SC It Hearrenfean: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "46.129.17.67" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "J'88".
Side ferfong mei 'Boeren! Boeren!'
Rigel 1:
Boeren! Boeren!
{{Ynfoboks Sportklub2
|klubnamme = Sportklub It Hearrenfean<br>''Sportclub Heerenveen''
|ôfbyldingsnamme = Abe Lenstrastadion.jpg
|ôfbyldingstekst = It Abe Lenstra Stadion
|oprjochte = [[20 july]] [[1920]]
|opheft =
|plaknamme = [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]
|stadion = [[Abe Lenstra Stadion]]
|kapasiteit = 26.100
|fjilden =
|foarsitter = [[Gaston Sporre]] (interim)
|trener = [[Marco van Basten]]
|kompetysje = [[Earedivyzje]]
| pattern_b1=_heerenveen home
| body1=FFFFFF
| pattern_la1=_Heerenveen0809
| leftarm1=FFFFFF
| pattern_ra1=_Heerenveen0809
| rightarm1=FFFFFF
| pattern_sh1 =
| shorts1=FFFFFF
| pattern_s1 = _brasil1930
| socks1=000000
| pattern_b2=
| body2=ADD8E6
| pattern_la2=
| leftarm2=ADD8E6
| pattern_ra2=
| rightarm2=ADD8E6
| shorts2=ADD8E6
| socks2=ADD8E6
}}
 
'''Sportklup It Hearrenfean''' (''Sportclub Heerenveen'', faak ôfkoarte ta ''sc Heerenveen'') is in [[Fryslân|Fryske]] profesjonele fuotbalklup fêstige op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], útkommend yn de [[Earedivyzje (fuotbal)|earedivyzje]]. Ek hat de klup in [[SK It Hearrenfean (frouljusfuotbal)|profesjoneel frouljusalvetal]] dat aktyf is yn de [[Earedivyzje (frouljusfuotbal)|Earedivyzje foar froulju]].
 
De klup is de fêste bespiler fan it [[Abe Lenstra stadion]]. Thúswedstriden fan SK It Hearrenfean begjinne tradisjoneel altyd mei it [[Frysk folksliet]]. SK It Hearrenfean hat har ûnder it bewâld fan [[Riemer van der Velde]], dy't yn 1983 foarsitter fan de klip waard, en [[Foppe de Haan]] ûntwikkele as in stabile subtopper yn it [[Nederlân]]ske proffuotbal. Sûnt [[1994]] hat de klup elts jier yn de Earedivyzje spile.
 
De fuotbalklup waard stifte yn [[1920]] en krige yn [[1970]] in ôfsplitsing tusken de profs en de amateurs. De amateurferiening is fierder gien ûnder de namme [[FF It Hearrenfean]]. Inkele hichtepunten yn de skiednis fan de klup binne de njoggen noardlike kampioenskippen tusken [[1941]] en [[1951]] yn de tiid fan it alvetal mei [[Abe Lenstra]], it beheljen fan de [[Champions League (fuotbal)|Champions League]] yn 2000 en it winnen fan de [[KNFB beker]] yn [[2009]].
 
== Skiednis ==
===Stifting===
De fuotbalklup SK It Hearrenfean, sa't dy't no bestiet, is ûntstien út de gymnastykferiening Athleta. Dy feriening waard op [[22 juny]] [[1919]] stifte as protest tsjin de fúzje fan de gymnastykferienings Friso en Tyr nei FTC (Friso en Tyr Combinatie). Inkele leden wienen it net mei de fúzje iens en besletten ta it stiften fan in nije gymnastykferiening. Dy gymnastykferiening feroare al gau yn in fuotbalklup.
 
De stiftingsdatum fan It Hearrenfean, [[20 july]] [[1920]], komt fan it stuit dat ek de skoaljonges fan de HBS yn de fuotbalklup opnaam waarden. Yn [[1921]] waard de namme Athleta feroare ta Spartaan. Ek dizze namme hat de klup net lang hân. Yn [[1922]] is de namme troch it [[KNFB|Nederlânske Fuotbalbûn]] (NFB) wizige nei v.v. Heerenveen. Sûnt [[1977]], doe't de klup him opsplitste yn in amateur- en in profôfdieling is de namme sc Heerenveen.
 
===De begjinjierren (1920 - 1937)===
De klup spile foar it earst yn kompetysjeferbân yn [[1922]]; dat wie yn de 1e klasse fan it Fryske Fuotbalbûn (FFB). Dat seizoen waard de ploech fuort kampioen en promovearre nei de 3e klasse fan it Nederlânske Fuotbalbûn. Ek in jier letter waard de ploech kampioen en waard der promovearre nei de 2e klasse NFB.
 
It earste jier yn de twadde klasse wie net best. Der waarden mar twa punten helle. Ek yn de degradaasjewedstriden einige SK It Hearrenfean ûnderoan, mar it bestjoer wist it bûn der fan te wjerhâlden de klup tebek te sette nei de tredde klasse troch te stellen dat de prestaasjes fan de twadde en tredde ploech tige goed wienen. De bûn joech ta en liet It Hearrenfean yn de twadde klasse spylje. Twa jier letter, yn it seizoen [[1927]]/[[1928]] helle de klup sels mar ien punt. Mar trochdat it bûn de neikompetysje te grut makke hie en it dizze kompetysje heal juny stop sette moast degradearre de klup net.
 
Yn 1931 fûn de klup it paad omheech. Yn it seizoen [[1931]]/[[1932]] waard de ploech twadde. In prestaasje dy't de klup ek de twa jier derop behelle. Yn [[1934]]/[[1935]] waard de klup tredde, mar in seizoen letter wie it dan sa fier, it kampioenskip yn de 2e klasse fan de NFB waard helle, wêrtroch der yn de neikompetysje stride wurden mocht om promoasje nei de 1e klasse. De promoasje waard net helle, mar dúdlik wie al wol dat it wolris wat wurde koe fan de ploech út It Hearrenfean.
 
In jier letter, yn it seizoen [[1936]]/[[1937]] kaam de klup wol yn de 1e klasse NFB terjochte, dy't op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn [[Nederlân]] wie. Mei spilers as [[Abe Lenstra]], [[Jan Lenstra]] en [[Henny Jonkman]] al yn de seleksje, waard de ploech op 'e nij earste yn de 2e klasse. Wer waard der fuotballe om promoasje yn de neikompetysje. Dizze kear waard de klup wol earste yn de promoasjekompetysje troch WVV en Friesland efter harren te hâlden. Foar it earst yn de skiednis mocht de klup op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân útkomme; efternei lette de promoasje in gloarjeperioade fan de klup yn.
 
===Gloarjetiid (1938 - 1953)===
[[Ofbyld:Abe Lenstra u11c.JPG|thumb|right|Byld fan [[Abe Lenstra]] foar de yngong fan it nei him ferneamde [[Abe Lenstra Stadion]].]]
 
It earste jier fan de Feansters op it heechste nivo fan [[Nederlân]] wie lêstich; It Hearrenfean waard njoggende yn in klasse fan alve klups. Dat wie lykwols al genôch om op it heechste nivo te bliuwen. De klup helle ûnder oare in kreaze oerwinning op de topklup [[Be Quick]], út [[Grins (stêd)|Grins]]. It jier derop wie al in stik better, It Fean waard tredde, trije punten efter de kampioen fan dat jier, Achilles.
 
Yn it nije jier, it seizoen [[1939]]/[[1940]] kaam der in nije trener foar de ploech te stean, [[Anton Dalhuysen]]. Dalhuysen spile in wichtige rol yn de neikommende jierren fan SK It Hearrenfean. Troch it begjin fan de [[Twadde Wrâldkriich]] koenen de klups yn de kompetysje net fan de hiele seleksje gebrûk meitsje. It bûn besleat om in need-kompetysje te begjinnen, dêr't net by promovearre of degradearre wurde koe. Yn de [[maitiid]] fan [[1940]] waard de kompetysje stillein. Letter waard der wol wer úteinset mei de kompetysje, mar net alle klups hawwe de kompetysje ôfmakke. It seizoen [[1940]]/[[1941]] waard der wol wer in offisjele kompetysje spile; It Fean eindige yn de middenmoat, as fiifde.
 
Yn fuotbaljiergong [[1941]]/[[1942]] kamen de kwaliteiten fan de jonge ploech nei boppen. Al trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje wie dúdlik dat it Hearrenfean kampioen wie; yn hiel de kompetysje waard der mar ien wedstriid ferlern. Kampioen yn de 1e klasse betsjutte dat der spile wurde mocht om it [[Nederlânsk kampioenskip fuotbal|kampioenskip fan Nederlân]]. Yn dy kampioenskipskompetysje koe de ploech net dwaan wat yn de kompetysje al woe, It Fean waard lêste yn de poel fan fiif.
 
Ek yn de jierren dêrnei waard It Fean kampioen. Doe't yn [[1945]] Anton Dalhuysen fuort rekke waard hy koart opfolge troch [[Otto Bonsema]], mar dat wie net in súkses. Noch dat selde seizoen, [[1945]]/[[1946]] kaam [[Abe Lenstra]] foar de groep te stean. Under Lenstra slagge de ploech der dochs wer yn kampioen te wurden. Lenstra waard yn [[1947]] opfolge troch [[Piet van der Munnik]].
 
It kampioenskip yn de earste klasse waard yn totaal njoggen kear behelle, allegear efter elkoar, tusken 1941 en [[1951]] (it seizoen [[1944]]/[[1945]] is om de oarloch nea spile).
 
