Peter Ernst I fan Mansfeld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
red, flatterkes
Rigel 4:
 
== Biografy ==
Mansfeld, de tretjinde soan fan [[Ernst II fan Mansfeld-Vorderort]], wie as jongkeardel yn tsjinst fan [[keizer Karel V]] nei de Nederlannen kaam, en yn [[1535]] beselskippe er dyde ekkeizer op syn ekspedyske nei [[Tunis]], wêrnei't de keizer him yn [[1545]] taas gûverneur ganfan Lúksemboarch beneamde.
 
Yn [[1562]] sleat Mansfeld him ynearsten oan by it protest fan ûntevreden ealju tsjin it belied fan [[Filips II fan Spanje|Filips II]], mar nei it fuortgean yn [[1564]] fan de wichtige biskop fan Mechelen en polityk adviseur [[Antoine Perrenot de Granvelle|Granvelle]] luts er him skyskoarjend tebek út de opposysje en fersmier er úteinlik it [[Ferbûn fan de Eallju]]. Nei de [[Byldestoarm]] waard er sels ie fan de wichtichste riejouwers fan lânfâdesse [[Margareta fan Parma]] en ûnderskiede er him troch syn berettens.
<br /> Under it skrikbewâld fan [[Fernando Álvarez de Toledo|Alva]] wie er lykwols it fermoedsoenjen it neist er rekke dêrtroch in bytsje op de eftergrûn. Yn 1575 naam lânfâd [[Luis de Zúñiga y Requesens|Requesens]] him op yn de Ried fan Steate. Hy waard lykwols fertocht fan sympaty foar de opstannelingen en waard [[4 septimber]] [[1576]] mei noch oare Riedsleden fêstset oant maart [[1577]].<br>
Dêrnei die er aktyf mei oan de kriichsdieden fan Don Juan en [[Aleksander Farnese]]. Doe't Farnese him 1590 tarette op de kampanje nei nei Frankryk, fertroude hy Mansfeld it feitlik bestjoer ''ad interim'' ta. Nei de dea fan Farnese (desimber 1592) waard Mansfeld sels lânfâd en blea er yn tsjinst oant de komst fan aartshartoch [[Ernst fan Eastenryk (1553-1595)|Ernst fan Eastenryk]] (1594). Yn[[1595]] gie er út de polityk en sette him nei wenjen op syn bûtenpleats yn Lúksemboarch dêr't er yn 1604 ek ferstoar.
 
Mansfeld liet yn de Lúksemboarchske foarstêd [[Clausen]], yn de delling fan de [[Alzette]], in prachtich paleis mei park oanlizze, "La Fontaine", dêr't sa'n fjirtich jier oan boud waard. Der is no noch mar in bytsje fan oer.