminten út. Der wienen yn 1974 sa'n 300 abonnees.
 
Sûnt [[2003]] ferskynt it net mear as selsstannich tydskrift, mar as literêr katern yn it moanneblêd [[De Moanne]].