Kampioen fan Nederlân is de klup nea wurden. Wol wie de ploech der twa kear tichtby. By it kampioenskip fan [[1947]] waard It Hearrenfean twadde, trije punten efter kampioen [[AFC Ajax|Ajax]]. In jier letter wie it noch spannender: Mei noch twa wedstriden te gean stie It Fean twa punten foar op BVV, út [[De Bosk]], mei de útwedstriid tsjin BVV noch op it program. Uteinlik waard dy wedstriid ferlern mei 3-1. Dochs koe de ploech noch kampioen wurde, as de lêste wedstriid út wûn waard fan Go Ahead út [[Dimter]]. Safier kaam it lykwols net; Go Ahead wie mei 2-0 te sterk en It Fean waard wer gjin kampioen.
 
Yn de jierren nei 1947, oant [[1951]] ta, waard It Fean noch wol sljocht kampioen yn de 1e klasse, mar yn de úteinlike kampioenskipskompetysje kaam de ploech alle kearen wer te koart om in wichtige tsjinstanner te wêzen.
 
Yn [[1952]] wie it dien mei it oerwicht fan de Feansters. Troch in nije yndieling fan de kompetysje waard it allegear swierder. Spilers as [[Sietse van der Laan]] en [[Jan Bosscha]] stoppen en fan oare spilers rûn de fuotbalkarriêre op it ein.
 
Ferneamde spilers út dizze perioade wienen: Abe Lenstra, Jan Lenstra, [[Wim Molenaar]], Henny Jonkman, Jan Bosscha, [[Sietse Bosscha]], [[Sietze de Jong]], Sietze van der Laan, [[Tieme Veenstra]], [[Jaap de Jong|Jaap (Mollo) de Jong]], [[Gerben Hofma]] en [[Marten Brandsma]].
 
===Ynfier fan it betelle fuotbal (1954 - 1963)===
Mei de komst fan it betelle fuotbal begûn in ûnrêstige perioade foar It Hearrenfean. Binnen de klup wienen der grutte ferskillen yn de miening oer betelle fuotbal; benammen it bestjoer wie fûl tsjin it betelle fuotbal. Op in gearkomst op [[25 augustus]] [[1954]] waard troch de stimrjochtigen dochs foar it fuotbaljen yn de betelle-fuotbalklasse stimd. Hjirop stapte ûnder oare foarsitter [[Floor Feléus]] op as bestjoerder fan de klup.
 
Dochs bleau de wjerstân bestean yn de klup. It bestjoer wie net tarekkene op de nije foarm fan fuotbal en doarre gjin sinten út te jaan om goeie spilers foar de kompetysje te heljen. Hjirop teach Abe Lenstra nei [[Sportklup Ynskedee]] en sakke It Hearrenfean fuort. Yn it earste jier fan it betelle fuotbal waard de Earedivyzje krek net helle en yn it twadde jier, yn [[1955]] wie de ploech net goed genôch om him te kwalifisearjen foar de [[Earste Divyzje (fuotbal)|Earste Divyzje]].
 
Yn it seizoen [[1959]]/[[1960]] wie der wer ris wat te belibjen foar It Hearrenfean. De klup waard tredde yn de [[Twadde Divyzje|Twadde Divyzje B]], wat betsjutte dat It Fean neikompetysje spylje mocht foar promoasje nei de Earste Divyzje. Op [[8 maaie]] waard yn [[Kerkrade]] tsjin Roda mei 0-0 lyk spile, wat genôch wie foar promoasje omdat de klup thús al mei 4-0 wûn hie. Yn de seizoenen [[1961]]/[[1962]] en [[1962]]/[[1963]] spile It Fean yn de Earste Divyzje.
 
===Finansjele problemen (1964 - 1975)===
Finansjeel waard it yn de jierren '60 hieltyd minder mei de klup. Yn [[1967]] wie it sels sa min mei de finânsjes dat de gemeente net mear helpe woe. Dêrop sprong de mienskip fan It Hearrenfean by, yn de foarm fan [[Aktie’67]]. Der waard 70.000 [[gûne]] (omrekkene: sa'n 32.000 [[euro]]) waard der ynsammele en de klup koe der stadichoan wer boppe-op komme. Ek nei 1967 wienen der sa no en dan finansjele problemen. Hjoed de dei bestiet Aktie’67 noch en is it ferantwurdlik foar in wichtich part fan de ynkomsten fan de fuotbalklup.
 
Yn [[1970]] waard It Hearrenfean ûnder de nije trener [[Bas Paauwe]] kampioen fan de Twadde Divyzje. Op de lêste fuotbaldei fan it seizoen [[1969]]/[[1970]] spile It Fean lyk, wylst de konkurrinten [[Velox]] en [[FK Wageningen]] ferlearen. It Hearrenfean promovearre nei de Earste Divyzje, en oan [[1990]] ta bleau it dêryn spyljen.
 
Nettsjinsteande de promoasje nei de Earste Divyzje gie it dochs wer mis mei de finânsjes fan de klup. Yn [[novimber]] [[1973]] waard bekend dat It Hearrenfean oer it seizoen [[1972]]/[[1973]] 110.000 gûne, sa'n 50.000 euro, ferlern hie omdat de ynkomsten te min wienen. De klup oerlibbe ek dizze krisis, mar wol liet it barren djippe spoaren nei yn de takomst fan de klup. Jild om spilers te keapjen wie der net, wêrtroch it lêstich waard om goede spilers op it fjild te krijen. De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de Earste divyzje wienen dan ek net bjusterbaarlik; in grize middenmoater wie de ploech yn de kompetysje.
 
===Ofsplitsing (1975 - 1979)===
Noch hieltiid wienen de minsken fan SK It Hearrenfean der net oer útpraat as it betelle fuotbal no wol of net wat wie foar de fuotbalklup. Yn [[1977]] kaam it dan ek safier dat de fuotbalklup opsplitst waard yn in betellefuotbalorginaasje en in amateurfuotbalklup. Offisjeel waard de klup skieden op [[1 juny]] 1977. De betellefuotbalklup waard in stifting en de amateurs makken, ûnder de namme ''[[Fuotbalferiening It Hearrenfean]], in werstart yn de fjirde klasse fan de [[KNFB]].
 
===De professionalisearring (1980 - 1993)===
[[Ofbyld:Foppe de Haan.jpg|thumb|left|Foppe de Haan wurke tusken 1985 en 2004 foar SK It Hearrenfean.]]
 
Yn de jierren '80 barde der in protte by it Hearrenfean. Sa waard yn [[1980]] [[Henk van Brussel]] oanstelt as trener fan de earste seleksje. Mei de komst fan Henk van Brussel helle SK It Hearrenfean in trener binnen mei in skat oan ûnderfining yn it betelle fuotbal. Under syn lieding waard der goed en oanfallend fuotbal spile; yn [[1981]] en [[1982]] waard der sels neikompetysje berikke. Omdat it fuotbal yn 'It Friese Haagje' altyd oanfallend wie mei in protte ynset fan de spilers waard dizze perioade ferneamd as de ''Brusselske Kermis''.
 
Trije jier nei de komst fan Van Brussel as trener waard dúdlik dat de klup wer yn de skulden siet. De skulden wienen sa heech, 1,5 miljoen gûne (sa'n 680.000 euro), dat de gemeente net mear byspringe woe. Manager [[Henk Schulten]] koe it net mear oansjen en teach nei de autoferkeaper [[Klaas Oenema]] foar help. Neffens Schulten moasten der mear sakelju by SK It Hearrenfean belutsen wurde. Oenema rekommandearre [[Riemer van der Velde]] oan, dy't doe in gruthannel yn [[Bakkefean]] hie. Dêrop gie de foarsitter fan de klup, [[Jan Steenhuizen]], dy't de barre situaasje fan SK It Hearrenfean ek ûnderkent hie, nei Van der Velde ta. Frege waard of Van der Velde foarsitter fan de Feansters wurde woe; dat woe der wol.
 
Yn rap tempo wurke Van der Velde, tegearre mei oare ûndernimmers as de bruorren Klaas en Jan Oenema, de bruorren Durk en Jan Hubert Raadsma en Lippe Lap, de skulden fuort. De skulden waarden sanearre. Ien fan de skuldeaskers wie de [[Rabobank]]. Dizze waard yn 'natuera' werom betelle troch de sponser fan it skoareboerd te wurden. Fierders waarden der 1.000 lotten fan elk 100 gûne oan de man brocht; haadpriis fan de ferlotting wie in auto. Nei twa jier wienen hast alle skulden fuort wurke en makke de gemeente in gebaar troch de lêste 120.000 gûne (sa'n 50.000 euro) foar har rekken te nimmen.
 
Mei Van der Velde as foarsitter waard der hurd profesjonalisearre by SK It Hearrenfean. Yn [[1985]] gie Van Brussel fuort en waard [[Foppe de Haan]], dy't doe noch trener fan de [[Fuotbalferiening Stienwyk]] wie, haadtrener fan de klup. Mar de prestaasjes mei De Haan wienen net bêst. Yn 1988 waard er, tydlik, oan de kant set en waard [[Ted Immers]] de nije trener fan de ploech. De Haan krige de baan fan technysk direkteur. Yn it seizoen [[1988]]/[[1989]] waard goed prestearre en waard op 'e nij de neikompetysje helle. It Hearrenfean begûn sterk oan de promoasjestriid, mar nei de SLM-unk yn juny 1989, dêr't ek famylje en freonen fan de [[Suriname|Surinaamske]] spilers by SK It Hearrenfean by wienen, gie it mis. De ploech eindige as twadde, net genôch foar promoasje nei de Earedivyzje.
 
