Aldgisl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ alternative nammen
Rigel 10:
== Kening ==
[[Ofbyld:Aldgillis.jpg|thumb|right|''Aldgillis, yn de "Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt" fan [[Pier Winsemius|P. Winsemius]].'']]
Yn de ''[[Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum|Historia ecclesiastica]]'' fan [[Beda]], in Ingelske muonts wurdt Aldgillis neamd as [[kening]] fan de Friezen. It feit dat Beda him kening neamd is hiel bysûnder en wichtich foar histoarisy, omdat de Friezen troch Frankyske boarnen út dy tiid, en dy't net oerrinne fan in soad betrouberens, altiten as in ûnderhearrich folk oantsjutten waard. Hja neamen de Fryske lieders [[hartoch|hartoggen]] en gjin keningen. Skiedkundigen jouwe dêrom mear gewicht oan Beda syn beskriuwing en betiteling fan Aldgillis as dy fan de Frankyske boarnen. <ref>{{aut|D.P. Blok}} (1979), ''De Franken in Nederland'', Haarlim. </ref>
 
Fan wat wy oer him witte hat men de yndruk dat Aldgillis mear wie as allinnich in kriichshear. Hy wurdt sjoen as in frij machtich persoan dy't him nea folle oanlutsen hat fan de grutste Naasje yn dy tiid, de [[Franken]]. Opfalt, is dat er syn eigen polityk fierde, los fan it Frankyske ryk. Dat koe der net samar dwaan, en omdat er dat wol die, wurdt oannommen dat er lang oan it bewâld west hat, mooglik al fan ôf ± [[650]].