Ljipaaisykjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
[[]]
Rigel 1:
[[File:Kievitsnest (Vanellus vanellus).jpg|thumb|right|In broed ljipaaien]]
'''Ljipaaisykje''', meast koartsein '''aaisykje''' is it sykjen fan [[aai (bist)|aaien]] fan fûgels yn it iepen fjild. It wurdt meast yn [[Fryslân]] dien. By it aaisykjen wurdt benammen sjoen nei it hâlden en dragen fan de mantsje-(âldhij) en wyfkeljip. Kenners kinne dêroan sjen oft it in 'kânske' is of net. De baltsflecht fan de [[ljip]] en syn baltsrop binne foar in soad minsken op it plattelân in teken dat de [[maitiid]] kommendewei is. It aaisykjen is keppele oan de neisoarch. Dy soarch hâldt yn der der in stokje by it nêst setten wurdt, sadat bygelyks in boer by it [[meanen]] it nêst net plat rydt.
 
Njoggen april wurdt de slutingsdatum neamd. De ljip is de earste greidevogel dy't ta aailizzen komt. Sa heal maart kin it earste aai ferwachte wurde. It is yn Fryslân wenst dat it earste ljipaai oan de [[Kommissaris fan de Keninginne]] oanbean wurdt. De finer krijt dan de [[Sulveren Ljip (aaisykje)|Sulveren Ljip]], in eareteken dat troch it Provinsjaal Bestjoer beskikber steld wurdt. Ek alle boargemasters fan Fryslân krije in "earste ljipaai".