In jier letter waard [[Ab Gritter]] de opfolger fan Immers, dêr't it kontrakt net fan ferlingd wie. It gie net bêst mei de ploech en yn [[jannewaris]] waard in trener mei ûnderfining, [[Fritz Korbach]], foar de groep set. SK It Hearrenfean eindige as 16e yn de kompetysje, mar de perioadetitel dy't yn it begjin fan it seizoen helle wie, joech tagong ta de neikompetysje. Yn dy neikompetysje eindige de ploech boppe-oan yn de poel. Foar promoasje moast der doe noch spile wurde tsjin Emmen. Ut waard mei 1-0 ferlern, mar thús waard dat ferlies goedmakke. It Hearrenfean wûn mei 2-0 en promovearre nei de Earedivyzje.
 
Yn [[1990]] mocht de klup foar it earst op it heechste proffuotbalnivo fan Nederlân spylje. Tsjin [[FK Folendam]] waard der debutearre, mar ek fuort ferlern mei 1-3. Nei 16 wedstriden hie de ploech net mear as 6 punten. Dêrom waard der yn de winter ynvestearre yn de seleksje. Sa waarden [[René van der Gijp]] en de letter tige populêre [[Roemeenje|Roemeen]] [[Rodion Cămătaru]] oanhelle. De twadde helte fan it seizoen wie dan ek in stik better. SK It Hearrenfean behelle punten en de efterstân op de oare klups waard hieltyd lytser en op [[16 april]] waard [[MVV]] yn de stân byhelle. Op snein [[5 maaie]] waard der in belangrike útwedstriid tsjin SVV út [[Rotterdam]] spile. Mei in konfoai fan 2,5 kilometer lang en ûnder it sicht fan 5.000 Hearrenfean-supporters wûn SK It Hearrenfean de wedstriid mei 1-2. Mar de goeie searje fan nei de winter wie net mear genôch wêze om degradaasje te foarkomme. It Hearrenfean eindige op doelsaldo op it 17e plak, krekt net genôch om degradaasje tsjin te gean.
 
In jier letter yn de Earste divyzje slagge it SK It Hearrenfean der net yn om wer yn de Earedivyzje te komme. Mar it jier dêrop, it fuotbalseizoen [[1992]]/[[1993]], wie in tige wichtich seizoen yn de opkomst fan de klup. It begjin wie ien en al mineur: de prestaasjes wienen min en trener Fritz Korbach waard dien jûn. Syn opfolger wie Foppe de Haan, dy't tusken 1985 en 1988 ek al haadtrener fan de klup wie. Mei De Haan as trener waard SK It Hearrenfean twadde yn de kompetysje, genôch om foar de twadde kear yn de skiednis fan de klup te promovearjen nei de Earedivyzje. In oar wichtich resultaat, en miskien noch wol wichtiger as de promoasje, wie it heljen fan de finale fan de [[KNFB-beker]]. Tsjin Ajax waard de finale dan wol mei 6-2 ferlern, mar it grutte Fryske 'folkeferfarren' nei de Kuip yn Rotterdam wie ien fan de grutste hichtepunten yn de skiednis fan de klup.
 
===Gong nei de subtop (1994 - 2010)===
[[Ofbyld:500px-Heerenveen friese volkslied.jpg|thumb|right|250px|SK It Hearrenfean en Roda JC harkje nei it Frysk folksliet.]]
[[Ofbyld:SK It Hearrenfean - VVV Venlo.jpg|thumb|right|250px|Opwaarming foar de wedstriid tusken SK It Hearrenfean en [[VVV Venlo]] op [[4 oktober]] [[2009]].]]
 
Yn [[1993]]/[[1994]] kaam de klup foar de twadde kear yn de skiednis yn de Earedivyzje te spyljen, de klasse dêr't de klup ek hjoed de dei noch yn spilet. It seizoen fan de weromkear yn de Earedivyzje waard op in knap 13e plak ôfsletten. It wie it lêste seizoen yn it âlde Abe Lenstra Stadion, it eardere Sportpark Noard. Fan it fuotbalseizoen [[1994]]/[[1995]] spile de klup yn it nije Abe Lenstra Stadion, oan de Rykswei 32.
 
It earste seizoen yn it nije stadion waard in goed jier. De heale finale fan de KNFB-beker waard helle en yn de kompetysje eindige de ploech op it 9e plak. Dit seizoen begûn ek in oare kwaliteit fan de klup nei boppe te kommen: it skoutingsapparaat. Yn [[desimber]] 1994 waard it grutte [[Denemark|Deenske]] talint [[Jon Dahl Tomasson]] oanlutsen. Hy wie de earste fan in hiele rige [[Skandinaavje|Skandinavyske]] fuotballers dy't by SK It Hearrenfean te spyljen kamen.
 
De jierren dêrnei gie it hieltyd better mei de klup. Yn [[1996]] waard it sânde plak helle, krek as in jier letter yn [[1997]]. De klup prestearre goed yn sawol de kompetysje fan [[1996]]/[[1997]] as de striid om de KNFB-beker. Foar de twadde kear helle de klup de finale fan de beker. Dizze kear wie [[Roda JC]] út [[Kerkrade]] de tsjinstanner. SK It Hearrenfean gie as grutte kanshawwer de finale yn, mar úteinlik waard der mei 4-2 ferlern.
 
Seizoen [[1997]]/[[1998]] wie foar de Feansters it earste jier dat der Jeropeesk fuotbal helle waard. Omdat de finalisten fan de KNFB-beker beide al Jeropeesk fuotbal helle hienen, waard der in wedstriid tusken de ferliezend healfinalisten spile, SK It Hearrenfean en [[FK Twinte]]. It Hearrenfean wûn de wedstriid, op neutraal terrein yn it stadion fan [[FK Swol]], mei 3-1, wêrtroch it in plak yn it lêste jier fan it [[Jeropa Kup II]]-toernoai krige. Ien fan de útblinkers by dy wedstriid wie [[Ruud van Nistelrooy]], dy't koart dêrnei nei PSV gie. Yn de kompetysje eindige de klup op it 6e plak.
 
It debút fan It Hearrenfean yn it Jeropeeske fuotbal wie tsjin it [[Poalen|Poalske]] [[Amica Wronki]]; der waard mei 3-1 en 1-0 wûn en dat de ploech gie troch nei de twadde omgong. Tsjin de nije tsjinstanner, [[Varteks Varazdin]] út [[Kroaasje]], waard thús noch wol wûn, mar út gie it lykop oant de ploech yn de ferlinging mei 4-2 ferlear.
 
Yn [[1999]]/[[2000]] sette SK It Hearrenfean de grutste prestaasje út harren skiednis oan doe ta del. Troch it twadde plak, efter kampioen [[PSV (fuotbal)|PSV]], mocht de klup yn de [[Champions League (fuotbal)|Champions League]]-edysje fan [[2000]]/[[2001]] útkomme. Hjiryn spile de ploech tsjin it [[Frankryk|Frânske]] [[Olympique Lyon]], it [[Spanje|Spaanske]] [[Valencia]] en it [[Grikelân|Grykske]] [[Olympiakos Pireaus]]. Thús waard der wûn fan Olympiakos en út spile SK It Hearrenfean lyk tsjin Valencia: in knappe prestaasje want Valencia kaam letter dat jier yn de finale fan it toernoai, mar net genôch om fierder te kommen. Yn de kompetysje wienen de prestaasjes dat jier net bêst, It Fean waard 10e, mar hie mei it aventoer fan de Champions League dochs in goed jier hân.
 
Yn [[2002]] hie It Fean de minste seizoenstart ea. Earst yn de njoggende spylronde wûn de klup in wedstriid. De posysje fan Foppe de Haan waard yn de krante, op televyzje en op de radio ta diskusje steld, mar it bestjoer stjoerde De Haan net fuort en hy makke it seizoen ôf. Uteinlik waard It Fean 7e.
 
Oan it begjin fan it nije seizoen, [[2003]]/[[2004]] waard bekend makke dat De Haan oan de ein fan it seizoen ophâlde soe as trener fan It Hearrenfean. Nei njoggentjin jier soe er net mear wurksam wêze foar de klup. By it ôfskie fan De Haan, by de ien-nei-lêste wedstriid fan it jier, waard yn it Abe Lenstra Stadion it fjirde plak feilichsteld.
 
De opfolger fan De Haan waard [[Gertjan Verbeek]], dy't ek as spiler en assistint-trener by de klup wurksum west hie. Mei Verbeek as trener groeide SK It Hearrenfean út ta in fêste subtopper yn it Nederlânske fuotbal. Under Verbeek brutsen spilers as [[Klaas Jan Huntelaar]], [[Georgios Samaras]] en [[Miralem Sulejmani]] troch; spilers dy't letter foar miljoenen oan oare klups ferkocht waarden.
 
Yn desimber [[2007]] krige Verbeek te hearren dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlingd wurde soe. Sadwaande moast de trener oan de ein fan it seizoen [[2007]]/[[2008]] op 'e syk nei in nije klup. Yn dit lêste seizoen fan Verbeek as trener fan de klup einiget It Hearrenfean op it fiifde plak, mei meastentiids goed fuotbal en in soad doelpunten, 88, it grutste tal doelpunten dat de klup ea yn ien seizoen makke hat.
 
====Seizoen 2008/09====
Op [[25 maart]] [[2008]] makke de kluplieding op de hiemside fan de klup bekend dat de [[Noarwegen|Noar]] [[Trond Sollied]] de nije haadtrener fan de ploech wurde soe. Tegearre mei syn assistint [[Chris van Puyvelde]] tekene hy in kontrakt foar twa jier.
 
