Bruce Springsteen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
Bruce Springsteen (Long Branch (New Jersey, Ferienige Steaten), 23 septimber 1949) is in Amerikaanske rocksjonger, gitarist en ferskesskriuwer. Syn bynamme is The Boss.
 
Douglas Frederick, Springsteens heit, wie fan Iers Nederlânske en syn mem (Adele Ann Zerilli) fan Italjaanske komôf. Fanôf de jierren 60 spile Springsteen yn meardere bands, wêrûnder  The Castiles, Steel Mill en Dr. Zoom and The Sonic Boom. Yn 1972 waard de sjonger ûntdutsen troch John Hammond, dy al earder Bob  Dylan ûntdekte. Springsteen tekene yn dat jier dan ek in kontrakt by Hammonds wurkjouwer Columbia Records.