Tearns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2796992
L red
Rigel 10:
}}
 
'''Tearns''' ([[Nederlânsk]]: ''Teerns'') is in doarp yn de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]], súd fan debesuden [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] yn de bocht fan it [[Van Harinxmakanaal]]. It doarp hat 16 ynwenners (2005). Hempens-Teerns is mei 226 ynwenners de lytste wenkearn yn it bûtengebiet fan de gemeente Ljouwert. De namme jout oan dat it earder om twa tige lytse selsstannige tsjerkedoarpen gie, dy't yn [[1603]] gearfoege waarden. Neist de bebouwing om de tsjerke en brêge (Nauwe Greuns) wennet de befolking ferspraat op pleatsen en yn inkele losse huzen. Tusken it Van Harinxmakanaal en Himpens-Tearns hat de gemeente de wyk: [[Suderbuorren]] boud. Hoewol't Himpens-Tearns tsjin Suderbuorren oanleit, hat it dúdlik in eigen, doarpsk karakter. De suburbanisaasjeweach is foar it meastepart oan it doarp foarby gien.
 
Yn [[1603]] waarden Tearns en [[Himpens]] kombinearre. Mei inoar hawwe se ûngefear 226 ynwenners.
Troch de bou fan de wyk [[Suderbuorren]] binne de beide doarpen foar in part omsletten troch Ljouwert.
Súdwest fan de doarpen lizze de [[Tearnser Wielen]]. In marmarke dat ûntstien is troch it ôfgraven fan bougrûn foar Suderbuorren.
 
== Skiednis ==
De namme fan de brêge oer de Nauwe Greuns yn Himpens iswie ‘Oxena''Oxena brids’brid''’, âld[[Ald-Frysk]] foar 'oksebrêge'. Der is al yn de Midsieuwen sprake fan in ‘Oxena brids’ yn de [[himrik]] fan Himpens. Eartiids waarden de kij hjir oer de Nauwe Greuns setten.
In yn it Ald Frysk stelde oarkunde van 21 july 1463 makket melding fan dizze brêge dy't grif wat eastliker lein hat as de hjoeddeiske brêge.
 
== Mienskip ==
De Feriening foar Doarpsbelang Himpens-Tearns bestiet al sûnt [[1917]] en hat sûnt [[25 novimber]] [[1989]] har gearkomsten yn doarpshûs De Bining. De ferieningen fan Doarpsbelang Himpens- Tearns en kuorbalferiening Wêz-Fluch, krigen it klear, om de besteande kantine fan de kuorbalferiening, te ferbouwen ta in doarpshûs. It doarpsblêd hjit 'Brêgenijs'. It doarp wol de [[Okse]] tenei mear brûke as symboal. De oksehoarns stiene earder al ôfbylde op de doarpsflagge fan Himpens. De brêge oer de [[Nauwe Greuns]] hjit ‘Oxena brids’, âld-Frysk foar oksebrêge. Eartiids waarden de kij hjir oer de Nauwe Greuns setten.
 
=== Ferienings ===
* Wêz Fluch - kuorbal