[[Ofbyld:SK It Hearrenfean - FC Twente (KNVB Beker finale).jpg|thumb|left|300px|Foto fan de KNVB Beker finale fan [[17 maaie]] [[2009]] tusken SK It Hearrenfean en FK Twinte.]]
 
Yn it earste jier mei Sollied as trener hie de klup daalks súkses. Yn de kompetysje eindige de klup op it fiifde plak. It seizoen gong lykwols de klupskiednis yn as it seizoen dêr't It Hearrenfean foar it earst yn syn skiednis in nasjonale earste priis wûn: de KNVB Beker. Trochdat It Hearrenfean yn de rin fan it toernoai [[MVV]], de amateurklup [[Haaglandia]], [[Feyenoord]], [[NEC (fuotbal)|NEC]] en [[FC Volendam]] útskeakele, kaam de klup yn de finale terjocht; de tsjinstander waard FK Twinte. Sa'n 25.000 Hearrenfean-supporters tôgen nei [[De Kuip]] yn [[Rotterdam]], dêr't de finale spile wurde soe. Uteinlik waard It Hearrenfean, nei strafskoppen, de winner.
 
====Seizoen 2009/10====
Nei fjouwer wedstriden yn it seizoen [[2009]]/[[2010]] waard trener Trond Sollied al ûntslein, ek fan syn assistint Chris van Puyvelde waard ôfskied naam. Neffens it bestjoer lei de manear fan arbeidzjen fan Sollied te fier út de rjochting fan wat de klup woe. Yn de tiid foar it stuit fan it ûntslach hie Sollied al in pear kear wurden hân mei it bestjoer oer de ynfolling fan de seleksje. Ek soe de medyske staf harren wurk net goed dwaan. Foarsitter Yme Kuiper neamt de dei fan it ûntslach fan Sollied in 'swarte bledside yn de skiednis fan It Hearrenfean'.<ref> [http://www.fcupdate.nl/voetbalnieuws/127686/heerenveen-zwarte-dag-door-ontslag-sollied FC Update], Heerenveen: "Zwarte dag door ontslag Sollied" (sjoen op 16 augustus 2010)</ref> As ferfanger fan Sollied waard [[Jan de Jonge]] oansteld, dy't oant dat stuit by SK It Hearrenfean as haad jeugdopliedingen oan de slach wie. Ek De Jonge krijt de ploech net oan it fuotbaljen en tsjinnet op [[3 febrewaris]] [[2010]] syn ûntslach as haadtrener yn.<ref>[http://www.spitsnieuws.nl/archives/sport/2010/02/jan_de_jonge_weg_bij_heerenvee.html Jan de Jonge weg bij Heerenveen], SpitsNieuws.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Op [[5 febrewaris]] makke de kluplieding bekend dat [[Jan Everse]] it seizoen ôfmeitsje soe by It Hearrenfean.<ref>[http://nos.nl/video/134592-everse-nieuwe-trainer-heerenveen.html Everse nieuwe trainer Heerenveen], NOS.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Under Everse syn lieding slút SK It Hearrenfean it seizoen ôf mei it 11e plak yn de kompetysje.
 
Yn de KNVB-beker wurdt de klup al ier útskeakele, yn de achtste finales is PSV yn it Abe Lenstra stadion te sterk.
 
=== Reorganisaasje (2010 - 2013) ===
It getonger yn it seizoen 2009/2010 liet in swiere perioade foar de klup yn. Op [[12 maart]] 2010 makke [[Bart van der Meer]] as foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen bekend dat der in nije direksjestruktuer komme sil. <ref>[http://www.sc-heerenveen.nl/nieuws/sc-heerenveen-zoekt-nieuwe-voorzitter/10 sc Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter], sc-Heerenveen.nl (sjoen op 7 septimber 2013)</ref><ref>[http://www.voetbalzone.nl/doc.asp?uid=99927 Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter; Van der Velde stopt als commissaris], Voetbalzone.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Yn de simmer soe der nei in nije foarsitter socht wurde dy't leiding jaan moat oan de direksjeleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Jan van Erve. De organisaasje fan de klup waard foar in grut part feroare. Foar it earst sûnt it fuort gean fan foarsitter Koos Formsma kaam der wer ien foarsitter, ynstee fan trije ferskate einferantwurdliken. Dêrnjonken waard der yn de namme fan [[Johan Hansma]] foar it earst yn de klupskiednis in technysk direkteur oansteld. Ek de Rie fan Kommissarissen sels gie oer de kop. It wie de bedoeling dat tusken 2010 en 2012 fiif fan de seis kommissarissen ferfongen waarden, allinnich Theun van der Meulen koe sitten bliuwe. Riemer van der Velde, ien fan de kommissarissen, stapte fuortendaliks op.
 
Op 26 maaie 2010 waard bekend makke dat de nije foarsitter de skoalbestjoerder [[Robert Veenstra]] wurdt, op [[1 augustus]] [[2010]] begûn hy mei syn wurksumheden.<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/69827/Geskikt-om-klup-te-lieden.aspx 'Geskikt om klup te lieden'] Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Oars as de bedoeling wie bleaun fan de eardere bestjoersleden allinnich Jan van Erve oan. Earder al wie bekend makke dat [[Ron Jans]] fan it seizoen 2010/2011 ôf de nije trener fan de klup waard.
 
Yn oktober 2010 waard by de presentaazje fan de jiersifers bekend dat SK It Hearrenfean oer it boekingsjier 2009/2010 in ferlies fan 14,9 miljoen euro lieden hat. Mei troch dizze rissultaten is ôfsjoen fan ferbou fan it Abe Lenstra Stadion.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=52303 Heerenveen breidt stadion nog niet uit], Friesch Dagblad.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Ek it tal kontraktspilers moast om dizze reden werom brocht wurde om de sitewaasje te kearen. Hjir wie oan de ein fan it seizoen 2009/2010 al in begjin mei makke troch ofskied te nimmen fan tolve spilers, wêrûnder [[Gerald Sibon]], [[Paulo Henrique]] en [[Michael Dingsdag]]. It tal kontraktspilers moast yn de takomst noch fierder werombrocht wurde.
 
Lykas it seizoen derfoar wie ek it fuotbalseizoen 2010/2011 teloarstellend foar It Hearrenfean. Under lieding fan de nije trener Ron Jans, dy't Jan Everse opfolge hat, waard it seizoen ôfsletten mei in 12e plak. Ek yn de KNVB Beker waard min presteart, al yn de earste wedstriid yn it toernoai wurdt thús mei 0-2 fan [[NAC Breda]] ferlearn.
 
It twadde seizoen ûnder lieding fan Ron Jans, 2011/2012, ferrûn in stik better mei in fiifde plak yn de kompetysje en it beheljen fan de heale finale fan de KNVB Beker. Benammen it spel fan de oanfallers, [[Luciano Narsingh]], [[Bas Dost]] en [[Oussama Assaidi]], foelen op. Alle trije spilers ferlieten nei it seizoen de klup foar in stap hegerop (Narsingh nei PSV, Dost nei VFL Wolfsburg en Assaidi nei FC Liverpool). Rjochtsfoar Narsingh wurdt troch bûnscoach [[Bert van Marwijk]] sels selekteart foar it Nederlânsk alvetal en is ien fan de spilers dy't mei gie nei it Europeesk Kampioenskip fuotbal yn [[Poalen]] en [[Oekraïne]].
 
Nettsjinsteande de resultaten waard al op [[5 jannewaris]] [[2012]] bekend makke dat it kontrakt fan trener Ron Jans, dat nei it seizoen ôfrûn, net ferlingd waard.<ref>[http://nos.nl/artikel/328088-jans-en-heerenveen-verlengen-niet.html Jans en Heerenveen verlengen niet] NOS.nl (sjoen op 7 septimber 2013)</ref> Ynstee dêrfan waard in moanne letter bekend dat [[Marco van Basten]] de nije trener fan de klup waard.<ref>[http://www.nrc.nl/nieuws/2012/02/13/van-basten-trainer-heerenveen/ Van Basten nieuwe trainer Heerenveen], NRC.nl (sjoen op 7 septimber 2013)</ref>
 
==Earste âlvetal==
===Seleksje 2012/2013===
 
 
{| class="wikitable"
|- bgcolor=#9799F3
!Nûmer
!Spiler
!Nationaliteit
|-
!colspan=8 bgcolor=#EFEFEF|
'''Doelmannen'''
|- bgcolor="#FFECCE"
|align=center|'''1'''
| [[Kristoffer Nordfeldt]]
|align=center|{{Flagge SE}}
|- bgcolor="#FFECCE"
|align=center|'''25'''
|[[Brian Vandenbussche]]
|align=center|{{Flagge BE}}
|- bgcolor="#FFECCE"
|align=center|'''26'''
| [[Kenny Steppe]]
|align=center|{{Flagge BE}}
|- bgcolor="#FFECCE"
|align=center|'''28'''
|Jurjan Wouda
|align=center|{{Flagge NL}}
|-
!colspan=8 bgcolor=#EFEFEF|
'''Ferdigeners'''
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''2'''
|[[Gianni Zuiverloon]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''3'''
|[[Jeffrey Gouweleeuw]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''4'''
|[[Christian Kum]]
|align=center|{{Flagge NL}}{{Flagge DE}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''5'''
|[[Youssef El-Akchaoui]]
|align=center|{{Flagge MA}}{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''8'''
|[[Arnold Kruiswijk]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''17'''
|[[Doke Schmidt]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''20'''
|[[Jukka Raitala]]
|align=center|{{Flagge FI}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''23'''
|[[Ramon Zomer]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''32'''
|[[Jens Jurn Streutker]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''34'''
|Kenny Otigba
|align=center|{{Flagge HU}}
|- bgcolor="#E7FAEC"
|align=center|'''35'''
|[[Fahd Aktaou]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|-
!colspan=8 bgcolor=#EFEFEF|
'''Middenfjilders'''
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''9'''
|[[Filip Đuričić]]
|align=center|{{Flagge RS}}
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''10'''
|[[Sven Kums]]
|align=center|{{Flagge BE}}
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''15'''
|[[Marten de Roon]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''33'''
|[[Hakim Ziyech]]
|align=center|{{Flagge NL}}{{Flagge MA}}
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''36'''
|[[Menno Heerkes]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''38'''
|[[Youssef Fennich]]
|align=center|{{Flagge MA}}{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#DFEDFD"
|align=center|'''46'''
|[[Pelé van Anholt]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|-
!colspan=8 bgcolor=#EFEFEF|
'''Oanfallers'''
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''6'''
|[[Daniël de Ridder]]
|align=center|{{Flagge NL}}{{Flagge IL}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''7'''
|[[Rajiv Van La Parra]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''11'''
|[[Alfred Finnbogason]]
|align=center|{{Flagge IS}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''14'''
|[[Matthew Amoah]]
|align=center|{{Flagge GH}}{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''16'''
|[[Marco Pappa]]
|align=center|{{Flagge GT}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''19'''
|[[Samir Fazli]]
|align=center|{{Flagge MK}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''29'''
|[[Arsenio Valpoort]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''30'''
|[[Oussama Tannane]]
|align=center|{{Flagge MA}}{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''31'''
|[[Mark Uth]]
|align=center|{{Flagge DE}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|align=center|'''37'''
|[[Luciano Slagveer]]
|align=center|{{Flagge NL}}
|- bgcolor="#FFD2D6"
|}
 
===Technyske staf===
;Haadtrener: [[Marco van Basten]]
;Assistint treners: [[Henk Herder]], [[Jan de Jonge]]
;Krêfttrener:
;Kondysjetrener:
;Doelmannetrener: [[Albert van der Sleen]]
;Ploechbegelieder: [[Herman van Dijk]]
 
==Prestaasjes==
===Kompetysje===
 
====Amateurfuotbal====
SK It Hearrenfean spile tusken 1922 en 1954 yn it amateurfuotbal. Yn dy tiid wie der yn Nederlân noch gjin profkompetysje; dy gie pas fan start yn 1954. De klup hat harren yn de jierren fan it amateurfuotbal yn Nederlân opwurke fan de Earste Klasse FVB nei de Earste Klasse Noard, wat yn dy tiid it heechst te beheljen nivo foar It Hearrenfean wie.
 
Hjirûnder steane alle einresultaten fan SK It Hearrenfean yn de perioade 1922-1954. It giet om alle resultaten fan de klup yn it amateurfuotbal sûnt de stifting fan de feriening.
 
{| width=70%
| width=50% align=left valign=top |
{| class="wikitable"
|-
! Jier !! Divyzje !! Posysje !! Nasjonaal
|-
| 1922/23 || Earste Klasse FVB || 1 ||
|-
| 1923/24 || Tredde klasse NVB || 1 ||
|-
| 1924/25 || Twadde klasse NVB || 3 ||
|-
| 1925/26 || Twadde klasse NVB || 6 ||
|-
| 1926/27 || Twadde klasse NVB || 5 ||
|-
| 1927/28 || Twadde klasse NVB || 7 ||
|-
| 1928/29 || Twadde klasse NVB || 7 ||
|-
| 1929/30 || Twadde klasse NVB || 5 ||
|-
| 1930/31 || Twadde klasse NVB || 5 ||
|-
| 1931/32 || Twadde klasse NVB || 2 ||
|-
| 1932/33 || Twadde klasse NVB || 2 ||
|-
| 1933/34 || Twadde klasse NVB || 2 ||
|-
| 1934/35 || Twadde klasse NVB || 3 ||
|-
| 1935/36 || Twadde klasse NVB || 1 ||
|-
| 1936/37 || Twadde klasse NVB || 1 ||
|-
| 1937/38 || Earste Klasse Noard || 9 ||
|-
 
|}
| width=50% align=left valign=top |
{| class="wikitable"
|-
! Jier !! Divyzje !! Posysje !! Nasjonaal
|-
| 1938/39 || Earste Klasse Noard || 3 ||
|-
| 1939/40 || Earste Klasse Noard || 5 ||
|-
| 1940/41 || Earste Klasse Noard || 5 ||
|-
| 1941/42 || Earste Klasse Noard || 1 || 5
|-
| 1942/43 || Earste Klasse Noard || 1 || 5
|-
| 1943/44 || Earste Klasse Noard || 1 || 4
|-
| 1944/45 || (Gjin kompetysje) || ||
|-
| 1945/46 || Earste Klasse Noard || 1 || 3
|-
| 1946/47 || Earste Klasse Noard || 1 || 2
|-
| 1947/48 || Earste Klasse Noard || 1 || 2
|-
| 1948/49 || Earste Klasse Noard || 1 || 4
|-
| 1949/50 || Earste Klasse Noard || 1 || 5
|-
| 1950/51 || Earste Klasse A || 1 || 5
|-
| 1951/52 || Earste Klasse A || 5 ||
|-
| 1952/53 || Earste Klasse B || 3 ||
|-
| 1953/54 || Earste Klasse B || 11 ||
|-
|}
|}
 
====Profesjoniel fuotbal====
Yn de Earedivyzje is it heechste plak dat de klup behelle hat it twadde plak. Dat barde yn it seizoen 1999/2000. Mei dat twadde plak waard Champions League-fuotbal helle.
 
Ek yn de Earste divyzje is it twadde plak it heechst behelle resultaat. Hjir is dat twa kear bard, yn 1981 en yn 1993. Yn 1993 late dat ta de twadde promoasje fan SK It Hearrenfean nei de Earedivyzje. De earste promoasje wie yn 1990. It Fean waard doe 16e yn de kompetysje, mar omdat der in perioadetitel helle wie koe de klup yn de neikompetysje útkomme, dy waard úteinlik wûn wêrtroch der promovearre waard.
 
Yn 1970 waard It Hearrenfean kampioen yn de [[Twadde divyzje (fuotbal)|Twadde Divyzje]]. Oant no ta is dat it ienichste kampioenskip dat SK It Hearrenfean wûn hat yn it betelle fuotbal.
 
Yn de tabellen hjirûnder steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean tusken [[1955]], it earste seizoen fan it proffuotbal yn Nederlân en 1970, it jier dat de klup kampioen waard en definityf promovearre nei de Earste Divyzje.
 
{| width=70%
| width=50% align=left valign=top |
{| class="wikitable"
|-
! Jier !! Divyzje !! Posysje
|-
| 1954/55 || Earste Divyzje B || 11
|-
| 1955/56 || Earste Divyzje A || 13
|-
| 1956/57 || Twadde Divyzje B || 8
|-
| 1957/58 || Twadde Divyzje B || 10
|-
| 1958/59 || Twadde Divyzje B || 9
|-
| 1959/60 || Twadde Divyzje B || 3
|-
| 1960/61 || Earste Divyzje B || 7
|-
| 1961/62 || Earste Divyzje B || 11
|-
 
|}
| width=50% align=left valign=top |
{| class="wikitable"
|-
! Jier !! Divyzje !! Posysje
|-
| 1962/63 || Twadde Divyzje A || 12
|-
| 1963/64 || Twadde Divyzje A || 4
|-
| 1964/65 || Twadde Divyzje A || 9
|-
| 1965/66 || Twadde Divyzje A || 9
|-
| 1966/67 || Twadde Divyzje || 19
|-
| 1967/68 || Twadde Divyzje || 15
|-
| 1968/69 || Twadde Divyzje || 9
|-
| 1969/70 || Twadde Divyzje || 1
|-
|}
|}
 
Yn ûndersteand printsje steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean sûnt 1971 <small>''(De play-offs binne net meirekkene yn dit printsje. It giet dus om de stân nei 34 wedstriden.)''</small>.
 
{{Panorama|Prestaasjes SK It Hearrenfean manlju 2010.png|750px|}}
 
=== Beker ===
It Hearrenfean hat trije kear yn de finale fan de [[KNFB-beker]] stien. De earste kear barde dat as Earstedivyzjeklup, yn [[1993]]. Sûnt dat jier hat der nea wer in Earstedivyzjeklup yn de finale fan de beker stien. De finale waard mei 6-2 fan AFC Ajax ferlern.
 
De twadde finale wie fjouwer jier letter, yn 1997. Ek dizze finale waard ferlern, no tsjin Roda JC, mei 4-2.
 
De tredde finale wûn It Hearrenfean fan FK Twinte nei strafskoppen mei 5-4 (einstân 2-2). De beslissende strafskop waard nommen troch Gerald Sibon. Earder al setten Goran Popov (27) en Bonaventure Kalou (112) in doelpunt.
 
Neist de trije kear dat It Hearrenfean de finale berikte, hat de klup ek noch trije kear de heale finale helle. Dat barde yn [[1995]], [[1998]] en [[2001]].
 
=== Yn Jeropa ===
SK It Hearrenfean spile foar it earst fuotbal yn Jeropeesk ferbân yn 1995, yn de Yntertoto Kup, in kompetysje wêrfoar klups harren ynskriuwe koenen at se meidwaan woenen. Yn totaal hat de klup seis kear oan dit toernoai meidien, wêryn yn it ferline in plak yn in oar Jeropeeske fuotbalkompetysje fertsjinne wurde koe. Yn de seis kear is de klup dêr nea yn slagge. Op it stuit bestiet dit toernoai net mear.
 
De earste kear dat It Hearrenfean oan in wier Jeropeesk toernoai meidied wie yn it seizoen 1998/1999, yn de net mear besteande [[Jeropa Kup II (fuotbal)|Jeropa Kup II]]. Dat jier einige it Jeropeeske fuotbal foar It Hearrenfean yn de twadde omgong.
 
Yn it seizoen 2000/2001 folge ien fan de hichtepunten út de skiednis fan de Feansters, dat jier waard der yn de Champions League spile, it heechste Jeropeeske klupfuotbaltoernoai. Tsjinstanners wienen Falencia, Olympique Lyon en Olympiakos Piraeus. In súkses op sportyf gebiet wie it net, der waard mar ien kear wûn en ien kear lykspile.
 
Sûnt it seizoen 2004/2005 hat It Hearrenfean alle jierren Jeropeesk fuotbal helle. Fan 2004 oant 2008 waard der spile yn de UEFA Kup, dy't tsjintwurdich werneamd is nei [[Europa League]]. De Europa League is ek de kompetysje dêr't SK It Hearrenfean yn it seizoen 2009/2010 warber is.
 
Op de koëffysjintelist fan de UEFA, in list dêr't de skores fan de klups yn it Jeropeeske fuotbal op byhâlden wurde, stiet It Hearrenfean 59e.<ref>[http://www.xs4all.nl/~kassiesa/bert/uefa/data/method4/trank2009.html UEFA Team Ranking 2009], Bert Kassies (sjoen op 8 desimber 2009)</ref>
 
===Earelist===
;KNFB-beker: Winner - 2009.
;Earedivyzje: Twadde - 2000.
;Neikompetysje: Winner - 1990, 1993.
;Earste Divyzje: *Twadde - 1981, 1993.
;Twadde Divyzje: Winner - 1970.
;Earste klasse, distrikt V (Noard; it Noardlik kampioenskip): Winner - 1942, 1943, 1944, 1946, 1947, 1948, 1949, 1950, 1951
 
== Rekords ==
<small>''Foar in grutter oersjoch fan rekords en statistiken sjogge jo op [[List fan rekords en statistiken fan SK It Hearrenfean]]''</small>
===Oer alles===
: - Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Heracles Almelo 9-0; Earedivyzje (7 oktober 2007)
: - Romste útoerwinning: Ton Pentre AFC - SK It Hearrenfean 0-7; Yntertoto (2 july 1995)
: - Grutste dûbele uitslach: Helsingborg IF - SK It Hearrenfean 8-6 (3-5 en 5-1); UEFA Kup 1e Omgong (2007)
: - Measte doelpunten yn ien seizoen: 88 doelpunten, 2007/08
 
===Earedivyzje===
: - Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Heracles Almelo 9-0 (7 oktober 2007)
: - Romste útoerwinning: Willem II - SK It Hearrenfean 1-6 (23 febrewaris 2001)
 
===Champions League===
: - Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Olympiakos Piraeus 1-0 (17 oktober 2000)
: - Romste útoerwinning: gjin
: - Heechste lykspul: Valencia CF - SK It Hearrenfean 1-1 (7 novimber 2000)
: - Grutste dûbele útslach: sc Heerenveen - Valencia CF en SK It Hearrenfean - Olympiakos Piraeus 1-2 (2000)
 
===Europakup II===
: - Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - KS Amica Wronki 3-1 (17 septimber 1998)
: - Romste útoerwinning: KS Amica Wronki - SK It Hearrenfean 0-1 (1 oktober 1998)
: - Grutste dûbele útslach: SK It Hearrenfean - KS Amica Wronki 4-1 (1998)
 
===UEFA Kup===
: - Romste thúsoerwinning: sc Heerenveen - Maccabi Petach Tikwa 5-0 (30 septimber 2004) en SK It Hearrenfean - FC Baník Ostrava 5-0 (29 septimber 2005)
: - Romste útoerwinning: Vitória Setúbal - SK It Hearrenfean 0-3 (14 septimber 2006)
: - Grutste dûbele útslach: Helsingsborg IF - SK It Hearrenfean 8-6 (2007)
 
===Yntertoto Kup===
: - Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Aalborg BK 8-2 (19 july 1997)
: - Romste útoerwinning: Ton Pentre AFC - SK It Hearrenfean 0-7 (2 july 1995)
: - Grutste dûbele útslach: : FHK Liepajas Metalurgs - SK It Hearrenfean 4-8 (2001)
 
==Akkommodaasje==
Yn it begjin, nei de stifting fan de klup, waarden de westriden fan Athleta, sa't de klup doe noch hjitte, spile by de [[Thialf]]-baan, op de hoek fan de Fan Maasdykstrjitte en de Rôzenstrjitte. Hjir waard in stikje lân hierd dêr't de wedstriden op spile waarden. Al fjouwer jier letter, yn [[1924]], moast der in nije akkommodaasje socht wurde, omdat de klup nei de tredde klas fan de NFB promovearre wie, wêrtroch hegere easken stelt waarden oan de fjilden. It nije fjild lei oan de Ljouwerterstrjitwei, efter it âlde tolhûske dêr.
 
[[Ofbyld:Abe Lenstrastadion.jpg|thumb|left|Sûnt 1994 spilet SK It Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion.]]
 
Yn [[1928]] ferhúze de klup wer, diskear nei de lettere J.H. Kruisstrjitte. Der kamen klaaiboksen en sels in houtentribune te stean dy't goed fjirtich jier stean bleaune. Yn de rin fan de jierren is der in protte ferboud oan it stadion, dat de namme [[Sportpark Noard]] hie; dat begûn al yn [[1937]]. Yn de tiid fan de njoggen kampioenskippen op 'e rige wie it stadion fierstente lyts. Mei heabalen waarden mei de wedstriden tribunes boud, wêrtroch der wol 20.000 minsken yn it stadion koenen.
 
Begjin jierren njoggentich foldie Sportpark Noard net mear oan de easken dy't de klup stelde. De ambysjes wienen grut en it stadion te lyts. Sadwaande waard der besletten om in nij stadion, oan de eastkante fan de [[Rykswei 32]] te bouwen. Dit stadion, it [[Abe Lenstra Stadion]], koe yn it begjin oan goed 14.000 minsken pleats biede, mar dat wie al gau net mear genôch. Nei tal fan ferbouwings waard it stadion úteinlik útwreide nei sa'n 26.000 sitplakken. Tsjintwurdich makket it stadion diel út fan [[Sportstêd It Hearrenfean]].
 
De treningsfjilden fan SK It Hearrenfean lizze sûnt [[1996]] oan de oare kant fan de Rykswei 32. Mei de amateurs fan Fuotbalferiening It Hearrenfean hat de sportklup hjir [[Sportpark Skoatterwâld]] yn gebrûk. Dit kompleks hat tsien fuotbalfjilden en by it haadfjild stiet in tribune dêr't 500 minsken op sitte kinne.
 
==Skaaimerk en klaaiïng==
[[Ofbyld:GonzaloGarciaGarcia1.jpg|thumb|right|It shirt fan SK It Hearrenfean yn 2007, hjir mei Gonzalo Garcia Garcia.]]
 
===Skaaimerk===
It skaaimerk fan SK It Hearrenfean bestiet út in [[Fryske flagge]] yn de foarm fan in t-sjirt. Fan links nei rjochts stiet yn in blauwe baan ''sc Heerenveen'' te lêzen.
 
===Klean===
It tenu fan SK It Hearrenfean bestiet út in shirt yn de kleuren fan de Fryske flagge. Yn omheechgeande banen fan blau en wyt steane de [[pompeblêd]]en. Fjirders wurdt der spile yn in wite broek en swarte sokken.
 
De kleuren fan it úttenu ferskille fan jier ta jier. Sa hat yn it ferline de kleur fan dit tenu ek wol blau west. Yn it seizoen [[2008]]/[[2009]] bestiet it tenu foar útwedstriden út in folslein read tenu.
 
==Oanhing==
[[Ofbyld:Supporters fan SK It Hearrenfean by de útwedstrid tsjin Wolfsburg.jpg|thumb|left|250px|Oanhing fan SK It Hearrenfean by de útwedstrid tsjin it [[Dútslân|Dútske]] Wolfsburg op [[6 novimber]] [[2008]].]]
 
It Hearrenfean hat har oanhing sûnt de begjin fan de jierren ’80 mear dan ferdûbele. Dat hat alles te krijen mei it belied en de prestaasjes fan de klup, mar ek mei it (fer)bouwen fan it nije Abe Lenstra Stadion. Dêr’t der yn it seizoen 1987/1988 trochstring noch mar 3.278 minsken nei de wedstriden fan de klup kamen, woeks dat tal hurd. Yn it earste jier dat de klup yn de Earedivyzje spile, 1990/1991, kamen der trochstrings 8.888 minsken nei de westriden, ek nei de degradaasje fan dat jier bleau it besikerstal op like hichte stekken. Mei de bou fan it nije Abe Lenstra Stadion koe de klup mear supporters yn harren stadion berchje: yn it jier 1994/1995 lei it taskôgerstal trochstrings op 12.682.<ref>Voetbal International Seizoengids 2009/2010. ISSN 00427977</ref> It ‘nije’ Abe Lenstra Stadion wie alwer gau te lyts en troch de jierren hinne hawwe der ferskate ferbouwings oan it stadion west om mear romte te jaan oan de oanhing. Yn 2004 waard begûn mei de grutte ferbouwing yn it ramt fan [[Sportstêd It Hearrenfean]]. Yn stappen waard it stadion útwreide, en alle wedstriden siite der no sa’n 26.000 minsken.
 
Yn it ferline is der ûndersyk dien nei it merkegebiet fan de fuotbalklups yn Nederlân. Ut dizze ûndersiken komt nei foaren dat SK It Hearrenfean har oanhing troch hast heul Fryslân sitten hat.<ref>{{aut|DeJonghe, Trudo; Hoof, Sjef van}} (2006) [http://users.telenet.be/trudo.dejonghe/pdf/overslapendereuzen2006.pdf Over slapende reuzen en wakkere dwergen – De geografie fan het Nederlandse betaalde voetbal] (sjoen op 10 desimber 2009)</ref> Oare boarnen fermelde ek de [[Noardeastpolder]], [[Stienwikerlân]], [[Westerveld]], [[Meppel]] en [[De Wolden]] as gemeenten dêr't mear as de helte fan de minsken dy’t nei betelle fuotbalwedstriden geane by SK It Hearrenfean komme.<ref>{{aut|Noordhoff Atlasproducties}} (2009). ''De Bosatlas van Fryslân'' - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 202.</ref>
 
===Supportersferienings===
SK It Hearrenfean hat twa offisjele supportersferienings, de [[Feanfan Supportersklup]], stifte yn [[1981]] en [[Nij Noard]] (Nieuw Noord), dat stifte waard yn [[2001]].
 
Sûnt it seizoen 2005/2006 beskikket Nij Noard oer in eigen sfearfak oan de noardkante fan it stadion, dêr’t 1.000 minsken yn kinne. De supportersferiening Feanfan hat ek in eigen fak, dat oan de súdkante fan it stadion is. Tegearre mei [[Aksje ‘67]] publisearret de feriening it supportersblêd Feanfan, dat ferspraat wurdt yn in oplage fan 5.500 eksimplaren.
 
Foar de jongerein binne de [[Junior Heroes]] en de [[Feanatics]] troch de klup stifte.
 
==Listen==
===Topskutters===
Yn dizze list steane alle topskutters sûnt 1990. It giet hjir allinnich om de doelpunten dy't makke binne yn de kompetysje.
 
{{Kolommen2
|Kolom1=
*1990/1991 {{Flagge NL}} [[Maarten de Jong]] (6)
*1991/1992 {{Flagge RO}} [[Rodion Camataru]] (16), {{Flagge NL}} [[Michel Roelofsen]] (16)
*1992/1993 {{Flagge NL}} [[Erik Tammer]] (22)
*1993/1994 {{Flagge NL}} [[Erik Tammer]] (10)
*1994/1995 {{Flagge NL}} [[Erik Regtop]] (10)
*1995/1996 {{Flagge DK}} [[Jon Dahl Tomasson]] (14)
*1996/1997 {{Flagge DK}} [[Jon Dahl Tomasson]] (18)
*1997/1998 {{Flagge NL}} [[Ruud van Nistelrooy]] (13)
*1998/1999 {{Flagge RS}} [[Radoslav Samardzic]] (12)
*1999/2000 {{Flagge NL}} [[Anthony Lurling]] (18)
*2000/2001 {{Flagge NL}} [[Anthony Lurling]] (12)
*2001/2002 {{Flagge SE}} [[Marcus Allbäck]] (15)
|Kolom2=
*2002/2003 {{Flagge NL}} [[Romano Denneboom]] (10)
*2003/2004 {{Flagge NL}} [[Gerald Sibon]] (15)
*2004/2005 {{Flagge NL}} [[Klaas Jan Huntelaar]] (17)
*2005/2006 {{Flagge NL}} [[Klaas Jan Huntelaar]] (17)
*2006/2007 {{Flagge BR}} [[Afonso Alves]] (34)
*2007/2008 {{Flagge US}} [[Michael Bradley]] (15)
*2008/2009 {{Flagge HR}} [[Danijel Pranjic]] (16)
*2009/2010 {{Flagge NL}} [[Gerald Sibon]] (11)
*2010/2011 {{Flagge NL}} [[Bas Dost]] (13)
*2011/2012 {{Flagge NL}} [[Bas Dost]] (32)
*2012/2013 {{Flagge IS}} [[Alfred Finnbogasson]] (24)
}}
 
===Treners===
[[Ofbyld:Ron-Jans.jpg|thumb|right|150px|Ron Jans is op it stuit trener fan SK It Hearrenfean.]]
 
It Hearrenfean hat yn harren skiednis 34 treners hân. Hjirûnder in list fan dizze treners:
 
{{Kolommen3
|Kolom1=
*[[1932]]- {{Flagge GB}} [[Sid Castle]]
*[[1933]]-[[1934]] {{Flagge AT}} [[Otto Pinter]]
*[[1934]]- {{Flagge NL}} [[Dirk Steenbergen]]
*[[1934]]-[[1936]] {{Flagge NL}} [[Theo Eikenaar]]
*[[1936]]-[[1938]] {{Flagge GB}} [[Sid Castle]]
*[[1938]]-[[1939]] {{Flagge NL}} [[Piet Smit]]
*[[1939]]-[[1945]] {{Flagge NL}} [[Anton Dalhuysen]]
*[[1945]]- {{Flagge NL}} [[Otto Bonsema]]
*[[1946]]-[[1947]] {{Flagge NL}} [[Abe Lenstra]]
*[[1947]]-[[1951]] {{Flagge NL}} [[Piet van der Munnik]]
*[[1951]]-[[1955]] {{Flagge GB}} [[Bob Kelly]]
*[[1955]]-[[1958]] {{Flagge NL}} [[Volgert Ris]]
*[[1958]]-[[1961]] {{Flagge NL}} [[Siem Plooyer]]
*[[1961]]-[[1963]] {{Flagge NL}} [[Arie de Vroet]]
*[[1963]]-[[1965]] {{Flagge NL}} [[Evert Mur]]
*[[1965]]-[[1966]] {{Flagge HU}} [[Laszlo Zalai]]
*[[1966]]-[[1967]] {{Flagge NL}} [[Ron Groenewoud]]
*[[1967]]-[[1969]] {{Flagge NL}} [[Evert Teunissen]]
|Kolom2=
*[[1969]]-[[1971]] {{Flagge NL}} [[Bas Paauwe]]
*[[1971]]-[[1973]] {{Flagge NL}} [[Meg de Jongh]]
*[[1973]]-[[1977]] {{Flagge HU}} [[Laszlo Zalai]]
*[[1978]]-[[1979]] {{Flagge NL}} [[Jan Teunissen]]
*[[1979]]-[[1985]] {{Flagge NL}} [[Henk van Brussel]]
*[[1985]]-[[1988]] {{Flagge NL}} [[Foppe de Haan]]
*[[1988]]-[[1989]] {{Flagge NL}} [[Ted Immers]]
*[[1989]]-[[1990]] {{Flagge NL}} [[Ab Gritter]]
*[[1990]]-[[1992]] {{Flagge DE}} [[Fritz Korbach]]
*[[1992]]-[[2004]] {{Flagge NL}} [[Foppe de Haan]]
*[[2004]]-[[2008]] {{Flagge NL}} [[Gertjan Verbeek]]
*[[2008]]-[[2009]] {{Flagge NO}} [[Trond Sollied]]
*[[2009]]-[[2010]] {{Flagge NL}} [[Jan de Jonge]]
*[[2010]] {{Flagge NL}} [[Jan Everse]] (waarnimmend trener)
*[[2010]]- [[2012]] {{Flagge NL}} [[Ron Jans]]
*[[2012]] - no {{Flagge NL}} [[Marco van Basten]]
}}
 
===Foarsitters===
{{Kolommen2
|Kolom1=
'''Foarsitters fan foar de splitsing tusken amateurs en profs:'''
*[[1920]]- {{Flagge NL}} [[Anne Wisman]]
*[[1920]]-[[1922]] {{Flagge NL}} [[Douwe van Dijk]]
*[[1922]]-[[1924]] {{Flagge NL}} [[Tjibbe de Jong]]
*[[1924]]-[[1927]] {{Flagge NL}} [[Aart Kuyt]]
*[[1927]]-[[1933]] {{Flagge NL}} [[Gooitzen Noppert]]
*[[1933]]-[[1934]] {{Flagge NL}} [[Kees Winkel]]
*[[1934]]-[[1937]] {{Flagge NL}} [[Anton Swillens]]
*[[1937]]-[[1938]] {{Flagge NL}} [[Kees Winkel]]
*[[1938]]-[[1940]] {{Flagge NL}} [[Paul Bruinsma]]
*[[1940]]-[[1947]] {{Flagge NL}} [[Hendrik Huisman]]
*[[1947]]-[[1954]] {{Flagge NL}} [[Floor Féléus]]
*[[1954]]-[[1956]] {{Flagge NL}} [[Hendrik Schut]]
*[[1956]]-[[1961]] {{Flagge NL}} [[Gerard Veldhuis]]
*[[1961]]-[[1963]] {{Flagge NL}} [[Jan Prummel]]
*[[1963]]- {{Flagge NL}} [[Jasper Boot]]
*[[1963]]-[[1966]] {{Flagge NL}} [[Gerard Veldhuis]]
*[[1966]]-[[1968]] {{Flagge NL}} [[Niek van der Laan]]
*[[1968]]- {{Flagge NL}} [[Bob Krikke]]
*[[1969]]-[[1977]] {{Flagge NL}} [[Rommert Metzlar]]
|Kolom2=
'''De foarsitters fan de profseksje fan SK It Hearrenfean:'''
*[[1978]]-[[1983]] {{Flagge NL}} [[Jan Steenhuizen]]
*[[1983]]-[[2006]] {{Flagge NL}} [[Riemer van der Velde]]
*[[2006]]-[[2007]] {{Flagge NL}} [[Koos Formsma]]
*[[2007]]-[[2010]] {{Flagge NL}} [[Yme Kuiper (direkteur)|Yme Kuiper]] (formeel tegearre mei [[Jan van Erve]] en [[Henk Hoekstra]])
*[[2010]]-[[2013]] {{Flagge NL}} [[Robert Veenstra]]
*[[2013]]- {{Flagge NL}} [[Gaston Sporre]] (interim)
}}
 
===Ynternasjonals===
It Hearrenfean hat sûnt harren oprjochting seis spilers oan it Nederlânske alvetal levere. Abe Lenstra wie op [[31 maart]] [[1940]] de earste fan de klup dy't yn Oranje spile; Lenstra debutearre doe tsjin [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]]. Hy is mei 47 ynterlâns ek noch hieltyd rekôrdhalder by SK It Hearrenfean. Nei Abe Lenstra hat ek Gerben Hofma yn dy tiid twa kear foar it Nederlânsk alvetal op it fjild stien. Nei Hofma en Lenstra hat it lang duorre foart der wer in spiler fan It Hearrenfean yn Oranje spile. Jeffrey Talan wie op [[10 oktober]] [[1998]] wer de earste dy't foar Oranje útkaam. Talan kaam ta 8 ynterlâns en foarmet tegearre mei Lenstra die ienige spiler fan it Fean dy't yn doelpunt foar Oranje setten hat. [[Ugur Yildirim]] hat ek as spiler fan SK It Hearrenfean in it Nederlânsk alvetal spile; dat die hy op [[9 febrewaris]] [[2005]] yn de wedstriid tsjin [[Ingelân]]. Op [[11 augustus]] [[2010]] waard [[Roy Beerens]] de fiifde spiler dy't foar SK It Hearrenfean yn Oranje spile. Beerens makke syn debút yn de útwedstriid tsjin de [[Oekraïne]]. De lêste spiler fan SK It Hearrenfean dy't oant no ta yn it Nederlânsk alvetal spile hat is [[Luciano Narsingh]]. Hy debutearre op [[30 maaie]] [[2012]]. Narsingh is de earste spiler fan it Fean dy't selektearre is foar in eintoernoai (in [[Wrâldkampioenskip fuotbal]] of [[Europeesk kampioenskip fuotbal]]).
 
Ynternasjonals fan SK It Hearrenfean (mei tusken skrapkes it tal ynterlâns yn harren Hearrenfean-tiid):<ref>[http://www.voetbalstats.nl/caps.php Voetbalstats.nl] (sjoen op 16 augustus 2010)</ref>
* Abe Lenstra (47)
* Gerben Hofma (2)
* Jeffrey Talan (8)
* Ugur Yildirim (1)
* Roy Beerens (1)
* Luciano Narsingh (1)
 
Troch de jierren hinne hawwe der ek spilers by It Hearrenfean spile dy't wol foar Oranje spile hienen, mar dizze spilers kamen net foar it Nederlânske alvetal út yn harren Hearrenfean-perioade.
 
Yn 2000 waard [[Anthony Lurling]] oprôpen foar de ynterlân tsjin [[Ierlân]] op [[2 septimber]], mar Lurling kaam net oan spyljen ta yn dy wedstriid. It hat foar him de ienichste kear west dat hy by de seleksje fan it Nederlânske alvetal wie.
 
Yn [[2008]] die it [[Nederlânske fuotbalalvetal ûnder 21]] mei oan de [[Olympyske Simmerspullen 2008|Olympyske Simmerspullen]] yn [[Peking]]. Yn de seleksje fan dizze ploech sieten trije spilers dy’t op dat stuit warber wienen foar It Hearrenfean. It gie om [[Calvin Jong-A-Pin]], [[Roy Beerens]] en [[Gerald Sibon]]. Dy leste makke ek twa doelpunten op it toernoai. De ploech waard yn de kwartfinale útskeakele troch Argentynje. Njonken dizze spilers wie ek Foppe de Haan âld-haadtrener fan It Fean derby, De Haan wie de bûnstrener fan de ploech.
 
==Klubliet==
It klupliet fan SK It Hearrenfean hjit 'Heerenveen, ús Heerenveen. Dit is de tekst:
 
''Kearsang:''
:Aan de kant ik moet naar 't stadion, Heerenveen ús Heerenveen,
:Naar 't Abe Lenstra stadion, Heerenveen ús Heerenveen.
:Pompeblêden Fryslân boppe, gooi de rest mar yn de groppe,
:Daarom roept en zingt nu iedereen, Heerenveen ús Heerenveen,
''Twadde part kearsang: (Dit wie earder it deuntsje by in doelpunt fan It Hearrenfean)''
:Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
:Ja, ze zingen met ons mee,
:Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
:Overal hoor je nu dit olé.
 
:We gaan alleen maar voor de winst,
:Dus knal 'm erin dat is er een.
:Er kan maar een de beste zijn,
:Toevallig is dat ús Heerenveen.
 
''Kearsang:''
:We hebben een doel, naar de top,
:Dus knal 'm erin dat zijn er twee.
:Als 't eindsignaal straks klinkt,
:Dan pakken we weer drie puntjes mee.
 
''Kearsang (sûnder it twadde part) oanfult mei:''
:Heerenveen ús Heerenveen, Heerenveen ús Heerenveen.
 
==Sponsers==
===Haadsponsers===
Sûnt [[1985]] hat SK It Hearrenfean in haadsponser, dy't ûnder oare op it shirt te sjen is. Yn totaal hat de klup fiif haadsponsers hân. Yn 1985 wie [[AA drink]] de earste sponser, sûnt [[2001]] is dat [[Univé]]
 
*1985 - 1988 AA drink
*1988 - 1993 [[Unibind]]
*1993 - 1999 [[Batavus]]
*1999 - 2001 Telekabel/[[UPC]]
*2001 - no: Univé
 
===Kleansponsers===
De kleansponser is de sponser dy't de klean fan de fuotbalklup fersoarget. Yn de njoggentiger jierren wie it [[Dútslân|Dútske]] [[adidas]] de kleansponser. Dit waard letter oernaam troch it eigen merk fan de klup, dat ''Abe'' hjitte. Omdat it eigen kleanmerk net genôch jild opsmiet waard [[Umbro]] de nije kleansponser. Sûnt it seizoen [[2008]]/[[2009]] is [[Jako]], foar 1,1 miljoen euro it seizoen, de kleansponser.
 
== Ferskaat ==
* SK It Hearrenfean waard yn [[1992]], [[1997]] en [[2004]] útroppen ta ''Klup fan it Jier''.
* De namme fan de klup is offisjeel ''sc Heerenveen'', 'sc' mei lytse letters.
* De begrutting fan SK It Hearrenfean is 28,5 miljoen euro (2008-2009).
* De earste foltiidsk profesjoneel fuotballer fan SK It Hearrenfean wie [[Paja Dolezar]], ek wie hy de earste bûtenlânske spiler fan de klup.
* SK It Hearrenfean hat in gearwurkingsferbân mei [[Sparta Rotterdam]] en [[Fuotbalferiening Snits]].
 
==Ferneamde (ald-)spilers, treners en bestjoerders==
* [[Foppe de Haan]], âld-trener (1985-2004)
* [[Klaas Jan Huntelaar]], âld spiler
* [[Fritz Korbach]], âld-trener
* [[Abe Lenstra]], âld-spiler en clubikoon
* [[Ruud van Nistelrooy]], âld-spiler
* [[Danijel Pranjic]], spiler
* [[Geert Arend Roorda]], spiler
* [[Jeffrey Talan]], âld-spiler
* [[Riemer van der Velde]], âld-foarsitter (1983-2006)
* [[Gertjan Verbeek]], âld-spiler en âld-trener
 
==Sjoch ek==
*[[Abe Lenstra Stadion]]
*[[List fan hjoeddeiske-spilers en âld-spilers fan SK It Hearrenfean]]
*[[Sportpark Noard]]
 
==Literatuer==
* {{Aut|[[Albert van Keimpema]]}} (septimber 1995) - ''Een pompeblêd als voetbalhart; 75 jaar Heerenveen 1920-1995''
* {{Aut|[[Wio Joustra]] en [[Yme Kuiper (heechlearaar)|Yme Kuiper]]}} (2001) - ''SC Heerenveen, spelen met traditie''
* {{Aut|[[Kees 't Hart]]}} (juny 2001) - Hard Gras; ''Het mooiste leven... - Het seizoen 2000/2001 van SC Heerenveen.'' Utjouwerij L.J. Veen.
* {{Aut|SK It Hearrenfean}} (septimber 2008) - ''SC Heerenveen in Europa - 1995/2007''
* {{Aut|Harry Walstra}} - ''Feanster Passie - 25 interviews over heden en verleden van SC Heerenveen.'' Utjouwerij Tammo , Snits
 
Oare besibbe literatuer:
* {{Aut|[[Eppie Dam]]}} (2001) - ''Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske.'' Utjouwerij Fryslân Ljouwert en Utjouwerij Eisma Ljouwert
* {{Aut|[[Johann Mast]]}} (2007) - ''Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool.'' Utjouwerij Tirion.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.sc-heerenveen.nl Webstee fan de klup]
* [http://www.abelenstrastadion.nl Webstee fan it Abe Lenstra Stadion]
* [http://www.sportstadheerenveen.nl Webstee fan Sportstêd It Hearrenfean]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
*{{Aut|Keimpema, A.}} (1995) - ''Een Pompeblêd als voetbalhart'', 75 jier It Hearrenfean 1920 - 1995. Utjouwerij Banda.
}}
 
[[Kategory:SK It Hearrenfean| ]]